Priisútrikking Rely Jorritsmapriis 2024
De Ljouwerter wethâlder fan kultuer Hein Kuiken hat sneontemiddei 5 oktober 2024 de Rely Jorritsmaprizen útrikt yn theaterstjerke It Mammemahûs yn Jellum. Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 70ste kear, wiene 38 ferhalen en 51 gedichten ynkommen.
De sjuery, besteande út Oene Spoelstra (fs), Marrit de Schiffart en Gerbrich van der Meer, dy ‘t de ynstjoeringen anonym ta beoardeling krige, hat trije ferhalen en 5 gedichten bekroand.
Geert Nauta wûn de priis foar syn ferhaal Wollekje, Jilt Jorritsma foar syn ferhaal Boat en Koos Tiemersma foar syn ferhaal De skroei fan ‘e loop.
De winners fan de gedichten binne: Erik Betten mei Waskersfersen, Fedde Douwes Dijkstra mei servus, Syds Wiersma mei Fiere Wake, Wietze Numan mei Yn elke hertslach en Gerrit de Vries mei mummy.
It sjueryferslach en de winnende gedichten en ferhalen binne opnommen yn it spesjale Relynûmer fan Frysk literêr tydskrift Ensafh (jiergong 16, nûmer 5, 2024)
Priisútrikking Rely Jorritsmapriis 2023
Sneontemiddei 7 oktober 2023 hat de Ljouwerter wethâlder fan kultuer Hein Kuiken de Rely Jorritsmaprizen útrikt yn de Teatertsjerke It Mammemahûs yn Jellum. Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 69ste kear útskreaun, binne 89 ynstjoerings, 33 ferhalen en 56 gedichten ynkommen. De sjuery, besteande út Beart Oosterhaven (fs), Marrit de Schiffart en Oene Spoelstra, dy de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat twa ferhalen en fiif gedichten bekroand.
Koos Tiemersma wûn de priis foar syn ferhaal Nachtskaad en Trynstje van der Steege foar har ferhaal It lûd. De winners fan de gedichten binne Benny Holtrop mei Hapke fan neat, Fedde Dijkstra mei Fers om te ferjitten, Ypie Bakker mei Hoe’t it liket, Remco Kuiper mei De winter sil yn jutte sliepe en Sytse Jansma mei In symfoanysk akwarel fan dyn toarst.
Lykas wenst binne alle bekroande ynstjoerings en it sjueryferslach opnommen yn it spesjale Relynûmer fan it Frysk literêr tydskrift Ensafh (jiergong 15, nûmer 5 2023).
Rely Jorritsmapriis 2022 foar 4 ferhalen en 4 gedichten
Sneontemiddei 1 oktober 2022 hat boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert de Rely Jorritsmaprizen 2022 útrikt yn de Oranjeseal fan it Stedhûs. De sjuery besteande út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra hat dit jier flouwer ferhalen en fjouwer gedichten bekroand.
De winners fan de ferhalen binne Wilco Berga (De Dûns), Sjoerd Bottema ((De sjongende ridder), Geert Nauta (Scapa Flow) en Sipke de Schiffert (Skaakles). De winners fan de gedichten binne Minne Velstra (In winter), Fedde Dijkstra (Vox Celeste), Elmar Kuiper (Biografy) en Edwin de Groot (Klaai).
Relypriis 2021 foar 3 ferhalen en 3 fersen
Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 67ste kear útskreaun, binne 97 ynstjoeringen ynkommen, 34 koarte ferhalen en 63 gedichten. De sjuery, besteande út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand. Elmar Kuiper fan Jorwert wûn in priis foar sawol it ferhaal In frjemde fûgel as it gedicht Ferlosboartsje. Dêrneist waarden bekroand de ferhalen Crossroads fan Gerrit Hoekstra fan Winsum en Op frijersfuotten fan Bregtje Sijtsma út Aviemore (Skotlân) en de gedichten In healsliten aureooltsje fan Fedde Dijkstra fan Ljouwert en it waad fan Sytse Jansma fan Harns. Loco-boargemaster Hein de Haan hat op sneon 2 oktober de prizen útrikt yn de Oranjeseal fan it stedhûs. Lykas wenst binne alle bekroande ynstjoeringen opnommen yn it spesjale Relynûmer fan it tydskrift Ensafh.
Priisútrikking Rely Jorritsmapriis 2020
Sneontemiddei 3 oktober 2020 hat de Ljouwerter wethâlder fan kultuer Hein Kuiken de Rely Jorritsmaprizen útrikt yn de Oranjeseal fan it Stedhûs. Foaroan fan lofts nei rjochts de trije winners Syds Wiersma, Elmar Kuiper en Sjoerd Bottema. Efter har fan lofts nei rjochts de sjueryleden Douwe Kootstra, Rianne Blokzijl en Inge Heslinga. Op ’e eftergrûn wethâlder Kuiken. De winnende bydragen binne lykas wenst te lêzen yn Ensafh. Dizze link komt by it sjueryrapport. (Foto Geart Tigchelaar)
In folle seal foar fiif Rely-winners – 2019
Der moasten stuollen by set wurde, sa grut wie sneon 5 oktober 2019 de belangstelling foar de útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen, dy’t diskear foar it earst plakfûn yn doarpshûs d’Ald Skoalle yn Bears. Dizze 65ste edysje kende noch in primeur: de boargemaster fan Ljouwert Sybrand van Haersma Buma, noch mar twa moanne yn funksje, rikte de prizen út oan de fiif winners. Hy wurdt flankearre troch – op de foto fan lofts nei rjochts – Remco Kuiper, Jetske Bilker en Henk Nijp, dy’t alle trije har ynstjoerd gedicht bekroand seagen, en Elmar Kuiper en Geert Nauta, de winners mei in ferhaal. De sjuery bestie út Inge Heslinga, Karen Bies (foarsitter) en Douwe Kootstra. De winnende bydragen en it sjueryrapport binne te lêzen yn it Rely Jorritsmanûmer fan Ensafh (jiergong 11, nûmer 4r 2019) en ûnder dizze link. Foto’s Piet Douma
De winners fan de Rely Jorritsmapriis 2018 binne
Boppe: Koos Tiemersma (lofts) en Lomme Schokker. Under, f.l.n.r.: Paul van Dijk, Edwin de Groot en Sipke de Schiffart.
Koos Tiemersma wûn in Rely mei it ferhaal De ereksje fan in oar, Lomme Schokker mei it ferhaal It weagjen fan de see, Sipke de Schiffart mei it ferhaal In bysûndere moeting. Paul van Dijk krige de priis foar it gedicht Kintsugi foar in diggelbast, Edwin de Groot foar it gedicht Sa as di wynd fan dae vlekenum wayde.
Foar de priisfraach wiene 63 ynstjoeringen ynkommen, t.w. 36 gedichten en 27 ferhalen. De sjuery, besteande út Tryntsje van der Steege (foars.), Karen Bies en Douwe Kootstra, bekroande 2 fersen en 3 ferhalen. De bekroande ferhalen en gedichten binne publisearre yn Ensafh, jiergong 10, nr. 4r.