Sjueryrapport Diet Huberpriis

Sjueryrapport Diet Huberpriis 2022

Alderearst wol ik sizze dat de sjuery der grutte wurdearring foar hat dat dizze priis neamd is nei Diet Huber. Sy tekene en skreau – of oarsom – en hie as útgongspunt dat har wurk eigen, ûnferfangber en autentyk wêze moast.
Har wurk, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk, wie dêrtroch unyk.

Dat útgongspunt hat de sjuery as rjochtline hantearre.

Der moast in kar makke wurde út tweintich yn de ôfrûne trije jier ferskynde boeken. En, lykas te ferwachtsjen foel, blykte it oanbod hiel ôfwikseljend te wêzen.

It foel de sjuery op dat der nochal wat grappich bedoelde karikaturale yllustraasjes wiene. Ek dat it grutste part fan de yllustraasjes net mear wie as yllustraasjes en dêrom net foldie oan de útgongspunten fan de sjuery.
De measte yllustraasjes wiene rjochte op bern – wat bern leuk fine -, mar hiene yn de eagen fan de sjuery net folle unyks.

Uteinlik bleaune der fiif boeken oer. Boeken mei in ferskillend karakter, mar wêryn’t de yntinsjes en de belutsenens fan de yllustrator dúdlik sichtber wiene. Dochs, hoe grut de wurdearring fan de sjuery foar dizze boeken ek wie, foel de kar unanym en sûnder wifeling op ien boek.

It ferhaal oer in beppe dy’t har bernsbern útfanhûs kriget, is libben, ynfielber en fol ûnferwachtse lytse draaiïngen. De taal is krêftich, direkt en tagelyk fol gefoel. De yllustraasjes binne net allinne moai fan foarm en kleur, mar litte mear sjen as de tekst oanjout. Se fertelle om samar te sizzen in eigen ferhaal.

Op alle platen is safolle te sjen. It is net in boek datst samar fuortleist. It is in boek dat dy dwaande hâldt. De yllustraasjes binne unyk fan sfear, eigen en nergens opperflakkich of maklik. It kleurepalet is prachtich. It boek is krekt sa’t Diet Huber it sels ek ha woe: ûnferfangber, autentyk, unyk.

Dêrom hie de sjuery gjin oare kar as it prachtige By beppe útfanhûs fan Mirjam van Houten te bekroanen.

(Utsprutsen troch Dolf Verroen, mei út namme fan de oare sjueryleden Susan van den Berg en Margaretha Cats, op 20 oktober 2022 yn Museum Belvédère te Oranjewâld.)

Tankwurd fan Mirjam van Houten
Bêste oanwêzigen,

Wat moai dat jim hjir allegearre binne.
Doe’t ik hearde dat ik de Diet Huberpriis wûn hie wie ik echt út ‘e skroeven. Ik hie dit noait ferwachte en Ik fiel my bot fereare dat dizze priis oan my takend is, mar ik bin ek ferlegen mei de sitewaasje. Al dy belangstelling en kompliminten fyn ik moai, mar ik bin der ek mei oan en yn it middelpunt stean fyn ik yngewikkeld.

Mar der is ek tsjin my sein: besykje dóchs te genietsjen. En dat stean ik no te dwaan. Want ik tink ek: it moat marris út wêze mei dy skrutene opstelling en altyd mar dwaande wêze mei wat in oar derfan fynt.

Ik haw Diet Huber persoanlik net goed kend, mar út wat ik fan en oer har lies en hearde riisde foar my in byld op fan in dame dy’t no nét bepaald skruten en twiveljend wie en op ‘e eftergrûn operearre. Nee, in wurd as eigensinnich past neffens my better by har. Eigensinnich betsjut: de oanstriid hawwe de eigen sin te folgjen sûnder jin wat oan te lûken fan wat in oar derfan fynt. Ek wol: oertsjûge wêzen fan eigen kinnen. Persoanlik fyn ik dat eigensinnichheid in eigenskip wêze moat fan skriuwers en yllustratoaren. Sy moatte meitsje wat sy sels moai fine. Sy moatte harren eigen sin dwaan; eigensinnich wêze. Eigenwiis miskien wol. Fansels is it prachtich as lêzers en keapers de boeken ek moai fine. Mar earst en foaral moatte makkers fan boeken neffens my oan harren sels tinke. Ik tink dat goede boeken harren oarsprong fine yn de skriuwer, de tekener sels. Sy moatte harren ideeën ferfolgens groeie litte, dan de wrâld ynstjoere en mar sjen oft it by lêzers yn fruchtbere ierde falt. En net oarsom. Net earst in stik – al as net fruchtbere – ierde sykje en dêr dan in boek by betinke. Ik bin der net alhiel wis fan mar tink dat it sa moat, ommers allinnich as men de eigen sin folget kin de wille fan it meitsjen ta bloei komme. Allinnich dan kin wat fan dat plesier trochstreame nei de lêzers.

