Sjueryrapport D.A. Tammingapriis

Sjueryrapport D.A. Tammingapriis 2022

Oanrin
Yn in literatuer dy’t wat foarstelt heart in debútpriis te wêzen. De oanwaaks fan nij talint en de wurdearring dêrfoar is ien fan de kaaifaktoaren om de libbenskrêft fan de literêre tradysje yn stân te hâlden. Mei it nei foaren kommen fan nij talint komme yn de literatuer – mei men oannimme – ek nije eigentiidske tema’s oan de oarder, en nije perspektiven op âldere tema’s. Yn dy geast spriek kultuerdeputearre Jaap Mulder by de útrikking fan de earste Fryske debútpriis op 25 oktober 1984. Dat wie de Fedde Schurerpriis, de priis dy’t de Provinsje Fryslân dat jier ynsteld hie, dy’t om de trije jier takend waard en dêr’t alle sjenres tagelyk yn meidiene. Dat hat tritich jier sa west.
Mar doe woe de Provinsje fan de Fedde Schurerpriis ôf. Elske Kampen krige de priis yn oktober 2012 as lêste útrikt yn in memorabele byienkomst yn Tresoar. Wa wit it noch? Elmar Kuiper gie yn it himd op ’e stoel stean en allegear skriuwers riisden oerein en begûnen troch inoar út eigen wurk foar te lêzen. Eeltsje Hettinga joech de ynliste oarkonde foar syn Fedde Schurerpriis út 1999 werom oan de ferstuivere deputearre Jannewietske de Vries. Se liet it objekt oan de ein fan de gearkomste stean, in moaie nije oanwinst foar de kolleksje fan Tresoar. It protest helle neat út. Gelokkich stapte de Stifting FLMD, ien fan de trije ‘eigeners’ fan Tresoar – yn geef Ingelsk ‘stakeholders’ – yn it gat. Foar de Fedde Schurerpriis kaam de D.A. Tammingapriis yn it plak.

Priis yn 2022
Sa kaam de Fryske debútpriis yn hannen fan in partikuliere stifting dy’t alles sels regelje kin en gjin ferantwurding ôf hoecht te lizzen, oan gjinien. In wichtige feroaring neffens de Fedde Schurerpriis is dat de priis om en om takend wurdt foar poëzij en proaza en dat it tiidrek dat beflapt wurdt minder presys fêstleit. Geart Tigchelaar krige de priis yn 2017, doe gie it om poëzij út it tiidrek 2012 oant 1 april 2017. Dizze kear giet it om poëzij dy’t dêrnei ferskynd is oan 1 desimber 2021 ta, yn totaal tolve bondels. Taheakke 1 jout in oersjoch fan titels, jier fan ferskinen en útjouwer. Geart Tigchelaar wurke mei oan de produksje fan de bondel Fjoerdûnsers fan Jetze de Vries dy’t yn desimber ferline jier útkaam. Dêrom hat it bestjoer besletten dy bondel troch te skowen nei de folgjende omgong fan de D.A. Tammingapriis foar poëzij.

Wurkwize
It bestjoer hat ús alle trije ûnôfhinklik fan inoar frege foar de sjuery. Wy hawwe dat earfol fersyk graach oannommen. Yn totaal hawwe wy trije kear byinoar west. Yn ús earste byienkomst hawwe wy ús wurkwize bepraat en besocht ôf te beakenjen wat wy ûnder ‘goede poëzij’ fersteane.
Yn de beide oare gearkomsten hawwe wy yn yngeand oerlis de te bekroanen bondel fêststeld. Tuskentroch hat der ek noch in Zoom-gearkomste west en binne der ek noch wol wat e-mails en appkes hinne en wer gien fansels!

Goede poëzij
Poëzij is foar ús goede poëzij as dy jin as lêzer op ien of oare wize rekket, it lit jin net ûnferskillich. Dat ‘reitsjen’ is in kontenerbegryp, it kin spylje op allerhanne nivo’s – yntellektueel, emosjoneel, estetysk en miskien ek pragmatysk.
As men jin ôffreget wat makket dat in gedicht jin rekket kin men sjen nei de tekstopbou, de taalhantearring en de ynhâld en dan de folgjende fragen as kritearium brûke.
1 Is der in gearhing yn de tekst, yn de bondel as gehiel? Fersterket dat de ynhâld? Is de titel fan de bondel tapaslik keazen?
2 Wurdt de taal suggestyf brûkt, wurdt de taal ‘bybûgd’ op in eigen wize, wurdt der mei taal boarte, wurdt der tusken de rigels mear ynhâld suggerearre – of is de tekst allinne beskriuwend, ‘der stiet wat der stiet’, ek al is it moai poëtysk ferpakt?
3 Oertsjûget de byldspraak, wurkje muzyk en ritme goed út, wurdt der gebrûk makke fan irony, sarkasme, ferrassingseffekten, ûntregeljen fan de lêzer?
4 Wurdt de rykdom fan it Frysk brûkt en hantearret de dichter goed Frysk?
5 Komme de ynhâld en taalhantearring ferrassend, nij en orizjineel oer of is it allegear klisjeemjittich en neffens bewende paden?
6 Is de tekst poëtikaal, kiest de dichter in posysje yn de tradysje, wurdt der reagearre op oare literêre teksten?
7 Hoe is de fersoarging fan de bondel? Is der in goede einredaksje (dat is te sizzen, is de dichter behoede tsjin taalflaters of flaters tsjin de kontekst)?

De tolve debuten, in balâns
Wy hawwe ús yn ’e tarieding mei in protte wille ferdjippe yn de tolve bondels en wy fiele foar elke debutant sympaty. Al dy debutanten binne troch in hiel proses gien om har earste bondele wurk oan de wrâld ta te betrouwen. En dy is dêr net minder fan wurden! Dat soene je ‘it wûnder fan de Fryske literatuer’ neame kinne: tsjin alle systeemdruk yn binne der altyd wer nije minsken, jongere en âldere, dy’t harsels uterje wolle yn it Frysk en har ferhâlde wolle mei wat de tradysje har oanrikt. By de measten giet dat lêste ymplisyt, it bleate bestean fan de Fryske literatuer jout har in struktuer om by oan te heakjen, se hoege net by nul te begjinnen. It kin ek eksplisiter: Sjoukje Veenstra ferwiist nei Rink van der Velde en syn skriuwersarke en Line Hut hellet in rigel fan Elske Kampen oan as motto. Janna van der Meer, Joël Hut en Erik Betten reagearje ek bewust op wat de tradysje har oanrikt. Hoe dan ek, alle tolve binne de debutanten elk op syn of har eigen wize dichter.
In ferskaat oan tematiken kaam ús foarby, bewende en mear aktuele: ferlies, de perikels fan leafdesrelaasjes, lânskipsgeniet en lânskipspine, nostalgy, sykje om jins plak yn de wrâld, de dagen mei in psygoaze.
Wy hawwe hiel wat ôfgoogle. Alle faktermen, plaknammen, bûtenlânske dichters, stjerrebylden en alle oare rykdom fan de wrâld dy’t men foarhinne sa gau net teplak binge koe, wurde tsjintwurdich foar jin ferklearre yn it firtuele universum om jin hinne. Dat hat it lêsproses wol feroare neffens earder.
Even wat sifermjittige karakteristiken: It oantal debuten oer it tiidrek dat wy besjoen hawwe past yn de trend fan de jierren dêrfoar, nammentlik 2 à 3 jiers. De ferdieling oer de leeftiid fan de debutanten is breed en rint fan Line Hut mei 20 jier as jongste oant Fries om utens Geert Koenen fan 77 as âldste. De meast foarkommende leeftiid leit tusken de 50 en 60 jier, 5 fan de 12. De man-frouferhâlding is 7/5, ek dêryn wykt it byld net sterk ôf fan it eardere patroan. Foar wa’t der mear oer witte wol, taheakke 2 jout in oersjoch fan alle poëzijdebuten sûnt 1993, earst allinne dy mei literêr karakter, fan 2008 ôf alle debuten, mei de leeftiid fan de debutant derby.
In oar ûnderskied is tusken útjeften by in fêstige útjouwerij en útjeften yn eigen behear. By ús tolve bondels binne trije yn eigen behear útjûn. Joël Hut syn debút ferskynde by ‘de súdjouwerij’ dêr’t wy net fan neigien hawwe oft it in registrearre of in selsferklearre bedriuw is.
In útjouwer moat der noed fan stean dat in dichtbondel kreas fersoarge en yn goed Frysk ferskynt. Dêr kin er eare mei ynlizze. Wannear’t it om debutanten giet is de needsaak om de taal fan it manuskript goed te redigearjen namste sterker. Nei ús befinen is dat faak goed dien mar net by alle bondels, ek net by de priiswinnende.
Spesjaal omtinken wolle wy hjir noch jaan oan de beide debútbondels fan de jongste dichters, Joël Hut en Line Hut. De bondels hawwe itselde formaat en deselde opmaakstyl. De opdracht foaryn jildt beide kearen de oare dichter fan de twa. Dêr komt noch by dat Joël Hut him yn syn earste gedicht, ‘hjirby’, ferklearret as ‘frynd fan’ en dat er ek Line har achternamme oannimt. In dúdlik dichterlik span, alsa.

De seleksje
Foar it sjuerywurk praten wy ôf dat elk fan ús los fan de oaren de trije bêste bondels útsykje soe. Doe’t wy byinoar kamen wie ús earste fêststelling dat gjinien fan ús trijen in bondel oanwize koe dy’t derút kipe as in absolute winner. Alle bondels hawwe nei ús betinken sûnder útsûndering har kwaliteiten en har minder sterke kanten. Dêrnei sochten wy de bondels út dy’t net yn de beneaming komme koene foar de priis. Om bar neamde ien in titel op foar de list fan ôffallers. Oer de earste fiif titels wiene wy ienriedich. Dêrnei bliek der ferskil fan ynsjoch te wêzen en waarden de plus- en minpunten tsjin inoar ôfwoegen. Yn taheakke 3 stiet fan alle tolve bondels in profyl. Wy hawwe dêr oanjûn wat ús yn de bondel oansprekt en ek wat wy der minder goed oan fine. De tolve bondels wurde opneamd yn alfabetyske folchoarder fan de titel.
Oan de ein fan ús seleksjeproses hiene wy noch trije bondels oer, Börtersgrut fan Joël Hut, Famke fan snie fan Paul van Dijk en Unlân fan Gerrit de Vries. Börtersgrut foel ôf omdat wy nettsjinsteande it nijsgjirrich karakter fan de bondel net oertsjûge wiene fan de poëtyske kwaliteit en de wearde fan it solistysk taalgebrûk. Yn de úteinlike ôfwaging tusken Famke fan snie en Unlân hawwe wy keazen foar it byldzjende en komplekse karakter fan de earste boppe it streekrjocht deryn batsen fan de lêste. Yn taheakke 3 falt dêr mear oer te lêzen.  

Famke fan snie hat ien sintraal tema, it ferlies fan in lyts, tear famke, it ‘famke fan snie’. De bondel is opset as in symfony yn trije parten en rint fan mineur nei majeur. Dat allegearre jout dit debút in hechte struktuer. It is gjin kleisang wurden mar in treffende en emoasje-oproppende ferbylding fan wat de dichter en syn frou meimeitsje nei it fatale momint fan ‘it ynstoarten fan de nacht’. De ferdôving, de benearing, it net witte wollen, de bylden fan dy nacht dy’t weromkomme, it libben fan oaren dat samar trochgiet, de wiffe foarútgong. Yn it twadde part fan de bondel komt der mear lucht, de helte fan de fersen giet oer allerhanne oare ûnderwerpen, de byldtaal wurdt mearkeseftich, fantasyryk en komplekser. Echo’s fan oare keunstners klinke troch – skilders, skriuwers en komponisten. It tredde part fan de bondel stiet yn it teken fan in nij begjin, nije perspektiven en ek in nij jong libben. De dichter wit yn orizjinele en fantasyrike bylden syn lêzers mei te nimmen op syn paad fan inerlike groei dat er daliks yn it earste fers útset: ‘ik bin ûnderweis/ en mei it geduld fan âlde beammen/ langje ik nei it ûntweitsjen/ fan wurden’. De fersen hâlde, hjir mear, dêr minder, wat fan in mystearje en liene har foar mear as ien kear lêzen.

