Nijs D.A. Tammingapriis

3 maaie 2022
D.A. Tammingapriis foar Paul van Dijk

LJOUWERT – Paul van Dijk fan Warkum hat de D.A. Tammingapriis wûn foar syn bondel ‘Famke fan snie’. De D.A. Tammingapriis, yn 2014 ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en 3000 euro grut, is in mearjierlikse priis, ornearre foar it bêste literêr debút. Hy wurdt om bar takend foar proaza en poëzy. De sjuery, besteande út Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar, keas ‘Famke fan snie’ út de tolve poëzydebuten dy’t tusken 2017 en desimber 2021 ferskynd binne.

‘Famke fan snie’ hat as sintraal tema it ferlies fan in lyts, tear famke en is opset as in symfony yn trije parten, rinnend fan mineur nei majeur. Mei orizjinele en fantasyrike bylden wit de dichter de lêzer mei te nimmen. Wat de bondel neffens de sjuery ek bysûnder makket is dat de dichter troch ferwizingen nei keunstuteringen yn muzyk, literatuer en skilderkeunst syn wurk ferknopet mei dat fan eardere keunstbruorren en -susters en sa wat fan har geast yn syn tekst bringt. Paul van Dijk (1981) is learaar Ingelsk en wûn earder twa kear in Rely Jorritsmapriis foar in fers. De D.A. Tammingapriis wurdt op 10 juny útrikt op Tresoar.


7 febrewaris 2022
D.A. Tammingapriis 2022 foar poëzy

Foar de D.A. Tammingapriis 2022 binne alve dichtbondels ynkommen. De sjuery, besteande út Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar, makket in kar út: Erik Betten, Palimpsest; Paul van Dijk, famke fan snie; Sander Hoekstra, Brutsen en oare stikken; Joël Hut, Börtersgrut; Geert Koenen, Haulerwyk, myn doarp myn Heitelân; Janna van der Meer, Wêzen; Friduwih Riemersma, Myn binêre koade; Marije Roorda, In spantou om ’e tiid; Sipke de Schiffart, Oan dy tinke; Sjoukje Veenstra, Gjin sprút feroare; Gerrit de Vries, Unlân.


6 oktober 2021
Ynstjoere foar D.A. Tammingapriis foar 1 jannewaris 2022

It bestjoer fan de Stifting FLMD kent takom jier wer in D.A. Tammingapriis ta, diskear foar poëzydebuten. It is de twadde kear, yn 2017 waard de earste poëzydebutepriis útrikt oan Geart Tigchelaar foar syn bondel ‘leech hert yn nij jek’.

Poëzydebuten dy’t ferskynd binne tusken 1 maaie 2017 en 1 jannewaris 2022 komme foar de priis – €3000 grut – yn oanmerking.

Utjouwers of dichters dy’t yn eigen behear in bondel útjûn hawwe, wurdt frege om foar 1 jannewaris 2022 fjouwer eksimplaren ta te stjoeren oan Stifting FLMD, p.a. Tresoar, y.h.f. Lysbert Bonnema, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert, of postbus 2637 8901 AC Ljouwert.