JP Bike - шаблон joomla Видео

D.A. Tammingapriis 2019

1 juny 2019

D. A. Tammingapriis foar Baukje Zijlstra

LJOUWERT – Baukje Zijlstra (1967) fan Frjentsjer kriget de D. A. Tammingapriis foar har romandebút ‘De koma-korrektor’. De priis, in jildbedrach fan 3000 euro en in oarkonde, sil har op 21 juny útrikt wurde yn Tresoar.

It is de twadde kear dat de Tammingapriis foar in proazadebút takend wurdt. Yn 2014 wûn Ale S. van Zandbergen de priis foar de roman ‘Littenser Merke’. Yn 2016 gong de priis nei in poëzydebút, ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar.

De sjuery, besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet, keas ‘De koma-korrektor’ út alve proazadebuten dy’t tusken 2014 en 2019 ferskynd binne. 
Yn de roman ‘De koma-korrektor’ komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..) It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’

De D. A. Tammingapriis, neamd nei de skriuwer en taalkundige Douwe Annes Tamminga (1909-2002) en bestuivere út it fûns fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), is yn it plak kommen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis, dy’t yn 2012 foar de lêste kear útrikt waard.  

14 febrewaris 2019

It bestjoer fan de Stifting FLMD, behearder fan it Tamminga-Piebenga Fûns, kent dit jier wer in D.A. Tammingapriis ta, diskear foar proazadebuten. It is de twadde kear, yn 2014 waard de earste proazadebutepriis útrikt oan Ale S. van Zandbergen foar syn roman Littenser Merke.

Proazadebuten – romans of ferhalebondels – dy’t ferskynd binne tusken 1 jannewaris 2014 en 1 jannewaris 2019 komme foar de priis – €3000 grut – yn oanmerking. In sjuery besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet beoardielet de rispinge.

Utjouwers of skriuwers dy’t yn boppeneamd tiidrek in debút útbrocht hawwe en gading meitsje wolle, wurdt frege fjouwer eksimplaren te stjoeren oan Stifting FLMD, p.a. Tresoar, y.h.f. Lysbert Bonnema, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert, of postbus 2637 8901 AC Ljouwert.

Wy hoopje de priis op freed 21 juny 2019 útrikke te kinnen.