As ôfsluting in ynkringend fers út de bondel om in priuwke te jaan fan wat dizze dichter yn ’e marse hat.

Yn it skaad
in swiete bôlelucht driuwt de buorren oer
siket in wei, ferdwynt, it liket der op
dat de bakkers trochgien binne mei bakken

gjin krante skriuwt oer it ynstoarten
fan de nacht, fan de wale oer ús hûs hinne
fan de doar deastil yn ’t slot

dit binne minne tiden
it omslaan fan it waar
in slop ekskús om de stilte te oerrazen

yn it skaad wachtet de sliep
en do, myn leave skat
sikest myn hân

kjel wurd ik wekker fan ’e telefoan
in wyldfrjemde frou bellet
oer in ‘blije doos’

ik lis út dat ik net mear bin
wa’t ik sis dat ik bin
dat ik mei har ferdwûn bin


Teake Oppewal (foarsitter), Janneke Spoelstra, Geart Tigchelaar

Ljouwert, 29 april 2022

Profyl fan de tolve bondels

Börtersgrut
Joël Hut (1995) debutearre yn 2013 yn Ensafh ûnder de namme Joël Huitema. It earste fers fan Börtersgrut set yn mei de koarte ferklearring-yn-poëzij ‘hjirby’: ‘dat ik as man/ júst bekend wurd/ as de frynd fan/ as joël hut’. Yn de oantekening achteryn ferwiist er nei earder wurk ûnder syn ‘jonkjesnamme’ Joël Huitema. Mei dat gedicht en de grappige fynst ‘jonkjesnamme’ giet de dichter yn tsjin de genderregels fan it patriargaat. Boartsje mei genderidentiteit is in opfallend tema fan dit debút. Yn ‘feroars’ (32), dat in nijfoarming fan ‘trans’ liket te wêzen, wurdt boarte mei it ‘beeld fan in frou’ en it ‘beeld fan in fent’ en ek mei it ‘beeld fan ferkeard’. Yn it fers ‘ûntknoping’ (17) wurdt subtyl in lhbti+-identiteit bleatlein: ‘hij hellet it paars fan my ou / de ûntknoping fan myn blau / myn rôs ducht er los’. Op in oar plak: ‘ik he för elk soart löcht wol eech,/ dit blau in rôze kleur’ (29) – yn it lêste sit tagelyk in wurdboarterij omdat ‘blau’ yn Hut syn taal ek ‘bleau’ betsjut.
De dichter boartet ek mei klassike motiven. Ien fan de moaiste fersen út de bondel is it leafdesfers ‘ezelshart’ (20) dat op eigentiidske wize de myte ferwurket fan kening Midas mei de ezelsearen en de reiden dy’t it nijs trochflústerje. ‘Pygmalion’ (15) is allyksa in subtyl leafdesfers dat troch de titel assosjearret oan learaar en learling. ‘Gedicht 2’ is in frijmoedige bewurking (der stiet ‘fertaling’) fan ‘Carmen ii’ fan Catullus, dat Sybe Sybesma yn 1987 ek al oersette. Yn essinsje lit dizze oersetting in oare kant fan it boartsjen sjen: ‘de sinnen oer wat trystichs wat fersette’ (9).
Boartsje mei identiteit komt ek nei foaren yn it feit dat Hut skriuwt yn in sels oanrette taal, in mjuks fan it Súdhoekskfrysk fan Sint Nyk, hollanismen út de sprektaal en de standert skriuwtaal (ynklusyf de stomme r). Op de lêzer hat dy sels-oanrette skriuwtaal in ferfrjemdzjend effekt. Dat is wol wat fergelykber mei it lêzen fan it nuveraardige boekje Toate-los troch de skriuwer Tryns-Ryms út 1998, skreaun yn in soarte fan Pidginfrysk. De oerienkomst giet noch fierder, want Joël Hut struit rynsk mei net-grammatikale sinnen en dat die de skriuwer fan Toate-los ek. Foar ien fan ús is dy kompakte styl in stroffelstien, sitaat: ‘op in pear útsjitters nei fyn ik de gedichten net sterk, net genôch útiten, net genôch groeid/ripe’. Hut syn taalgebrûk hat in priis, sa’t er beseft yn ‘o umlaut’ (13): ‘myn frys is/ sa lestich,/ ginien ken it leare’. Dat wurdt daliks boartsjendewei relativearre, want fierderop yn itselde fers blykt dat in iverige learling wis wol it ö-lûd sizze kin – dy markante fonologyske identiteitsflagge fan it Súdhoekskfrysk.
In bysûnder soarte fan boartsjen mei taal is de typografyske poëzij sa’t benammen Reinder van der Leest dy fjirtich, fyftich jier lyn makke. Krekt troch de bekendens fan Van der Leest syn wurk makket Hut sines gjin orizjinele yndruk. Wol orizjineel is it ôfslutende boartlike fers ‘Gebrük fånne wetter cocker’ (40). Hut ferbynt dêr it Súdhoekskfryske sjibbolet-wurd ‘wetterkokker’ op in drûch-komike manier mei útwrydske diakrityske tekens út allerhanne oare talen, as woe er sizze: apartichheden hawwe je oeral.
De titel Börtersgrut is tapaslik keazen. Dy ropt soks op as ‘boartersguod foar grutte minsken’ mar hy suggerearret ek ‘de boarters binne grut wurden’ – it eroatyske spul is der by kommen. De bondel is opboud út trije skiften fan 8 fersen, ‘spul wat der is’, ‘spul wat der spile’ en ‘spul wat der spile is’. Dy oardering wurdt net helder op grûn fan de ynhâld en hat sa wat makliks.
Alles byinoar binne wy ferdield yn ús oardiel oer Börtersgrut. Guon fan ús wurdearje it spul mei de taal en Hut syn taaleigensinnigens as in markant part fan syn literêre styl en kleur – ‘dat alles is Fryslân’, om mei Postma te sprekken. Tagelyk ropt de brûkte taal wjerstân op dy’t foar guon fan ús de sizzenskrêft fan Hut syn poëzij ûnderstek docht. Dêr komt by dat it net allinne om Súdhoekskfryske dialektfarianten giet mar ek om hollanismen lykas ‘frynd’ foar ‘freon’, ‘beneden’ foar ‘ûnder’, ‘sich’ foar ‘him/har’, ‘hun’ foar ‘har’, ‘tot’ foar ‘oant’ ensfh… Falle dy hollanismen noch ûnder it dialekt of binne se gewoan min Frysk? Wy hechtsje as sjuery ienriedich oan it brûken fan geef Frysk. By de measte bondels dy’t wy hifke hawwe dogge de dichters dat. Wol Joël Hut mei syn partikuliere skriuwtaal it statement meitsje dat it gongbere skreaune Frysk him net ‘eigen’ genôch is? Makket sa’n yndividuele, eigen taal dyselde taal dan net tagelyk ‘ûneigen’ foar lêzers dy’t in oar Frysk dialekt prate? Fielt Hut him as Súdhoekskfryskprater sa tekoartdien troch de skiednis dat er dy no rjochtsette wol? Is de Fryske skriuwtaal fan hjoed, dy’t in lange ûntsteansskiednis hat, dan net it kollektyf besit fan alle Friezen dat har mei-inoar ferbynt oer de dialektferskillen hinne, oft je no Wâldfrysk of Klaaifrysk, Dongeradielsters of Súdhoeksk prate? Sjogge wy yn Joël Hut syn taalkar in utering fan de bredere maatskiplike spanning tusken it belang fan yndividuele identiteit en de wearde fan kollektive ôfspraken? Of giet it yn Börtersgrut om in artistyk talint mei in grutte driuw ta selsekspresje dat him neat oanlûkt fan syn lêzerspublyk? Al dy fragen meitsje Börtersgrut ta in nijsgjirrige bondel mar nei ús oardiel net ta de priiswinnende.

Brutsen en oare stikken
Sander Hoekstra (1964) is in tige warber man. Sa warber, dat er earst de skouderbonke brekke moast en twa moannen ferplichte stilsitte – doe koe er net oars as dichtsje oer wat him dwaande hâldt. Hy skriuwt gedichten dy’t hast allegear opboud binne út strofen fan fjouwer rigels, faak mei rym abab. Syn gedichten jouwe sa tige de yndruk fan tradisjoneel rymwurk. De tematyk is keazen út it perspektyf fan in man op leeftiid en dizze bondel kin licht trochgean foar de manlike tsjinhinger fan dy fan Sjoukje Veenstra. De dichter is benammen in ferteller. Hy wol oantinkens, anekdoates, mieningen, dreamen en (swart)-romantyske gefoelens oan de lêzer kwyt. Syn taalgebrûk bliuwt by beskriuwen, sûnder fertichtsjen, klisjees giet er net út ’e wei. Soms is der mear ferbylding, lykas yn it fers ‘V8’: ‘Man en masine wurde ien’, wat er letter trochset troch te sizzen dat ‘njoggen mannen fersopen’ binne. Opmerklik is ek in fers assosjatyf opboud út songtitels fan Creedence Clearwater Revival (10).
Hoekstra syn taalgebrûk is geef, wat grif ek mei it fermidden fan syn komôf te meitsjen hat. Heit Klaas Hoekstra wie oersetter. Dy komt in pear kear yn de bondel foar, ûnder oare as opfieder yn it slagge fers ‘De Smoker’ (14). In ferwizing nei de titel fan ’e debútbondel fan broer Eric is grif de rigel ‘hielendal yn ’e besnijing fan ’e floeibere bân’ (24).
Brutsen en oare stikken is tige krekt redigearre en by elk fers hat Skelte Braaksma in tekening makke.

Famke fan snie
Paul van Dijk (1981) is begûn mei dichtsjen nei it ferlies fan syn famke. Ut eksterne boarnen komt de lêzer te witten dat it om in fierstente ier berne berntsje giet en dat de bondel oan har opdroegen is (LC 16 maart 2018). It ferwurkjen fan dat ferlies is it haadtema fan Famke fan snie. Dat wurdt ek suggerearre yn de fersrigels fan Rilke dy’t as motto oan de bondel meijûn binne. Se beneame it sykjen om de hân fan ien dy’t as ‘Wissender im Wehe’ de dichter út it tsjuster lûke kin en treast jaan. Dat rikken fan de hân komt in pear kear werom yn de tekst: ‘yn it skaad wachtet de sliep/ en do, myn leave skat/ sikest myn hân’ (13) en ‘do pakst myn hân/ en we dûnsje op alles wat oan flarden leit’ (50).
De bondel is opset as in muzykstik yn trije parten. De skiften hawwe nammen fan toansettingen as titel. Se tsjutte in line oan fan mineur fia in tuskenbeidenfoarm nei majeur. It earste skift, ‘Dm’, begjint mei it iepenbrekken fan de dichter syn swijen, ‘… mei it geduld fan âlde beammen/ langje ik nei it ûntweitsjen/ fan wurden’ (12) mei twa kear de oprop oan de lêzer ‘nee, ûnderbrek my net’. In poëtikaal fers dat in programma foar de bondel foarmet. Dan folgje yn sân fersen ferskate kanten fan it ferlies dat de dichter en syn frou troffen hat, oantsjut as ‘it ynstoarten fan de nacht’. De moaiste binne ‘Yn it skaad’ (13) oer de ûnderfining dat de wrâld trochgiet en him neat oanlûkt fan jins fertriet en it titelfers ‘Famke fan snie’ (18). Snie dy’t samar raant is dêr it byld fan koart bestean en tagelyk is de snie ek it kleed fan de dea dat oer alles leit wat oan har tinke lit.

