Winners Diet Huberpriis:
De earste Diet Huberpriis (2022) wie foar Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). Mirjam wûn de priis mei it, troch har skreaune en yllustrearre, printeboek ‘By beppe útfanhûs’ (Afûk, 2021). De sjuery bestie út Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen.De priis waard útrikt op tongersdei 20 oktober yn museum Belvédère yn Oranjewâld.