Privee ynformaasje

REGLEMINT PRIVEE YNFORMAASJE FLMD d.d. 12 juny 2018

  1. It doel fan de Stifting FLMD (it FLMD) is om projekten te stypjen dy’t bliuwende wearde hawwe kinne foar de Fryske literatuer. It FLMD hat yn dit ramt kontakten mei oaren. It FLMD hat ferlet fan it ferwurkjen fan privee ynformaasje.
  2. Privee ynformaasje wurdt allinnich brûkt foar it doel fan it FLMD. Bygelyks foar it jaan fan jildlike stipe en it takennen fan in priis hat it FLMD ferlet fan privee ynformaasje.
  3. Dit reglemint is fan tapassing op elkenien (persoan, bedriuw, organisaasje, oerheid) dy’t kontakt hat mei it FLMD (en bygelyks syn bestjoersleden, syn sjueryleden, of syn meiwurkers), fia de post, fia e-mail, fia de telefoan, yn in persoanlik petear, fia de webside fan it FLMD of op oare wize.
  4. It FLMD ferwurket privee ynformaasje ûnder oare op it mêd fan:
    foar- en famyljenamme
    postadres
    telefoannûmer
    e-mailadres
    bankrekkennûmer
    aktiviteiten op de webside fan it FLMD
    IP-adres
    ynbel ynformaasje
    ynformaasje oer oanfragen om stipe
    ynstjoerde proaza en poëzy
    ynformaasje oer ynskriuwingen op en gadingmakkers nei in priis, dy’t it FLMD takent
    ynformaasje oer Fryske literatuer
    ynformaasje oer skinkingen en legaten oan it FLMD
  5. Privee ynformaasje wurdt fertroulik mei omgien. It FLMD jout it net oan oaren, útsein as dat nedich is foar it wurk fan it FLMD, as dat wetlik ferplichte is of as der tastimming foar jûn is.
  6. Jo hawwe it rjocht jo privee ynformaasje te besjen, te feroarjen of te ferwiderjen. In fersyk hjiroer kinne jo stjoere oan ynfo@stiftingflmd.frl, mei in kopy fan jo identiteitsbewiis, om der wis fan te wêzen dat jo it binne, dy’t dit fersyk docht.
  7. Op de webside fan it FLMD kin it mooglik wêze om op in oare webside te kommen (bygelyks fia in link). It FLMD is net ferantwurdlik foar de wize fan it omgean mei privee ynformaasje fan oaren mei in webside. 
  8. It FLMD besiket privee ynformaasje goed te beskermjen. As jo tinke dat der dochs in flater makke is troch it FLMD, dan kinne jo dit troch jaan oan ynfo@stiftingflmd.frl.
  9. It FLMD hat it rjocht om dit reglemint oan te passen.