Skift twa, ‘G7’, toant de lêzer in ferskaat oan ûnderwerpen. Ungefear de helte ferwize mear of minder dúdlik nei it grutte tema fan it ferlies fan it berntsje, bygelyks ‘ik wol gjin sliepkeamers/ mei ferdôve dreamen’ (23) en it doalhôf as byld fan fertwiveling (34). Muzyk spilet yn dit skift in wichtige rol. Yn ‘Oer muzyk’ wurdt de muzyk sels personifiearre, ‘sy dy’t der altyd al wie/ sûnder har bist neat’ (26), in markante parallel mei sa’t Elske Kampen dichtet oer de taal. Mei ‘Etude yn de rein’ (27) wûn Van Dijk yn 2016 in Rely Jorritsmapriis. Yn de nochal stevige slotrigels ‘oant de lêste noat as in dikke drip/ fersûpt yn in allesferswolgjende puozze’ ferbyldet it fers mooglik de heftige emoasje dy’t muzyk oproppe kin. En is dy puozze miskien in soarte fan ‘pool of tears’?
Net alle fersen yn dit skift ferwize nei it sintrale tema. Dat jout de bondel lucht. Hoe tragysk en hoe heftich it fertriet ek is, der barre ek noch oare dingen. It jout de dichter faaks de nedige ôflieding. Opmerklik binne ek de motiven ‘masker’ en ‘kostúm’ dy’t yn in oantal fersen foarkomme lykas ‘Moaiskyn’ (16) en it riedselige ‘Hoe’t ik in sirkus waard’ (32) mei de opmerklike oanwêzigens fan James Ensor, de skilder fan maskers en tagelyk ek in muzykmakker. Guon fersen yn dit skift dogge in yngeand berop op it assosjaasjefermogen fan de lêzer omdat de dichter mearkeseftige bylden brûkt dy’t net altyd te folgjen binne. In kearnfers is it lêste, ‘It útbrekken’, in gedicht yn wûnderlânsfear oer it ‘elysium’ fan de fiksje dêr’t – mei in wurd ûntliend oan Margaret Atwood – ‘in the end, we’ll all become stories’. Is de man dy’t yn dat mearkelân opgiet in lêzer of in skriuwer? Fynt er dêr in útflecht of miskien treast? Oan de ein ferbrekt de tsjoen en driuwt ‘tusken it wurdekroas’ in kaai om werom te kommen yn de prozayske realiteit: ‘”moai datst der wer bist”, seit syn frou/ en skinkt him in bakje kofje yn’. In ryk en bysûnder gedicht dêr’t hjir net alles oer sein wurde kin.

It tredde skift, ‘Cmaj7’, giet oer de groei út it fertriet wei. Yn it iepeningsfers ‘Beammebern’ (43) wurdt dat sa sein: ‘no komt it der op oan/ myn kostúms binne ien foar ien fuortwaaid’ en ‘wy beammen/ en ús einleas groeien/ wat ús sear docht sil bloeie/ op ’e siel in blom’. Wêr’t de dichter yn ‘Wyt blêd’ (25) noch bang wie foar wat der op it wite blêd komme soe, stiet ‘Puur linnen’ (44) fol mei de symbolyk fan in nij begjin, ynklusyf de Wite Knyn oan it begjin fan Alice yn Wûnderlân. Wyt, ûnbeskreaun, sûnder pigmint, yn in winkel fol keunstnersark, it kin net op. Meinimmend is ek ‘Needlot’ (48) dêr’t de dichter it needlot delset as in hûn dy’t him achterneirint mar by einsluten klauwen hat om him by te hâlden. Mei it ferwinnen fan it fertriet ferstommet it inerlik petear fan de dichter mei syn famke fan snie. Yn ‘Neigalm’ (51) wurdt dat treffend delset as er yn in moeting mei in riedselich âld wyfke it boadskip trochjout ‘ik bin heit wurden/ fan in jonkje, sis ik/ ja, it giet goed’. ‘Spoaren’ (52) makket de bondel rûn: hjir giet it ek om snie, no net as byld fan it fergonklik libben, mar krekt oarsom, as bewiis fan bestean: ‘it jonkje set in stap en noch ien/ en lit syn earste spoaren achter’.

Sa is Famke fan snie in prachtich komponearre bondel mei ien sintraal tema dat foar grutte gearhing soarget. Troch it werheljen fan motiven bringt de dichter noch mear ferbân en betsjutting oan. Mei orizjinele en fantasyrike bylden wit er syn lêzers mei te nimmen op it paad dat er yn it earste fers útset. Troch ferwizingen nei keunstuteringen yn muzyk, literatuer en skilderkeunst – se binne hjirboppe net yn detail opneamd – ferknopet de dichter syn wurk mei dat fan eardere keunstbruorren en -susters en bringt er wat fan har geast yn syn tekst. De fersen bliuwe op guon plakken mystearje en liene har foar mear as ien kear lêzen en útlis. Al dy dingen meitsje Famke fan snie yn ús eagen ta de bêste en dus priiswinnende debútbondel.

Gjin sprút feroare
Sjoukje Veenstra (1961) skriuwt fersen sa út it hert wei. Se meitsje in ûnbeslipe en frisse yndruk. Sy skriuwt út it perspektyf fan in frou fan yn de fyftich en jout in spegel fan har libben en har gefoelens. Oantinkens oan heit en mem, de jeugd en pubertiid, argewaasje om hoe’t oaren har hâlde en drage, de omgong mei freondinnen, lust, leafde en fertriet, de oergong, lilkens om ûnrjochtfeardichheid, freugde fan de natoer en leafde foar Fryslân. De dichter is net benaud om it hert út te wierjen en harsels yn de etalaazje te setten, wat ek sprekt út it feit dat har bondel de iennichste is fan de tolve mei de dichter grut foarop op it omslach. De brûkte taal is beskriuwend, der stiet wat der stiet. Grappich is ‘Skrale wiven’, oer froulju op dieet, dat beslút mei ‘Soene se no wol wat lekkers meie?’ (16). Yn in mear poëtysk fers as ‘Myn kâlde freon’ (58-59) sprekt de dichter de wyn ta. De personifikaasje wurket goed, bygelyks yn ‘Ik mei wol bakstiennen yn ’e bûse dwaan om/ stean te bliuwen. Om my te hoedzjen tsjin/ dyn driuwen’, mar it stjitterige ritme fan it gedicht past net sa bot by in blazende wyn. De titel fan de bondel komt út in anekdoatysk portretsje fan elektrisiteitsman ‘Klaas triedsje’ (61) dy’t ‘yn it harnas stjert’ en ‘troch de jierren gjin sprút feroare’. Dat gegeven komt fierder net as tema yn de bondel foar en sa bliuwt de titel wat los stean fan de ynhâld. De bondel is kreas foarmjûn. It taalgebrûk is spontaan neffens de sprektaal en hat moaie wurden as ‘prakketinke’ en ‘ik wurd sljocht’. De einredaksje lykwols hie wol wat skerper kind.

Haulerwyk, Myn doarp, Myn heitelân
Geert Koenen (1941) hat in migraasje-achtergrûn. Hy ferhuze as jonge fan 16 út Haulerwyk nei Rotterdam, omdat syn heit dêrhinne gien wie foar syn brea. It wie in skokkende erfaring en syn ferkearing skuorde derom út (52). Hy boude dêr in karriêre op, troude en krige bern. De oantinkens oan Haulerwyk komme op lettere leeftiid hieltyd mar wer ‘sûnder rem nei boppe’ (53). Hy beslút dy yn poëtyske foarm te sammeljen. De bondel giet yn haadsaak oer it doarp yn al syn fasetten. By elk fers stiet in foto. Rotterdam en Koenen syn letter libben komme der amper yn foar. Nostalgy is it oerhearskjende gefoel. In wrange ûndertoan hat ‘Allegear gelyk’ (69), dêr’t in Bosnië-feteraan ropt: ‘Ik diskriminearje net ien … / Ik haw in hekel oan eltsenien’. Koenen tinkt fan himsels dat er as dichter ‘mei skriuwt yn de kantline’ (7) mar hy fiert yn itselde fers immen op dy’t him mei ‘Dichter fan it Heitelân’ oansprekt, dêr’t er iroanysk op reagearret: ‘Dy man hat der wier ferstân fan’.
It poëtysk taalgebrûk yn de bondel is minimaal, it giet meast om beskriuwingen yn de foarm fan poëzy. Soms is der in treffende metafoar: ‘in hageskjirre/ knipte him/ tikjend troch de tiid’ (23). Der binne in pear moai strakke fersen by dy’t net misstean soene yn in literêr tydskrift of op ’e side fan Rixt. De bondel is sa’t men faker tsjinkomt by eigen behearútjeften net profesjoneel foarmjûn mar dat hat grif de bedoeling ek net west. De spiraalrêch tsjûget fan in ûnpretinsjeus karakter. De einredaksje fan de tekst komt wat oan krapper ein.

In spantou om ’e tiid
Marije Roorda (1948) is in lette debutant dy’t al 25 jier poëzij publisearret yn literêre tydskriften, temabondels en sa mear. Yn dat opsicht is dizze bondel hoe dan ek in spantou om de tiid. Roorda skriuwt yn ryk Frysk gedichten mei wat je yn fotografytermen in ‘soft focus’ neame soene. Der giet in mylde, ferstille, wat dizige en weromhâlden stimming fan út. Oerhearskjend yn dizze bondel binne bylden en sfeartekeningen dy’t te krijen hawwe mei see, silerij en waadeilannen. De bondel is opdield yn trije skiften. De gedichten út it middelste, ‘Stilsteand wetter’, komme it sterkst oer. Se draaie om it ferlies fan in beminde. Der is gjin opstannigens of lilkens mar in rouferwurking yn stilte, ‘lien my moedfearren om fan tichtby/ de wjukslach fan ’e stillens te hearren’ (24). Yn it prachtige ‘Winteling’ ropt de dichter bylden op fan in syltocht by Denemarken, libjend yn de faasje fan it no, sûnder ‘de lingte fan ús libben’ te fernimmen – troch de nautyske kontekst mei in rikere betsjutting. In moai fers is ek ‘Dachsistút’, dat mei knappe bylden it teloargean fan in romantyske leafde foar jin set. Nêst de fersen dy’t oer de foarbye leafdesrelaasje geane, steane in lyts tal dy’t in oertsjûgjende poëtyske sfearympresje biede oer bygelyks ljochtmoanne boppe in winterske Iselmar (38) of hurdhouten peallen yn in haven (36). Bysûnder is it fers oer it skipfeartmuseum yn Snits, ‘It Erfskip’ (16), mei de slotsin ‘Wat west hat, driuwt yn tûzenfâld nei hjoed.’
De fersen út de oare twa skiften hawwe oer it generaal lykwols minder sizzenkrêft as de boppeneamde. Dat komt ûnder oare troch personifikaasjes dy’t net oertsjûgje. Yn ‘Genegen nei de fierte’ (8) sprekt de dichter it eilân oan en yn ‘Slingerstream’ (10) liket dy slingerstream as ‘ik’ oan it wurd te wêzen. Dat yntrigearret net genôch; de slotrigels ‘En foar my seach ik myn byldestronk/ fersplintere troch dreameskyn’ jouwe de yndruk as wol de dichter it te moai opsizze, in kwalifikaasje dy’t foar mear fan dizze fersen jildt.
De titel fan de bondel komt werom by it lêste fers, in sonnet. It lit de ûnmooglikheid sjen om de tiid, persoanlik oansprutsen as ‘Tempus’, nei jins hân te setten by it âlder wurden. De personifikaasje fan de tiid drukt lykwols swier op de earste sin en jout it hiele gedicht in wat keunstmjittich karakter, as wie it optocht om de knappe metafoar ‘in spantou om ’e tiid’ hinne.
De toan fan Marije Roorda har poëzij lit jin yn de fierte tinke oan it wurk fan Baukje Wytsma. Apart is in rigel as ‘Ik brek fan fearten it glês’ (23) – klinkt dêr it wurk fan Elske Kampen mei? Sa lit dizze bondel moai sjen hoe’t yn de Fryske literatuer teksten inoars boppetoanen foarmje.