Diet Huber hat dat plesier fan it meitsjen, it boartsjen mei taal, dat romme gefoel fan mooglikheden, yn tekst én yllustraasjes lang lyn al op my oerbrocht. Doe ’t ik 11/12 jier wie skreau ik har in brief. Yn dy brief fertelde ik har dat ik har wurk sa moai fûn en dat ik sels ek tekeningen makke en gedichtsjes skreau. Sy naam my serieus. Sy bemoedige my en foarseach myn skriuwsels fan kommentaar. Dat resultearre yn in koarte mar foar my hiel wichtige briefwiksel. (hjir lês ik in stikje foar út in brief)

Troch dy briefwiksel waard dat wat sy yn har boeken al op my oerbrocht hie noch mear yn my ferankere. Letter betocht ik: is dat net de essinsje fan keunst? Is keunst net in soarte fan estafette wêryn’t hieltyd wat trochjûn wurdt? It is wat ik ek it measte hoopje foar myn eigen wurk: dat it oaren, al binne it mar in pear, ynspirearje sil. Dit priiswinnende boek haw ik hielendal nei eigen sin makke, sa’t ik it woe. Dat fûn ik hiel dreech, it gie mei fallen en opstean en it duorre lang. Mar ik die it op myn manear. Diskear tocht ik noris inkear nét oan wat oaren (keapers en lêzers) derfan fine soenen. It kaam út mysels. Dizze priis fertelt my dat ik dêrmei miskien wol op de goede wei bin. Dizze priis seit my dat ik eigensinnich, miskien wol eigenwiis wêze mei.
Dêrom wol ik it FLMD betankje foar it yn it libben roppen fan de priis en de sjuery foar it oanwizen fan my as winner, en ek foar de prachtige wurden yn it sjueryrapport.
Dat it dan no krekt ek noch de Diet Huberpriis is dy’t ik wûn haw, jout it gehiel foar my in gouden rântsje.

Dan wol ik de Afûk fansels betankje en yn it bysûnder Hermien van der Meer. Alle kearen dat ik mei in faach idee foar in boek oansetten kaam wie it: prima, doch mar, meitsje mar. Mei dat fertrouwen en dy frijheid krige ik alle kânsen om te meitsjen wat ik woe. Boppedat hat Hermien ek in hiel soad geduld opbrocht as it werris net slagge om de deadline te heljen, of as ik werris op it lêtste momint dochs alles wer oars hawwe woe.

Dan wol ik fansels alle minsken betankje dy’t hjir hjoed dit leuke feest op poaten setten hawwe. Ik kin net elkenien opneame, mar ik wol yn alle gefallen Paul van der Voort en konsorten betankje dy’t hjoed foar de prachtige muzyk soargje.

Myn heit en mem betankje ik om’t se altyd achter my stean en omt se grutsk op my binne. Dat sizze se net, mar ik fiel it wol. Ek wol ik myn man Harke betankje. Behalven dat hy fansels hiel leaf is, is it ek troch him dat ik hiel maklik praten ha mei myn: my-net-om-ferkeapsifers-bekroadzje wolle. As Harke der net wie hie ik hjir net stien. Dan wie ik nei alle gedachten drok oan it wurk west yn in grutteminskebaan op in grutteminskekantoar. Dus ik realisearje my dat ik troch him yn in lúkse posysje sit. Mar hy soarget der ek wol foar dat ik net te bot efteroer leun. Sa no en dan ropt er: wannear skriuwst dy bestseller noris, dan kin ik ophâlden fan wurkjen. Dus hy hâldt de boel goed yn balâns.

Ik wol ús dochter Linde betankje: Linde do bist no krekt tolve jier, sa âld wie ik doe’t ik dy brieven oan Diet Huber skreau. Do bist hiel kreatyf, do hast gefoel foar taal en muzyk, mar oars as ik bisto wól eigensinnich, fêstberet, en do bist net bang foar it oardiel fan oaren. Dêryn lear ik in soad fan dy.

Fan ’e wike haw ik Diet Huber noch in brief skreaun. Ik wit wol dat se net mear ûnder ús is, mar dat sjoch ik net as in behindering en ik tocht dat Diet Huber sa’n staaltsje fan eigensinnichheid miskien ek wol wurdearje koe.
Ik sil de brief foarlêze.


Achte Diet Huber,

Ik woe noch eefkes tankewol sizze. Tankewol foar de kaarten en de brieven dy’t ik fan jo ûntfange mocht. Tankewol foar alles. Foar Tutte mei de linten, foar de reus Pak-yn-pak-op. Foar de Mâlbroekmich en de Fiter-iter. Tankewol .

Tige tank
foar de beam
dy’t ien en al ear is
It gefoel dat der noch mear is
bûten grinzen fan ús tinken.
Tankewol dus foar it sinken
fan it skipke
fan dy nuvere Kening Kanipke

Tige tank ek
foar de keningin
de keningin fan sipelspruten
foar it iepenjen fan ruten
foar it iepenjen fan doarren
nei it lân Komhiekomharren
en it Snie-iterlân
en de Berch fan Fiterbân

Tankewol ek foar Klaas Krintsje
en foar Pikjepok it hintsje
en it fintsje
fan sûker, koeke, pipedrop
en foar Tryntsje Bollewyntsje
en it ilestiken knyntsje


Frjemde minsken, wêzens, bisten
dêr’t wy ea noch neat fan wisten
waarden écht ûnder jo hannen
Lykas bergen, seeën, lannen
En it is der allegearre noch
Alles libbet yn ús troch

Noch in súntsjes rinkel tinkel
sjingelum sjangelum hopfideldy
In echo fan de tsjynkmuzyk
fan boppen de bosk fan Bekjebryk

Dát is wat altyd yn my bliuwt
yn ’t bern fan doe
dat hjoed hjir stiet
en dizze rigels skriuwt

Tankewol