27 febrewaris 2023
Rely Jorritsmapriisfraach 2023 iepensteld
LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 69ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s.
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns hat de organisaasje opdroegen oan de stifting Frysk
Jannewaris 2020
Ynstjoere foar Rink van der Veldepriis 2020 kin noch oant ein jannewaris
Yn 2020 sille de gemeente Smellingerlân en de Stifting FLMD wer in Rink van der Veldepriis takenne foar oarspronklik en nij Frysk proaza, – in roman, ferhalebondel of novelle – , dat literêre kwaliteit kombinearret mei in tagonklike skriuwstyl, wêrtroch (nei ridlike ferwachting) it boek oantreklik is foar in yn de Fryske ferhâldings breed publyk. It jildt foar útjeften, ferskynd tusken 1 jannewaris 2018 en 1 jannewaris 2020. Ín skriuwer kin de priis mar ien kear winne.
Oan útjouwers of skriuwers dy’t gading meitsje wolle, wurdt frege fjouwer eksimplaren fan de útjefte(n) te stjoeren oan Tresoar, Boterhoek 1, 8911 Ljouwert resp. Postbus 2637, 8901 AC Ljouwert, y.h.f. Lysbert Bonnema, ûnder fermelding fan Stifting FLMD/RvdV-priis. De sjuery bestiet út Koos Tiemersma, skriuwer en earste winner fan de priis; Nynke Andringa, biblioteekmanager Súd-Fryslân en Joukje Aardema, foarhinne bibliotekaris Bibliotheek voor Zeevarenden te Rotterdam.
23 july 2019
Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2019
LJOUWERT – Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea. De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne…’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ fan Remco Kuiper (Goutum).
Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 5 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.
21 juni – 2019
Utrikking D.A. Tammingapriis 2019
It moaiste proazadebút sûnt 2014 wie neffens de sjuery (Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet): “De Koma-korrektor” fan Baukje Zijlstra.
Út it sjuery-rapport: “Knap is it hoe’t de skriuwster it gauris swiere ûnderwerp fan it Ynje-ferline fan de heit tagonklik makket foar de lêzer. Knap ek hoe’t se it barren yn Yndonesië spegelet mei de reorganisaasje by de krante dêr’t de dochter wurket: de heit hat in befel wegere en hat letter nee sein tsjin rehabilitaasje, de dochter blykt ek in stânfestige kant te hawwen en hat de kop yn de wyn smiten.”
De priis waard útrikt op 21 juny yn Tresoar, yn in feestlik en sfearfol barren. Inez Timmer makke in soarchfâldige seleksje fan in tal lieten, wêrûnder de Fryske oersetting (fan Eppie Dam) fan ‘Lili Marleen’. Tseard Nauta soarge foar de begelieding.
Yn har tankwurd gie Baukje ûnder mear yn op de krityske opmerkingen fan guon minsken oer har taalgebrûk: “Der wienen aardich wat minsken by de lêzers dy’t bliid wienen mei it linige, lêsbere Frysk, dêr’t se har eigen taal en útdrukkingen yn herkenne koenen. Faak minsken dy’t yn gjin skoften mear in Frysk boek lêzen hienen.”
FLMD-foarsitter Willem Verf hie it yn syn iepeningswurdsje oer it belang fan de literatuer foar it oerlibjen fan it Frysk as kultuertaal. “Sil in minderheidstaal as it Frysk respekt ôftwinge en takomst hawwe, dan moat der in libben literêr klimaat wêze, en dus wurdearring foar minsken dy’t Frysk skriuwer wêze wolle.”
Nei de feestlike en ûntspannen útrikkingsseremoany wie der noch gelegenheid foar felisitaasjes, neipraat en ûnderling kontakt foar de sântich oanwêzigen. En dêr waard rejaal gebrûk fan makke, ta befoardering fan de oangename kant fan it literêr klimaat!