Myn binêre koade
Friduwih Riemersma (1962) skreau mei dizze bondel neffens eigen sizzen ‘zeer experimentele poëzie’ (Volkskrant, 21 sept. 2021). De bondel is opboud út titelleaze gedichten mei meast sidebrede rigels. Strofe-oergongen binne ferfongen troch alinea-ynspringingen, sadat de tekst de yndruk wekt fan blokken proaza mei frije regelfal oan de ein, in tige hybride literêre foarm alsa. Soms binne de gedichten koart, in pear rigels mar op in side, inkele bestrike mear as ien side en hawwe in ynterliny mei * as ekstra skiedings-teken tusken tekstblokken. Oant safier oer de uterlike foarm. Dreger is it om wat te sizzen oer de ynhâldlike gearhing. Op tekstnivo presintearret de dichter in rige fan bylden dy’t grammatikaal goed rinne en lange streamende sinnen foarmje mar dy’t amper fierdere gearhing toane. It taalregister dat de dichter iepenlûkt is ryk, de Fryske wurdskat wurdt goed útnutte. Mar wat wolle al dy bylden oerbringe behalve har eigen isolearre betsjutting? It is as rikt de dichter ús in blok stien oan, ‘hjir hast materiaal, meitsje der sels mar wat fan’. Of, in oare metafoar, it is as hawwe je in kast fol mei moaie transparante plestik doazen fan ûnderskaat formaat. Dêr sitte los trochinoar alle legostiennen yn opburgen fan de bern doe’t dy lyts wiene. It binne in almeugend soad, prachtich materiaal yn in kleure- en foarmerykdom dêr’t de ein fan wei is. Mar tagelyk is it kreas ferpakte disoarder. Of, in tredde fergeliking, dizze bondel lêze is as stean op in brêge oer de Maas dy’t bolderjend bûten syn iggen ûnder jin trochstreamt. Mei giseljende gong sleept it wetter allerhanne objekten mei dy’t yn ’e stream bedarren. Inkeld, hiel even, nimt it dingen mei dy’t fan ien plak lykje te kommen en is der in suggestje fan gearhing en ferbân. Lykas it gedicht oer skake mei pake (14) en ek dat op siden 50-51 mei bylden oer beppe. En dan blykt ek daliks wêr’t dizze dichter ta by steat is. ‘Se hat myn bernewein moai by it heechhout opwrot mar/ steil omdel teskoar tsjin de brêgelining noedzje dom/ straks sakket it bloed yn it holtsje fan de stakker en grypt/ de beppesizzer beet it plaatsje fan har profeet mei in/ punêze op ’t lewant.// Ik sis ta ik sil net gûle en beppe wolst nea stadich/ wâdzje ommers in biltske faam dy springt yn ’t djippe as/ in kontbom mei de earms om ’e knibbels in daverjende/ plûns: dus hja lûkt sa myn losse molketosk: en ik piisbek/ raze om gazeusespoetnik.’.
Riemersma kiest derfoar om dizze poëtyske styl te hantearjen, it is net in leppelfol scriptible sa’t de dichter op side 9 freget mar in fetfol. As wy de boppe oanhelle term ‘eksperimintele poëzij’ lêze yn de betsjutting fan ‘in eksperimint mei taal oangean en benijd wêze wat dat opsmyt’ dan is ús konklúzje: in moedich eksperimint om sa eigensinnich mei de taal om te gean, mar foar ús hie der wol wat mear lisible yn dit miel kind.

Oan dy tinke
Sipke de Schiffart (1959) presintearret de lêzer yn Oan dy tinke in ‘dichterlik ik’ dat troch ien ûnderwerp dwaande hâlden wurdt, de frou. De wize wêrop’t er dat yn poëzij jit is bytiden sublym. Dizze poëzij driuwt net op metafoaren of oar poëtysk taalgebrûk, mar op de direkt te pakken anekdoate, irony, pointe en boppe alles hyperboal, soms yn stappen opboud. Yn de Fryske literatuer wiene earder Trinus Riemersma en Bartle Laverman masters fan dit soarte sobere poëzij, sij it elk mei oare toan en tematyk. It motto fan de bondel is ûntliend oan Goethe en warskôget de lêzer: tink derom, dit is net sa mar út de loft grypt, dit is basearre op de werklikheid. De Schiffart set sa it fiksjonele ramt fan syn poëzij noch mear ûnder spanning.
Yn de bondel steane 75 gedichten mei koarte rigels, ferdield oer sân skiften, plus ien ôfslutend gedicht. As je de bondel yn ien kear fan begjin oant ein trochlêze jout dat it effekt fan in konsert yn minimal music. Alle gedichten hawwe in fergelykbere toan en stadichwei feroaret der wat, soms even wat sterker. Sa kriget it gehiel in goed trochtochte opbou. Yn de gedichten fan de earste twa skiften is de frou de dichter syn dreamkeninginne, syn leave sjaperone of it ûnderwerp fan skrinend mar swiet weromtinken. In moai foarbyld is it iepeningsfers ‘Oan dy tinke’ (11) mei de lêste strofe ‘as ik oan dy tink,/ of oan dy tocht ha,/ fiel ik my altyd/ in bytsje/ lichter/ as foardat ik oan dy tocht’. Yn ‘Eveline’ (32) giet it om in lange, ljochte hier fan freondinne Eveline op de dichter syn jas. By it sjen dêrfan is er elke tsjinslach treast – sels dat Magnus Carlsen ferliest by it skaken of de rouwe om syn ferstoarne buorman. Yn dizze earste tweintich gedichten wurdt amper tute, lit stean dat der yngeander liiflik kontakt is.
It earste fers fan skift trije, ‘Assosjaasjes’ (35), lit de lêzer by alle komike oerdriuwing ynienen in dissonant yn it foargeande patroan fiele troch de keppeling fan ‘frou’ en ‘fisklucht’. Dêrnei komt de frou nei foaren as ‘foarsisber’, ‘egoïstysk’, fêstklamperich, by in weromsjen nei tritich jier as ‘dom wiif’ en letter ek as opportunistysk. Troch de oerdriuwing en kontrastwurking hâlde de gedichten har humor en wurdt de feroaring fan toan wat ferhoalen. Mar der komt in flut jittik yn, it is net mear inkeld oanbidding en útskroevenens. Yn skift fjouwer is de tematyk fan alle trije eardere te werkennen. Ien fers kipet der wier út, ‘Life is what happens to you’ (62) – it lit op in ferrassende en orizjinele wize sjen dat in ûnwierskynlik goede prestaasje om guon redenen soms net wurdearre wurde kin, sa’t wy oan de ein fan dit stik oer Oan dy tinke ek fêststelle.
Dan, yn de skiften fiif en seis, wurdt it tiid foar de biologyske basis fan de leafde. Yn it earste gedicht ‘Angelyn’ (65) leit de oanbidden frou neaken yn beaver shot ‘klear/ foar de leafde’. Mei deselde poëtyske techniken as earder neamd komme alle fasetten fan de ‘ik’ syn leafdesbelibbing foarby: neuke (soms), ôflûke (faker), ôfsûge wurde, flibe fan de leafste opslikje, pus fan har op de tonge nimme, de leafste har poeplucht snuve, har pis trochslokke en drûge woarsten as dildo’s. As foarbyld in oanhaal út ‘Echt’: ‘as je echt fan ien hâlde,/ slikje je it gat fan je leafste skjin,/ ek al hat se weak poept,/ it is in ferslaving,/ je kinne der neat oan dwaan’ (82). In oar fers set sa yn: ‘op 4 maaie, tsjin achten,/ ûnder de Deadebetinking op de Dam,/ dan kinst dy it bêste/ ôflûke op Máxima’ (77).
It ôfslutende skift rûnet de totaalkomposysje fan Oan dy tinke moai ôf. It aktive leafdeslibben is oer, de dichter begjint oan syn libbensein te tinken. De leave famkes binne no klaaid yn ferpleechsterswyt. By einsluten hopet de dichter dat er stjert mei syn jeugdleafde foar eagen. De útsmiter (it lêste gedicht) is dat de ‘ik’ it nei alle sykjen om in famke of jonge frou opjout en krekt dan fan de goaden de leafste frou fan ’e wrâld taskikt kriget. Dan seit er grimmitich: ‘betanke jonges, mar wat earder hie ek mochten’. Oan de lêste sin ta in swarte romantikus.
By it lêzen fan dizze bondel komt men foar de fraach te stean hoe fier oft men jin meinimme lit troch de oansteklike styl fan de dichter. Guon lêzers sille de humor en it kontrast tusken ferheven en plat wurdearje. Net elk lûkt dêr deselde grins. By ús roppe in oantal fersen in gefoel fan wjersin en fan wearze op. Dy wearze liket allinne oproppen om – miskien by wize fan provokaasje – it effekt. En dat is úteinlik net wat wy sykje yn poëzij.

