Skriuwersarke

Rink van der Velde by syn arkje op De Feanhoop

Oprop oan skriuwers: Wa wol oan it wurk yn de arke fan Rink?

Yn 2027 sil de arke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea.

Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en oare persoanlike kosten, is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt mei It Fryske Gea, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).

De arke is yn 2027 beskikber fan 1 jannewaris oant en mei 24 april; fan sneon 24 july oant en mei sneon 14 augustus en fan 19 oktober oant en mei 31 desimber. De wike bûten de simmer is fan freedtemiddei oant freedtemoarn in wike letter. Yn de simmer is it fan sneon oant sneon. Der is yn 2027 plak foar 12 skriuwers.

Belangstellenden foar 2027 kinne har oant 1 desimber 2026 skriftlik oppenearje by Antje Postma, skriuwersarke@stiftingflmd.frl. Dêrby moat neist de wike dy’t de foarkar hat, ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan.
As de arke al fersein is yn de periode fan de foarkar, dan wurdt der kontakt opnaam om te besjen wat de fierdere mooglikheden binne. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar watfoar skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne.

Skriuwersarke