(klik hjir foar it folsleine sjuerapport)
(klik hjir foar it tankwurd fan Baukje Zijlstra)
1 juny 2019
D. A. Tammingapriis foar Baukje Zijlstra
LJOUWERT – Baukje Zijlstra (1967) fan Frjentsjer kriget de D. A. Tammingapriis foar har romandebút ‘De koma-korrektor’. De priis, in jildbedrach fan 3000 euro en in oarkonde, sil har op 21 juny útrikt wurde yn Tresoar.
It is de twadde kear dat de Tammingapriis foar in proazadebút takend wurdt. Yn 2014 wûn Ale S. van Zandbergen de priis foar de roman ‘Littenser Merke’. Yn 2016 gong de priis nei in poëzydebút, ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar.
De sjuery, besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet, keas ‘De koma-korrektor’ út alve proazadebuten dy’t tusken 2014 en 2019 ferskynd binne.
Yn de roman ‘De koma-korrektor’ komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..) It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’
De D. A. Tammingapriis, neamd nei de skriuwer en taalkundige Douwe Annes Tamminga (1909-2002) en bestuivere út it fûns fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), is yn it plak kommen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis, dy’t yn 2012 foar de lêste kear útrikt waard.
14 febrewaris 2019
D.A. Tammingapriis 2019
It bestjoer fan de Stifting FLMD, behearder fan it Tamminga-Piebenga Fûns, kent dit jier wer in D.A. Tammingapriis ta, diskear foar proazadebuten. It is de twadde kear, yn 2014 waard de earste proazadebutepriis útrikt oan Ale S. van Zandbergen foar syn roman Littenser Merke.
Proazadebuten – romans of ferhalebondels – dy’t ferskynd binne tusken 1 jannewaris 2014 en 1 jannewaris 2019 komme foar de priis – €3000 grut – yn oanmerking. In sjuery besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet beoardielet de rispinge.
Utjouwers of skriuwers dy’t yn boppeneamd tiidrek in debút útbrocht hawwe en gading meitsje wolle, wurdt frege fjouwer eksimplaren te stjoeren oan Stifting FLMD, p.a. Tresoar, y.h.f. Lysbert Bonnema, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert, of postbus 2637 8901 AC Ljouwert.
Wy hoopje de priis op freed 21 juny 2019 útrikke te kinnen.
26 july 2018
Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2018
LJOUWERT – Trije ferhalen en twa gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘In bysûndere moeting’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert), ‘It weagjen fan de see’ fan Lomme Schokker (Hillegom) en ‘De ereksje fan in oar’ fan Koos Tiemersma (Drachten). De winnende gedichten binne ‘Kintsugi foar in diggelbast’ fan Paul van Dijk (Warkum) en ‘Sa as di wynd fan dae vlkenum waait’ fan Edwin de Groot (Aldehaske). Foar de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 63 ynstjoeringen ynkommen, te witten 36 gedichten en 27 ferhalen. It wie de earste kear dat de priisfraach ûnder auspysjes stie fan de gemeente Ljouwert, dy’t it bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns oerkrigen hat fan de op 1 jannewaris 2018 opdoekte gemeente Littenseradiel. De sjuery bestie diskear út Tryntsje van der Steege, Karen Bies en Douwe Kootstra. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 6 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.
30 juny 2018
D.A. Tammingapriis foar Geart Tigchelaar
Geart Tigchelaar (Dokkum, 1987) krige op 30 juny yn Tresoar de D.A. Tammingapriis 2017, dy’t him takend wie foar syn poëzydebút leech hert yn nij jek. It is de twadde kear dat de Stifting Frysk Letterkundich en Dokumintaasjesintrum (FLMD) de priis útrikt. De priis, ynsteld nei’t de provinsje yn 2012 de Fedde Schurerpriis ôfskaft hat, is om bar ornearre foar in proaza- en poëzydebút.
Sjueryrapport, klik hier