Palimpsest
Yn Erik Betten (1976) syn debútbondel rjochtet de dichter him mei it iepeningsfers dalik streekrjocht ta de lêzer, ‘Ad lectorem’. Hy wol, seit er, yn ‘prefesterfrysk’ syn ‘ôfstân nimme,/ orakelje fan tiid en romte en ferlet’ en tagelyk ek ‘stim jaan oan wat yn it bern/ dat ik wie, […]/ ûntstie’. Dêrmei fettet er de ynhâld en de toan fan de bondel moai gear. It prachtige gedicht ‘Earste fers’ begjint mei de opdracht ‘spesjaal foar/ Fers twa’. Dêrmei spegelet de dichter him oan Hessel Miedema. Dy skreau syn ‘Lêste fersen’ (yn 1964) ‘spesiael foar/ Fryslân/ Oerein!’, doe’t er definityf ôfskie naam fan syn Frysk dichterskip. Betten – net Frysktalich grutbrocht, mar letter wol yn de gelegenheid om him it Frysk oan te eigenjen – pakt ‘syn plicht foar it Heitelân oer’ op wêr’t Miedema dy oerjûn hie. Dat allegear omdat Abe [de Vries], redakteur en mei-oprjochter fan ynternettydskrift Fers2 en yn it gedicht mei namme neamd, seit fan ‘De Memmedichters drûgje op’. Der ûntstiet in gat yn de merk en Betten slút sa as ‘twaddehâns taalmigrant’ oan by in lange rige fan Friezen dy’t ús taal letter oanleard en dêr grutte poëzij yn skreaun hawwe, om te begjinnen by Gysbert Japicx himself.
It earste skift giet oer in bysûnder soarte fan meartaligens. Betten waard grut mei in dôve heit en in healdôve mem en sa learde er ek gebeartetaal (FD 7 oktober 2021). Foar sokken is der in aparte term, ‘coda’, Children Of Deaf Adults. Se wurde altyd achte te tolkjen tusken de lûdleaze wrâld fan har âlden en de talen fan de bûtenwrâld. De dichter jout yn ‘Fuga’ (18) dat oersetten moai wer mei ‘betûft de liende wurden sjonge yn gebearten, finzen tusken talen’. Oersette betsjut tsjinstber wêze en dat ropt oan de ein de fraach op ‘Silst oait in eigen grûntoan fine?’ It gedicht ‘Fuga’ is neffens de ûndertitel as in kleisang foar coda’s bedoeld, mar de toan is earder skôgjend as fertrietlik.
Op grûn fan de bondeltitel liket in wichtich motyf yn Palimpsest de fraach wat fan de wrâld en de foarstelling dêrfan bewarre bliuwt mei it ferrinnen fan de tiid. In palimpsest is in perkamint dat skjinskrabe wurdt om der wat nijs op te skriuwen, oer it âlde hinne: ‘Ljocht dat skimket lit/ wat wie nochris bestean,/ ferfrissele mei farske halen’ (51). Itselde tema sit yn mear fersen, lykas yn ‘Presinsje’ (37), dêr’t de dichter him ôffreget, yndachtich de hieltyd trochgeande ferfanging fan sellen yn it liif, ‘Bin ik sa/ stadichoan myn sânde, tachtichste, miljoenste sels?’
De skôgjende toan dy’t hjirboppe al neamd waard yn ‘Fuga’ is karakteristyk foar de hiele bondel. Dat jout de gedichten in ôfstanlik karakter, noch fersterke troch it brûken fan frjemde wurden of faktaal, lykas ‘ostrakon’, ‘rêverie’ of ‘damnatio historiae’. Dat type fersen moat syn kwaliteit helje út yntellektuele skerpte, humor, taalboartsjen. Betten syn poëzij lykwols is benammen beskriuwing en oertinking yn poëtyske taal mei bytiden in knappe metafoar. Yn ‘Ierdewurk’ (40) sjocht de dichter syn bestean as boetseard út klaai – gjin orizjineel byld, mar wol sterk is de ôfsluting ‘Of bist, in klaaido lyk,/ in treffer ôf fan diggeljen?’. De boppeneamde ôfstanlikens knypt namste mear wannear’t it in waarmbloedich ûnderwerp oangiet, lykas yn ‘Eva sliept’ (42). Lust wurdt dêr foar in part delset yn beredenearre en betochte taal (oanjûn yn kursyf) : ‘waard ik wyld/ ik kin it oars net neame. Feromoanysk sêd,/ en toarstich nei dyn swit, dyn skoat, dyn byld.’
Gearfetsjend: it earste skift fan de bondel foarmet troch syn nijsgjirrige tematyk, de persoanlike achtergrûn en de hege ynset in oansprekkend gehiel, yn de rest koe de dichter ús mei syn ‘orakeljen’ (sa’t er it sels neamt yn it iepeningsfers) net genôch meinimme.

Unlân
Yn Gerrit de Vries (1969) syn Unlân ûnderfynt de dichter syn bestean as libje yn it ûnlân. Dat ferwurdet er yn rauwe en rjocht-foar-de-raap fersen. De earste twa skiften hawwe as titel ‘dêr’ en ‘hjir’; it iepeningsfers ferbynt dat daliks mei ‘doe’ en ‘no’. De tsjinstelling leit alsa yn romte én yn tiid. De fersen ‘dêr’ en ‘hjir’ (9 en 21) litte in parallelle opbou sjen en lykje beide trochinoar yn Fryslân en yn de Rânestêd te spyljen. De toan hat wat grimmitichs, gjin nostalyske dreamerij oer earder, de wrâld wie hurd en de wrâld is hurd. Pake oan wa’t de dichter inkelde goede oantinkens hat is heal fergetten (10), fan beppe hat it libben in hurden-ien makke (11) en dat de leafde fan mem net rynsk wie, wol er wol útraze (26). Der binne fersen oer de skrille kontrasten dy’t de grutte wrâld sjen lit (22), it ûnkearber ferfal fan (froulike) skientme (18), in iroanysk kommentaar op de lju dy’t gjin besteansromte gunne oan flechtlingen (31) en in yllúzjeleaze fizy op ’e wrâld, ferwurde troch de skepper bluisterich te begekjen: ‘no stoer hear/ dat gegriem fan dy/ mei klaai en wetter/ en útbrutsen ribben’ (32). De dichter fertolket soms in hurd macho-perspektyf as it om froulju giet. Hy hat it oer ‘in famkesjaar’ (17) en yn it fers ‘Burkini’ (29) wol er froulju inkeld sjen as se ‘fris en fruitich’ binne, ‘âlde wiven’ hâldt er net fan. It fers ‘Sniewyt’ (23) is in knappe poëtikale apology oer de dichter syn realistyske wize fan skriuwen. Snie wurdt der foar him net witer fan as der moai yn lyryske poëzij oer skreaun wurdt. Al by al snijt de dichter yn dizze twa skiften in protte aspekten oan fan it tema ‘libje yn it ûnlân’.
Yn skift trije, ‘Thús’, folgje de fersen de bloei en de delgong fan in leafde, ‘ik haw dy leaf krigen/ mar alles watsto wiest/ is samar ferdwûn’ (45). By de fersen fan dit skift binne in oantal dêr’t ús oardielen tige útinoar rinne – wêr’t de iene de sizzingskrêft sterk en orizjineel fynt is dy foar de oare oerspand of klisjeemjittich, lykas de rigels ‘do bist myn batterijlader/ myn dialyzefilter/ myn pompstasjon’ (41) of it fers ‘Dream’ (36). Mear ienriedige wurdearring hawwe wy foar ‘Wat libbet yn my’ (50). De dichter fielt him dêr ‘in ko mei skerp yn’ en syn ‘oantinkens lûke/ de jas al oan’. It leafdesferhaal einiget mei it gedicht ‘Grêfskrift’ (51) oer de dichter syn ûnfermogen de leafste mei syn dichtsjen te berikken: ‘do heardest/ inkeld it kweakjen/ fan in koele kikkert’. It slotfers ‘Unlân’ lit moai sjen: hjir, lêzer, bin ik no bedarre. Sa falt de ferlerne leafde ek ûnder it ‘ûnlân-gefoel’.
Yn syn realistyske styl balansearret de dichter op de grins tusken sterke metafoaren en te folle eksplisitens of metafoaren dy’t net spoare. Sterke bylden binne û.o. ‘helder as in/ tichtslaande hikke’ (10), ‘[as] dyn bek as in blikskjirre/ de sulveren râne/ om myn wolken weiknipt’ (42) en ‘op in sliepstien/ sil ik myn dreamen skerpje’ (47). Yn in fers as ‘Fjild’ (14) giet de byldspraak lykwols oer de top, alle brûkte bylden werhelje inoars strekking en wurde oan de ein gearfette as ‘ree foar elk misbrûk leit it geile fjild/ der wer huorrich by// de slet’. Datselde prosedee fan trochbreidzje op ien metafoar wurdt ek tapast by ‘Film’ (37), ‘Astronomy’ (44) en ‘Flinter’ (43), mei wikseljend resultaat.
As einoardiel fine wy Unlân in rike, spannende en ûnmeilydsume bondel dêr’t de dichter syn bluisterige en eksplisite kant krekt net genôch yn de macht hat om as bêste fan de tolve debuten út de bus te kommen. De lêste strofe fan ‘Grêfskrift’ (51) liket in goed foarnimmen oan te jaan foar in ferfolch op dit sterke debút: ‘ik beitelje it fuortoan/ wol om de letters hinne/ en tusken de rigels yn’.

Wêzen
Janna van der Meer (1969) dichtet yn smelle fersen oer wat ticht om har hinne is. Se ropt in poëtysk sfearbyld op, se heint in loksmomint yn wurden, in observaasje, of se bout in fers op nei in fraach. Moai ferbyldet se lok en harmony yn ‘de terp’ (52) en ‘konfetty’ (53). Yn it earste is de terp it byld foar burgenens en feiligens, yn it twadde komt in kloft ljippen by de frou oer as konfetty, in feestlike erfaring, ynbêde yn de hanlingen fan de man: hy bellet har mei syn mobyl en ‘hy ropt heu/ syn fee rint/ de oerâlde gong’: it moderne nije en dat wat altyd al west hat mei inoar ferbûn. It gedicht ‘de fluchtelingen’ (44) kontrastearret de nij ynkommen minsken mei de âlde bewenners. Beide fiele har net burgen, wa moat wa befrije? In skrinend ferline dat mar net ferdwynt sprekt út de fersen ‘foarbij’ (43) en ‘swevers’ (26): ‘as ik yn myn tinken/ reizgje nei wat wist is/ wêr gean ik/ dan hinne’. Nêst in oantal oansprekkende fersen lykas de boppeneamde hawwe de measte fersen yn Wêzen te min sizzenskrêft en bliuwe se sûnder ympakt op de lêzer. Der sit net genôch spanning yn.
Yn it lêste sitaat hjirboppe stiet ‘wist is’ dêr’t ‘west hat’ bedoeld is. Yn har foaropwurd jout de dichter oan dat se nei tritich jier om utens weromkommen is yn Fryslân en no har thúsfiele wol yn lân en taal. Se ûnderfynt in grutte ôfstân tusken it skreaune Frysk en de taal dy’t sy meikrige yn Aldegea (swh). Se wol skriuwe sa’t se praat. Dat is in útgongspunt dat foarbygiet oan it gegeven dat de skriuwtaal no ienkear net in 1-op-1 delslach is fan hoe’t je prate, namste mear omdat yn de bondel ek wurden steane as bygelyks ‘skonken’, ‘dreamen, ‘tinzen’ en ‘sêft’ – prachtige Fryske wurden dy’t de measte Aldegeasters yn de deistige omgong grif net sa yn de mûle nimme. Mear oer dit punt is oan de oarder by it debút fan Joël Hut. De bondel is prachtich útjûn mei om de side in sfearfolle natoerfoto dy’t past by de tekst: meast winterbylden yn close-up mei markante foarmen sûnder al te folle detail.

