Rink van der Veldepriis

Rink van der Velde

Rink van der Veldepriis

De Rink van der Veldepriis is in twajierlikse priis foar oarspronklik Frysk proaza, dy’t yn 2004 ynsteld is troch de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân. Yn 2017 is de Friese Pers Boekerij, dy’t goed sei foar it prizejild (€2000), fallyt gien. De gemeente Smellingerlân – dy’t bydraacht mei in byld fan Anne Woudwijk – hat de Stifting FLMD reefûn en nim de ferantwurdlikheid fan de FPB oer. 

De útrikking dy’t oant en mei 2016 altyd op of om de stjerdei fan Rink van der Velde hâlden waard (17 febrewaris), wurdt tenei hâlden op of om syn bertedei hinne (18 juny), net langer yn it gemeentehûs te Drachten mar yn de Skriuwersarke op De Feanhoop. De arke, foarhinne eigendom fan Van der Velde, is no yn it besit fan it Fryske Gea en wurdt alle simmers foar trije perioaden fan seis wike ôfhierd troch de Stifting FLMD (sjoch by Skriuwersarke).

Fanwege de nije opset is it reglemint oanpast en nei goedkarring troch it bestjoer fan de Stifting FLMD fêststeld troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân.

Doelstelling

De priis is ornearre foar oarspronklik en nij Frysk proaza, dat as in selsstannige boekútjefte (roman, ferhalebondel of novelle) ferskynd is. It is in literêre priis dy’t bedoeld is foar de proazasjenres dy’t Rink van der Velde beöefene hat, lykas de roman of it koarte ferhaal; it kin dus net gean om bygelyks poëzy, jongereinboeken of toaniel.

It moat boppedat gean om in boek dat literêre kwaliteit kombinearret mei in tagonklike skriuwstyl, wêrtroch (nei ridlike ferwachting) it boek oantreklik is foar in yn de Fryske ferhâldings breed publyk.

Organisaasje

Oer de organisaasje fan de priis en de priisútrikking fynt yn it jier foarôfgeand oan de útrikking oerlis plak tusken it bestjoer fan it FLMD, de gemeente Smellingerlân en it Fryske Gea. De Skriuwersarke by de Feanhoop en kafee Marktzicht yn Drachten binne de lokaasjes dy’t yn alle gefallen brûkt wurde by de priisútrikking, salang ‘t soks alteast mooglik is.  

Bepalings

De priis:

  • wurdt ien kear yn de twa jier útrikt
  • wurdt takend foar proaza dat yn de twa foarôfgeande kalinderjierren, yn it Frysk of ien fan de oan it Frysk besibbe streektalen, ferskynd is; boeken dy’t ferskine yn it jier fan de útrikking dogge twa jier letter mei
  • wurdt útrikt yn juny, op 18 juny (bertedei Van der Velde) of in gaadlike datum krekt foar of nei de 18e
  • kin net twa kear oan deselde auteur takend wurde
  • bestiet út in byldsje, makke troch Anne Woudwijk of in oare Smellingerlânske byldzjend keunstner, in oarkonde, beide betelle en fersoarge troch de gemeente Smellingerlân en in jildbedrach fan € 2000, beskikber steld troch it FLMD.

De sjuery:

  • is ûnôfhinklik
  • wurdt gearstald troch it bestjoer fan it FLMD
  • bestiet minstens út trije leden
  • wurdt ien kear yn de twa jier nij beneamd, en bestiet minstens foar 2/3 út minsken dy’t net earder diel útmakken fan dizze sjuery
  • wiist sels út har midden in foarsitter oan, dy’t ek wurdfierder is en ferantwurdlik foar de kommunikaasje oer it sjueryrapport
  • is autonoom yn kar en skôging
  • nimt de boeken dy’t oanmeld binne troch útjouwers en/of skriuwers mei yn har ôfwaging
  • stiet it frij om ek boeken, dy’t net oanmeld binne mar wol oan de kritearia foldogge, mei te nimmen yn har oerwagings;
  • yn de sjuery kinne gjin leden fan it FLMD- bestjoer sitting hawwe
  • sjueryleden kinne gjin gading meitsje nei de priis yn de jierren dat sy yn funksje binne
  • sjueryleden krije in forfaitêre ûnkostefergoeding fan € 150

Bysûndere bepalingen:

  • wannear’t de sjuery fan betinken is dat der op in stuit yn twa jier gjin boeken ferskynd binne dy’t foldogge oan de doelstelling, wurdt de priis net útrikt
  • wannear’t de sjuery fan betinken is dat der yn twa jier meardere boeken ferskynd binne dy’t oan de doelstelling foldogge, kin de sjuery beslute om mei maksimaal trije ‘nominaasjes’ te wurkjen
  • yn it sjueryrapport wurdt fansels rom omtinken jûn oan it priiswinnende boek, mar yn gefal fan nominaasjes wurdt der ek ynhâldlik omtinken jûn oan de nominearre boeken
  • yn gefal fan nominaasjes wurde dy minstens seis wike foar de datum fan de priisútrikking bekend makke.
  • minstens in wike foar de priisútrikking wurdt bekend makke wa’t de priiswinner is.