De Stifting FLMD hat yn 2013 it inisjatyf nommen ta in nije debútpriis foar Frysk literêr wurk. De priis wurdt yn begjinsel alle jierren yn ’e maitiid takend, om bar foar proaza en poëzy. De debuten moatte ferskynd wêze yn de twa foarôfgeande jierren.
It bestjoer hâldt him it rjocht foar om de priis yn in bepaald jier net út te rikken as it tal debuten te lyts is om útrikking te rjochtfeardigjen. Dy debuten ‘ferhúzje’ dan automatysk mei nei de folgjende perioade. It bestjoer fan de stifting FLMD beneamt in ûnôfhinklike sjuery fan trije leden.
Oan de priis is in jildbedrach ferbûn fan €3000. It wurdt betelle út de opbringsten fan it Tamminga-Piebengafûns, dat yn behear is by it bestjoer fan de Stifting FLMD.
De Stifting FLMD hat de priis ynsteld om yn it ferlet te foarsjen dat ûntstien is troch it weifallen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis foar debuten.
Yn 2014 is de earste D.A. Tammingapriis takend foar de roman Littenser Merke fan Ale S. van Zandbergen. Yn 2015 is de priis foar in poëzydebut net takend fanwege in te lytse rispinge. Yn 2016 wie ek it proaza-oanbod te lyts om in priis ta te kennen. Yn 2017 is de bondel leech hert yn nij jek fan Geart Tigchelaar bekroand.