Wurden dy’t gjin haven ha
Line Hut (2001) hat in prachtich bondeltsje skreaun dat de lêzer meinimt yn de wrâld fan minsken mei in psygoaze. Net lykas Elmar Kuiper dy’t dêr as broeder wurke en dat yn syn poëzij werklinke lit, mar as pasjint. Yn it motto splitst se har dichterlik ik ôf fan wat har yn it echt oerkommen is mei in oanhaal út it wurk fan Elske Kampen: ‘Oan ien dy’t fallen is en leit lien ik my út’. Dan folgje 22 fersen dy’t op in spontane en hast argeleaze wize har situaasje ferbyldzje – de medisinen, de kamera dy’t jin altyd sjocht, de psygoazes, dat wat je net mear witte, de begelieding. Trije fersen binne skreaun neffens teksten fan maatskippijkrityske tinkers: Rosa Luxemburg, Lenin en Andrea Dworkin. De ferhâldingen yn de maatskippij litte Hut net kâld: ‘hoe giest om mei oarstinkenden/ minsken dy’t net doge/ want at de measte minsken doge/ wêrom stimme se dan sa kut?’ (26). Sûnder patetyk skriuwt de dichter oer wat har yn de holle omtiist, ‘ik skaak eltse dei/ 3D, tsjin mysels/ yn myn eigen holle’ (24). Tinke oan in selskeazen dea wurdt ferbylde yn ‘foarwêze’ (28) dat hjir folslein oanhelle wurdt: ‘ik moat se foarwêze/ mei it plukken fan myn blêden/ ik freegje om bystân/ by it knappen fan myn stâle/ want at ik it net doch/ dan dogge sy it wol/ wurd ik útstoart oer see/ mar nee/ ik haw noch te folle/ behannelingsmooglikheden’. Yn in fraachpetear jout Hut oan dat se yn har psygoaze bang wie út in helikopter yn see smiten te wurden, as yndertiid yn Argentinië (FD 21 april 2021). Op de earste side fan de bondel stiet yn grutte letters de opdracht ‘Foar Joël Hut’ en dêrûnder (dis)credits oan in hiele list fan medisinen tsjin wanen, hallusinaasjes, eangsten en sliepeleazens. It ropt in fers fan Pier Boorsma út 1971 yn it sin, ‘Brief út in ynrjochting’ mei krekt deselde tematyk. De titel fan de bondel is tige sprekkend en op it omkaft moai typografysk werjûn.
By alle kwaliteiten dy’t de bondel hat, is de omfang tusken de oare bondels te beheind. Miskien kinne je sizze dat Line Hut har fersen krekt wat te gau bondele hat. It ‘jeugdfers’ (út 2004, Line Hut is dan 3 jier) freegje wy ús fan ôf oft dat der wol yn moatten hie. It Frysk sit inkeld noch wolris in bonkje yn lykas ‘wasklij(e)n’ (20), in wat mislearre wurdgrapke. Sa net, Line Hut presintearret har mei Wurden dy’t gjin haven ha as in rju ûnthjittend talint.

Oanfoljende opmerkingen oer de einredaksje fan guon bondels
Famke fan snie
It stiet de Afûk as útjouwer te priizgjen dat dy de kwaliteit fan dit wurk sjoen hat en de bondel útjaan woe. De útjouwer hie de tekstredaksje lykwols yngeander en miskien ek kritysker útfiere kind.

In spantou om ’e tiid
De bondel is mei soarch foarmjûn en goed redigearre. In opmerklik puntsje dat men tsjintwurdich by hiel wat Fryskskriuwers tsjinkomt: de oanstriid om by alle haadwurden ‘har’ as besitlik foarnamwurd te brûken. Twa kear is by in it-wurd praat fan ‘har dit-en-dat’, wylst sa’n wurd yn de skriuwtradysje no ienkear mei ‘syn’ giet (18,24).

Myn binêre koade
De bondel is fersoarge útjûn yn in basic styl. Op guon plakken kin de redaksje noch wat skerper.

Oan dy tinke
Oer de útfiering: neat oars as treflikens.

Palimpsest
De foarmjouwing fan de bondel is prachtich, wat de redaksje oangiet fûnen wy mar inkele bonkjes, lykas de konstruksje ‘boartsje sjen’ yn plak fan ‘boartsjen sjen’ (56).

Unlân
De bondel is hast flaterfrij besoarge en goed redigearre, op in pear punten nei. Sa is it ferskil tusken ‘boerd’ en ‘board’ dertroch slûpt (11). In nuver fersin sit yn it fers ‘Dêr’ (9). De dichter hat wol wat mei stjerrekunde, sa’t ûnder oare blykt út it fers ‘Astronomy’ (44). Yn ‘Dêr’ neamt er de ‘Plejaden’, de sân stjerren út it stjerrebyld Bolle (yn moai Hollânsk it ‘Zevengesternte’). It kin de master misse, út de kontekst docht bliken dat er de ‘Perseïden’ bedoelt.

PDF Sjueryrapport 2022

Sjueryrapport D.A.Tammingapriis 2019

Nei it stopsetten troch de provinsje fan de Fedde Schurerpriis yn 2013, hat de Stifting FLMD it inisjatyf nommen ta in nije debútpriis foar Frysk literêr wurk: de D.A.Tammingapriis. De priis is neamd nei de dichter/skriuwer Douwe Annes Tamminga en wurdt yn prinsipe alle jierren takend foar debuten dy’t yn de twa foarôfgeande jierren ferskynd binne, om bar foar proaza en poëzy.

Yn 2014 waard er foar it earst útrikt. De priis gong doe nei Ale van Zandbergen, foar syn roman Littenser Merke. Yn 2016 is de priis net útrikt, om’t it tal proazadebuten te lyts wie en dat betsjut dat de D.A. Tammingapriis 2019 ornearre is foar de debuten fan 2014 oant en mei 2018.

Uteinlik moast de sjuery acht boeken lêze en beoardiele: seis romans en twa ferhalebondels. Uteinlik, want der wienen mear skriuwers dy’t in debútroman of debútbondel skreaun hawwe yn it tiidrek dêr’t de priis foar bedoeld is, mar harren boeken binne net ynstjoerd. Guon net, omdat de skriuwers fan dy boeken ûnderwilens ferstoarn wienen, guon oare net omdat de auteurs der sels foar keazen ha har wurk net yn te stjoeren. By de romans wienen ferskate sjenres fertsjintwurdige: misdiedromans, histoaryske romans of hjoeddeistige romans mei histoaryske eleminten, psychologyske romans, ensfh. De twa ferhalebondels binne net sa maklik yn ien sjenre ûnder tebringen.

De kwaliteit fan de romans en ferhalen wie meastentiids hiel behoarlik, hoewol net altyd like literêr. Dêrby falt te tinken oan saken as ynhâldlike djipgong en orizjinele foarmjouwing (û.o. styl en struktuer). Ek de karaktertekening spilet dêryn mei: gjin ‘typkes’ bygelyks mar echte personaazjes, en net al te fêste rolpatroanen.

Dit binne de boeken dy’t de sjuery beoardiele hat: In soarte fan bûgjen fan Geert Nauta, ferskynd by útjouwerij Elikser, De triennen fan Cheetah fan Anne Feddema, Skeind ferline fan Douwe de Graaf en De komakorrektor fan Baukje Zijlstra, alle trije útjûn by de Afûk, Brief út it ferline fan Nelly Jongsma-de Jong, It testamint fan Tonnema fan Gooitzen Monsma, Skuld fan Jikke Olivier en Drift fan Jan Minno Rozendal, alle fjouwer útjeften fan de KFFB.

In soarte fan bûgjen en De triennen fan Cheetah binne ferhalebondels, beide mei in absurdistyske ynslach. By Anne Feddema giet it om koarte en hiel koarte ferhalen, Geert Nauta is wat langer fan stof. Anne Feddema hâldt in heech tempo oan, jachtet fan it iene nei it oare en slacht geduerich op ‘e trommel. Geert Nauta docht it wat rêstiger oan, syn toan is ynbanniger, hy stiet noch wolris stil by de dingen, der is romte foar kontemplaasje. Ynherint oan ditsoarte ferhalen is dat de lêzer de tried wolris kwytrekket of sitten bliuwt mei de fraach wêr’t de skriuwer no eins op út is.

Douwe de Graaf syn roman, Skeind ferline, ferskynde krektlyk as de ferhalebondel fan Anne Feddema by de Afûk, mar in grutter kontrast as tusken dy twa is amper te betinken. Dêr’t Anne Feddema de fleur der ynhâldt, dêr swimt Skeind ferline yn in see fan fertriet, sûnder ek mar in spatsje comic relief. Skeind ferline: it soe ek de titel wêze kinne fan it priiswinnende boek, De Koma-korrektor fan Baukje Zijlstra. Ek yn dat ferhaal is it útgongspunt in ‘skeind ferline’ dat noch jierrenlang trochwurket. Mar dêroer aanst mear.

De restearjende fjouwer boeken komme allegear út de stâl fan de KFFB, de Kristlik Fryske Folksbiblioteek. Skreaun foar in breed publyk dat in meinimmend en oansprekkend ferhaal lêze wol. Dêr binne de skriuwers prima yn slagge.

Alhiel per ûngelok rekket de haadfiguer yn Brief út it ferline belutsen by kriminele drugsakkefysjes. Dêrby kriget se help fan in aardige jonge plysjeynspekteur en jo riede it al: der bloeit wat moais op tusken dy twa.

Yn de roman Skuld giet it om relaasjeproblemen. Dêrby wurdt geregeld de skuldfraach steld. Oan ‘e ein fan it boek liket it allegear min ofte mear goed te kommen al binne net alle fragen folslein beäntwurde. Sa hat de lêzer ek noch wat om oer nei te tinken.

Spylje dizze beide boeken har ôf yn in eigentiidske setting, mei It testamint fan Tonnema dûke we yn de sechstiger jierren, al hat it ferhaal noch mear de sfear fan de jierren fyftich. In waarm ferhaal oer in leave jonge, in brave Hindrik dy’t wolris in lyts foutsje makket en dêr dan ôfgryslik oer ynsit.

Noch fierder fan hûs binne we, wat de tiid oanbelanget, yn de sosjaal-realistyske roman Drift, dy’t him ôfspilet oan it begjin fan de foarige iuw. Dêrtroch docht it boek wat datearre oan, hoewol’t it tema, earmoede en ûngelikense kânsen, yn in grut part fan ‘e wrâld noch altyd aktueel is.

Yntusken is de winner fan de priis bekend en jim wolle fansels graach hearre wêrom’t de sjuery dizze kar makke hat. Wat makket de Koma-korrektor fan Baukje Zylstra neffens ús de winner?

Yn it boek komme ferskate ferhaallinen by elkoar: it boek dat de haadpersoan skriuwe soe oer it Indië-ferline fan har heit (hy soe fertelle, hja soe skriuwe), de heit dy’t no yn koma leit en neat mear sizze kin, syn Indië-tiid, de korrespondinsje tusken de haadfiguer en har broer, dy’t de paden fan harren heit yn Indonesië neireiziget én, skynber los fan it barren yn Yndonesië: de reorganisaasje by de krante dêr’t de haadpersoan wurket. Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt yn it ferhaal en nijsgjirrich makket. Nijsgjirrich, want komt der dúdlikheid oer wat der krekt bard is yn Yndonesië, oer wêrom’t de heit fan de haadpersoan destiids in befel wegere hat? Kin har broer dy dúdlikheid fine of komt harren heit noch by út syn koma en kin hy dan sels noch wat fertelle? Soe it helpe dat hja op oantrunen fan it persoaniel fan it sikehûs hieltyd tsjin har heit praat? Kinne âlde maten fan har heit mear fertelle? Hoe stelt se harsels op by de reorganisaasje fan de krante: moat se foar harsels kieze of moat se solidêr wêze mei har kollega’s?

Knap is it hoe’t de skriuwster dit gauris swiere ûnderwerp tagonklik makket foar de lêzer. Knap ek hoe’t se it barren yn Yndonesië, spegelet mei de reorganisaasje by de krante: de heit hat in befel wegere en hat letter nee sein tsjin rehabilitaasje, de dochter blykt ek in stânfêstige kant te hawwen en hat de kop yn de wyn smiten.

In moaie fynst binne de korreksjetekens, dy’t earst wat betiizjend wurkje, mar al rillegau wenne en perfekt passe by it wurk fan de haadpersoan by de krante; in fynst is ek hoe’t har broer syn yndrukken fan Yndonesië beskriuwt: yn eltse brief in stikje mei de kop “Dit is wat ik oant no ta sjoen haw” en fuort dêrnei in stikje ûnder de kop: “Dit is wat ik net sjoen haw.” Yn dat lêste stik giet it gauris oer it byld fan Indië sa’t de measte minsken dat foar eagen hawwe: de oerweldigjende natuer, palmbeammen en waringins, koelys op bleate fuotten, Nederlânske famyljes dy’t wenje yn huzen mei grutte feranda’s, ensfh.

Al mei al hat Baukje Zijlstra neffens de sjuery – besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet – in hiel bysûnder debút skreaun, dat absolút ferwachtingen opropt oer it folgjende boek.

Sjuery D.A. Tammingapriis 2019,

Alian Akkermans,
Sjoerd Botttema,
Jannie van der Kloet

Tankwurd Baukje Zijlstra

D.A. Tammingapriis 2017 foar poëzy fan debutanten

Dichters skriuwe net om in priis te winnen. Se skriuwe omdat se harren uterje wolle, ta de taal ferhâlde wolle, fan de konsintraasje hâlde dy’t it skriuwen fan poëzy freget en bringt en de wille dy’t soks jout. Dichters skriuwe omdat wat yn harren sels dêr om freget.

Fansels, soks kin him letter hiel goed ferbine mei in fersyk fan bûtenôf, lykas by de trije gemeentedichters yn it rychje nominearden, mar altyd moat der earst yn dy as dichter in fonkje baarnd ha, it fonkje fan de ûntdekking en ûnderfining dat poëzy skriuwe dy leit, dat it by dy past. Datst fan de taal it ritme fielst dat dy suver meinimt, datst dy fernuverest oer dat wat der op papier stiet wylst it tagelyk net oars kin as dat it by dy weikomt. Of sa’t Hagar Peeters dat sa moai ferwurdet ’datst mei it skriuwen even grutter wurdst as dysels’.

Dy ûnderfining hawwe jim as dichters grif allegear en dat wie foar ús as sjuery te fernimmen doe’t wy de foar dizze Douwe Tammingapriis nominearre bondels liezen. Wy wolle jim as sjuery dan ek allegear fan herte lokwinskje mei de moaie útjeften dy’t troch jim skriuwen ferskynd binne!

Dan wol ik no graach oergean ta it foarlêzen fan it sjueryrapport.

Sjueryrapport

De sjuery bestie dit kear út Jacobus Smink, Albertina Soepboer en Elske Kampen.

Wy krigen as sjuery 9 bondels om te hifkjen. We hiene hjiroer kontakt fia de mail, hawwe sa ús befiningen ûnderling útwiksele en binne ienriedich ta de bondel leech hert yn nij jek fan Geart Tigchelaar kaam as it winnend debút fan de Douwe Tammingapriis 2017 foar poëzy.

It gie hjir om de debuten út de perioade 2012 oant en mei april 2017. Dit wie in langere perioade as de bedoeling fan de priis is, dy’t ien kear yn de twa jier – om en om mei proaza – útrikt wurdt. Yn 2015 lykwols die al bliken dat der foar de útrikking fan 2016 net foldwaande kwaliteit oan pöezy ferskynd wie en der dêrom net sprake fan in priis wêze koe. Gelokkich lei it der no wat oars hinne.

De 9 debuten wiene yn trije groepkes te ferdielen: twa publikaasjes yn eigen behear, it wurk fan trije gemeentedichters en fjouwer bondels útjûn by in offisjele útjouwerij.

Oan de iene kant wiene wy der as sjuery wiis mei dat it by dizze debuten ek om jonge dichters gie, mar konstatearren dêrby tagelyk – ek sjoen de ferlinging dy’t der west hat – dat it om in tige beskieden oantal gie. In priis lykas dizze kriget dêrmei suver ek de funksje om soks te konstatearjen. Kursussen foar begjinnende dichters by Tresoar smieten oant no ta wol gauris nije dichters op. Mooglik soe in ferdjipjend ferfolch dêrop, yn de foarm fan in ien op ien kontakt tusken in debutant en in al mear betûfte dichter yn de funksje fan redakteur, ta noch mear debuten liede kinne.

By in poëzypriis lykas dizze Douwe Tammingapriis, is de kearnfraach fansels: wat is poëzy?

Wêr moat in tekst oan foldwaan om dy ta poëzy te meitsjen en ferfolgens, wannear is poëzy goede poëzy? Poëzy beoardielje falt net ta. Los fan de persoanlike komponint dy’t fansels in rol spilet, is it ek goed in tal aspekten fan poëzy te ûnderkennen en te sjen oft dy by de debuten oan ’e oarder binne.

Inkelde aspekten wiene:

  1. Hoe brûkt de dichter it ferskynsel ritme

In gedicht is literatuur dy’t, yn tsjinstelling ta proaza, opboud is út fersrigels. Dy rigels hawwe in oare funksje as by proaza, dêr’t se meastal gewoan trochrinne. By poëzy hat de sinsbou, de syntaksis, in funksje wat it ritme oanbelanget. Hoe hat de dichter dy sinsbou brûkt en wat is it effekt dêrfan. Wat docht it mei de betsjutting, bliuwt dy itselde of ferskoot der wat.

  1. Hoe is de muzikaliteit

Los fan dat ritme spilet ek de muzikaliteit in rol by de wurdearring fan poëzy.Wat dogge de klanken ûnderling. Is der bygelyks sprake fan alliteraasje, fan assonânsje.

  1. Hoe seit it gedicht dat wat it sizze wol

In gedicht wol wat sizze en as it tema fan dat sizzen daliks helder is, is ien kear lêzen genôch. Mar poëzy kriget mear kwaliteit as dy helderheid fan it tema der net daliks is. As dat sizzen bygelyks mei in tsjinstelling of in ûntkenning dien wurdt. Of mei it brûken fan stilistyske eleminten lykas symbolyk of byldspraak of troch te boartsjen mei de meardere betsjuttingen fan in wurd. Mei oare wurden: dat der mear stiet as dat de tekst op it earste gesicht priisjout. Dan moat de lêzer tinke, kriget dy de romte om eigen betsjuttingen te jaan, ropt in gedicht fragen op, komt der djipgong, wol it gedicht nochris lêzen wurde, resoanearje der oare bestjuttingen mei en ûntsteane der nije ferbiningen tusken dy betsjuttingen.

  1. Hoe wurde de gedichten ûndergien

Wie it nei ien kear lêzen wol klear, of woene we in bondel nochris lêze omdat de ynhâld ús rekke of yntrigearre. Hiene we it gefoel dat der by in twadde kear noch mear oan de gedichten te belibjen wie of yn te finen.

Dan no oer ta de 9 bondels

Twa dêrfan binne útjûn yn eigen behear en de skriuwwille fan de dichters is oan beide bondels ôf te lêzen. It giet om FersKaat fan Folkje Koster en Lang om let fan Hinke Veenstra. De gedichten fan Folkje Koster binne foaral observaasjes, wurdboarterijkes, – sa’t de dichter it sels seit – sfeartekeningen fan de natoer en gedichten oer har âlden, de tiid en de leafde, yn meastal koarte rigels skreaun yn geef Frysk. In aardige bondel fûn de sjuery mei frije fersen en as hichtepunt it gedicht Mem.

Yn de bondel fan Hinke Veenstra steane njonken alle gedichten selsmakke foto’s dy’t by it tema fan it gedicht passe. Dat hat in fisueel oantreklik effekt. De gedichten hawwe tema’s lykas loslitte, kieze en fierder gean. Dat lêste ferwurdet de dichter bygelyks yn it foargoed yn de kast hingjen fan in âld jaske dat har net mear past.

Beide bondels hawwe as tema dat wat de dichters sels seagen, tochten en belibben en stiigje dêrmei net echt boppe it persoanlike út. Likegoed binne it weardefolle fersen foar de dichters sels, mar se falle dêrmei dochs wat bûten dat wat poëzy ta poëzy makket.

Fjouwer bondels binne min of mear skreaun op grûn in prikkel fan bûtenôf.

Ien dêrfan is de bondel 25 Frisse Fryske Ferskes fan Tomke Dragt, skreaun nei oanlieding fan de kursus Skriuw mar Frysk dy’t de dichter mei nocht folge en dizze bondel as resultaat hat. De gedichten mei yllustraasjes fan eigen hân is moai foarmjûn. De bondel is kwa ynhâld in bûnte lappetekken fan allerhande tema’s en wurdboarterijen. De dichter hat gjin grutte pretinsjes jout er sels yn syn ynlieding ek al oan. Mar likegoed stiet der ek earnstich wurk yn en in geef sonnet.

De trije oare bondels binne dy fan de gemeentedichters fan Achtkarspelen, te witten:

Sytse van der Werf, Ate Grypstra en Suzan Bosch. De bondels binne soarchfâldich en hiel ferskillend foarmjûn. In komplimint is werklik op syn plak foar dizze gemeente, dy’t mei it konsekwint ynstellen fan in gemeentedichter no al in lytse 10 jier de poëzy in plak yn it deistich libben jout.

Yn syn algemienens kin fan dizze bondels sein wurde, dat it yn feite gelegenheidspoëzy is. It giet hjir foar in grut part net om frij wurk. Tema’s lykas de jierlikse lintsjes, 4 en 5 maaie en sporteveneminten, binne foarôf bepaald. Soks hat fansels konsekwinsjes foar de gedichten, dy’t dêrtroch gauris inkeld in anekdoatyske ynhâld hawwe. Alle trije dichters lykwols brekke ek wol út dy beheining wei en litte harren eigen lûd hearre. Sytse van der Werf docht dat yn syn bondel Lieten en gedichten bygelyks mei moaie rigels lykas ‘hazzegrize loften’ en ‘do bist it gea fan griene tinten’. Syn sfearfolle gedichten mei foto’s dêrnjonken skilderje it lânskip en de minsken op melodieuze wize.

De bondel fan Suzan Bosch Achtkarspelen in collage is, sa’t se sels seit, ‘een collage van momenten en reflecties op natuur en mienskip’. Har bondel is twatalich en yllustrearre mei eigen filtkollaazjes yn tapaslike en betsjuttingsfolle kleuren. Suzan Bosch wol yn har gedichten moed jaan en it goede sjen litte. Dat docht se mei moaie wurden fanút (en ik sitearje har) ‘myn doarp dat ûnfersteurber bewoartele leit yn ’e beskutting fan in deeglik lânskip.’

De ek twatalige bondel As deldwarreljende jiske fan Ate Grypstra, dy’t earder al proaza skreau, hat in bysûndere foarmjouwing. Njonken de ynhâldlike bestjutting krije de wurden ek in grafysk-fisuele foarmjouwing. Tekst en yllustraasjes foarmje sa in spannend gehiel. Mei sterke taal yn de gedichten Djip fan binnen en Diggelfjoer brekt Ate Grypstra, fynt de sjuery, noch it meast en nijsgjirrichst út de beheining fan gemeentedichter wei en makket benijd nei wat hy as dichter noch mear kin.

De titel fan Sigrid Kingma har debút is Reade triedleas/Red wireless en it giet hjir dan ek om in twatalich Frysk en Ingelsk debút. De bondel hat in rykdom oan bylden, assosjaasjes en ynfallen. Sigrid Kingma lit in eigen oarspronklik lûd hearre en tilt dêrmei har tema’s boppe it persoanlike út, ek al is ien fan dy tema’s bygelyks har siikwêzen. Se lit yn dizze bondel sjen dat se in eigen taal hantearret en slagget der yn om te boartsjen mei meardere wurklikheden. Wol wiene wy as sjuery fan miening dat guon fersen noch te bot meardere kanten út wolle en tefolle bylden yn har drage. Benammen it twadde part fan de bondel oertsjûget dêrom noch net genôch. Mar Sigrid Kingma lit mei dizze bondel wol sjen dat se as dichter de basis yn har hat.

Fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra ferskynde de bondel Leffert, in tige humoristysk heldedicht yn tolve sangen. Dit heldedicht giet oer Leffert, dy’t libbe yn de tiid fan Redbad en de wrâld yn moat mei tolve flokken dy’t er yn de widze al oer him hinne krigen hat. De dichters hawwe wille mei de Fryske taal en mjuksje geef Frysk mei hjoeddeiske taal op in hiele oansteklike wize. Fierder boartsje se mei hjoed en juster, mei de (Fryske) skiednis, mei ridderferhalen en mearkes, en mei wat helden binne. It is moai dat sa’n bondel fol mei taalwille ferskynt. De sjuery hopet op noch mear fan soks, al wie it allinne mar om it linich en humoristysk Frysk dat dizze bondel opfallend makket en ta ien grut feest om te lêzen.

Geart Tigchelaar syn debútbondel hat as titel leech hert yn nij jek. Hy brûkt, suver as in organysk gehiel, Frysk fan dizze tiid dat tagelyk ek âldere wurden yn him hat. Dêrby boartet er op in protte plakken mei de syntaksis en hy docht dat mei reden en meastal effektyf. Syn tema freget net om moaie rigels, mar krekt om it pratende en ûnderbrutsene. De dichter skriuwt út ferskillende perspektiven en tiden wei oer it ferlet fan de ik om romte te meitsje en âlde dingen achter him te litten en bliuwt yn de fiif skiften fan syn bondel konsekwint oan dat tema wurkjen. Net alles falt dêrby teplak, mar dat hoecht ek net. Krekt dy lege plakken meitsje it fertriet en de iensumens fan it lege hert noch skerper. De dichter lit yn dizze bondel sûnder folle omhaal fan wurden sjen wat der ta docht. Hy beskriuwt bygelyks yn it gedicht Wierliken mei in pear halen in relaasje tusken in hy, in heit en in mem. Yn it gedicht Tasein brûkt de dichter sterke bylden om fertriet fiele te litten. Dizze bondel fan Geart Tigchelaar dêr’t alles yn brûkt en ynset wurdt om goede poëzij te meitsjen en der beslist om freget faker as ien kear lêzen te wurden is, lykas earder bekendmakke, neffens de sjuery dan ek it winnend debút.

Hoewol’t der by dizze Douwe Tammingapriis inkeld sprake is fan in nûmer ien, hiene wy wol in list fan fjouwer favoriten fêststeld en wy fine it as sjuery fan belang om dy yn willekeurige folchoarder noch al even te neamen. Utsein de winner wiene dit Leffert fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra, As deldwarreljende jiske fan Ate Grypstra en Reade triedleas/Red wireless fan Sigrid Kingma.

Uteinlik binne we yn folsleine harmony kaam ta leech hert yn nij jek fan Geart Tigchelaar as it winnend debút fan de Douwe Tammingapriis foar poëzy 2017 en wy wolle him dêr dan ek fan herte mei lokwinskje.

Jacobus Smink, Albertina Soepboer, Elske Kampen (sjueryrapport)

D.A. Tammingapriis 2014

foar proazadebuten útjûn yn 2011, 2012 en 2013

Simon Oosting
Karen Bies
Bart Temme

Sjueryrapport Douwe Tammingapriis foar debutanten 2014

Wy hawwe 14 boeken lêzen en op sjuerygearkomsten en fia email besprutsen. Wy binne Bart Temme, Karen Bies en Simon Oosting, en wy hawwe dit dien om te sjen hokker proazadebút út de jierren 2011 oant en mei 2013 de Douwe Tammingapriis winne moatte soe.

Wat ús opfoel is dat teminsten seis fan de ynstjoerde boeken útjûn wienen in eigen behear. De sjuery hat dizze boeken mei niget lêzen. Se beskriuwe persoanlike saken, dierbere oantinkens en moaie of sterke ferhalen út it eigen libben, faak ornearre foar de lytse rûnte fan famylje en freonen. Somtiden skreaun yn moai Frysk, mar somtiden ek wat minder moai. Dizze boeken binne earlik, sûnder literêre pretinsjes. Faaks libbe der dochs wol in stille hoop by de ynstjoerders dat harren boek opfalle soe by de sjuery fan de nije Douwe Tammingapriis foar debutanten. Ik moat de skriuwers teloarstelle: foar in nominaasje kamen dizze boeken net in oanmerking, mar as fenomeen foelen se yndie wol op: it boek as bewarplak fan it persoanlike. En wy wolle sels ien fan dizze boeken in earfolle fermelding jaan. Dat is it boek Snypsnaren fan Tynke Mulder. Sy hat ferhaaltsjes fan har pake en beppe bondele yn in prachtich foarmjûn boek mei gefoelige tekeningen makke troch harsels. In waarme hommaazje oan har pake en beppe.

Dat der seis fan de fjirtjin boeken yn eigen behear útjûn binne betsjut dat de, meast Fryske, útjouwers yn it tiidramt fan 2011 oant en mei 2013 acht debuten útjûn hawwe. Dat betsjut dat der acht nije skriuwers bykaam binne yn it Fryske literêre sirkwy and dat is in aardich oantal, al hie it bêst wat mear wêze mochten. 

Sa as te ferwachtsjen wie binne in protte debuten ferhalebondels. Mar fiif fan de ynstjoerde boeken binne romans. Wat net by in debutantepriis past is de âldens fan de skriuwers. Yn de omskriuwing fan de Douwe Tammingapriis stiet dat de priis in “stimulans foar jonge skriuwers” is. Wy tinke dat it wurdsje “jonge” mar skrast wurde moat. Fan alle debutanten wie der mar ien jonger as 30 en foar sa fier wy it ynskatte kinne wienen der mar in pear jonger as 50. De gemiddelde leeftiid fan ús nominearren is hast 62 jier. Dat gjin priis foar jonge skriuwers, wol foar begjinnende skriuwers mei libbenserfaring. En faaks dat dy libbenserfaring de boeken hiel aardich makke om te lêzen. De plysjeroman Smelle spoaren fan Popke Popma, it rau skreaune jongefammenboek De twadde hûd fan Hilda Talsma en de rock en roll–roman De reüny fan Freddy Scheltema liezen we yn ien hoart út. As ferhaal koenen dizze boeken ús wol boeie. Mar, nei ús oardiel wiene djipgong en dêrmei it literêre karakter fan dizze boeken beheind. It boek Lúshâlding fan de ienige jonge skriuwer, Geart Tigchelaar, koenen we net goed in plak jaan: wie it in berneboek, in jeugdboek of dochs gewoan ornearre foar folwoeksenen? It bleau te licht om ús echt te reitsjen. Dat wie oars mei de nominearre boeken. It wie ús fuort dúdlik: dizze boeken binne literatuer en dat koenen we unanym sa beneame. Oer de nominearre boeken it folgende: 

Klaas Rusticus skreau De brimstige ingel, in ferhalebondel. It binne ynkringende ferhalen mei in sterk autobiografysk karakter, mar boppe it persoanlike útstiigjend. De styl fan skriuwen is moai en suggestyf. Útbonke Frysk, sa neamde ien fan ús it. De ferhalen yn it earste en tredde part fan it boek hawwe as tema’s de ûnminsklikens fan de twadde wrâldoarloch dy’t yn Midden Europa net ophâlde in 1945 mar noch trochgie oant de lêste desennia fan de 20ste ieu ta en, yn in frjemd kontrast dêrmei, yn it twadde part de jeugd fan de skriuwer yn Snits. Ien fan ús fûn de Midden Europaferhalen it moaist en in oar de ferhalen oer de bernetiid yn Snits, de sfear fan “de avonden” fan Gerard Reve, it jok fan it leauwen. It boek is moai útjûn en de swart-wyt foto’s binne in oanfolling op de ferhalen.

Ale S. van Zandbergen debutearre mei de roman Littenser merke. It boek bestiet út twa nijsgjirrige  ferhalen, dy’t om en om oan bar komme en op it ein yninoar oerrinne. Ien ferhaalline spilet yn de 19de ieu en beskriuwt de twifels oer libben, leauwen en leafde fan in dûmny en syn frijtinkende en- fielende frou. It oare ferhaal spilet yn de 20ste ieu en beskriuwt de ûntdekking fan de wrâld troch de tinzen en sterke dialogen mei syn freondinne fan in skoalgeande jongen. Yn it 19de ieuwske ferhaal wurdt statich Frysk brûkt en yn it ferhaal út de 20ste ieu is it Frysk koarter en moderner. Ut en troch binne de dialogen wat te eksplisyt, wurdt it wolris wat langtrieddich en it magysk-realistyske byinoar kommen fan de twa ferhaallinen komt wol wat forsearre oer. It is hast wat te folle foar ien boek.

Sipke de Schiffart debutearre mei de ferhalenbondel Wat it is om bang te wêzen. It is in opfallend boek, mei ferhalen dy’t de lêzer fuortendaliks by de strôt gripe, fol drama en humor tagelyk. Ferhalen mei in foarm fan lichtens mar dy’t dêrfoaroer faak in hiele swarte ûndertoan hawwe. De styl fan skriuwen en de opbou fan de ferhalen binne moai. In orizjineel boek as it neist oare boeken set wurdt.  Dêr stiet foaroer dat de ferhalen yn it boek allegear deselde sfear oproppe en dat de einen fan de ferhalen somtiden wat te eksplisyt binne. De ferrassing giet der ôf. It soe eins it bêste wêze om de ferhalen mei tuskenskoften fan in pear dagen te lêzen.

Wy tinke dat de Fryske literatuer bliid wêze kin mei dizze nominaasjes. Trije moaie boeken, dy’t net missteane neist de boeken fan fêstige skriuwers.

We fûnen Sipke de Schiffart’s boek goed, dat fan Klaas Rusticus bysûnder en ynkringend, mar by eintsjebeslút is it boek fan Ale S. van Zandbergen it boek om de djipste bûging foar te meitsjen. De taal is moai, de fiksje is it meast literêr. En dêrom giet de earste Douwe Tammingapriis foar proazadebutanten nei Ale S. van Zandbergen.

25 maaie 2014
Simon Oosting
Karen Bies
Bart Temme

Annex 1: Boeken dy’t ynstjoerd binne.

Buren, Bertus, Tsien ûngewoane krystferhalen.
E.b., Menaam 2011. Ferhalen

Feitsma, Jaap en Feitsma-Van der Velde, Tine, Snypsnaren. Skriuwsels/Schrijfsels.
Ferhalen, útjûn troch Tynke Mulder, bernsbern fan de skriuwers. E.b. Drachten 2012.

Jongsma-van Dijk, Riekje, Durk.
E.b., Nij-Roan 2013. Stikjes skreaun oer de sykte lewy-body dementia fan de broer fan de skriuwer.

Polderdyk, Henkie fan de ( = Liemburg, Hendrik), Koarte ferhalen en rymkes.
E.b., Britsum 2012. Autobiografysk wurk.

Popma, Popke, Smelle spoaren.
Afûk, Ljouwert 2012. Misdiedroman.

Rusticus, Klaas, De brimstige ingel.
Hispel 2013. Ferhalebondel.

Scheltema, Freddy, De reüny – In rock ‘n roll roman.
Elikser, Ljouwert 2011. Roman.

Schiffart, Sipke de, Wat it is om bang te wêzen.
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2012. Ferhalen.

Steegstra, Henk, Stjerrebarrewier.
E.b., Rinsumageast 2011. Koarte ferhalen.

Talsma, Hilda, De twadde hûd.
Elikser, Ljouwert 2011. Roman.

Talsma, Sjoerd F. Ferhaaltsjes en betinksels.
Boekscout.nl, Soest 2012.

Tigchelaar, Geart Lúshâlding.
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2011. Roman.

Welling, Wietze Ferhalen fan earjuster, juster en hjoed.
E.b., Aldegea (Sm.) 2012.

Zandbergen, Ale S. van, Littenser merke.
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2013. Roman