Alle jierren wurdt yn de simmer troch de Stifting FLMD, It Fryske Gea en Tresoar de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) trije kear in perioade fan maksimaal seis wiken beskikber steld foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei letterkundich wurk yn it Frysk of in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
As minsken har ynskriuwe wolle foar in koarter tiidrek (minimaal twa wiken) kin dat ek, mar dan sil dat neier bepraat wurde moatte. It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om oan har oeuvre te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld.
Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en tillefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.
Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Spanjaardslaan 162c, 8916 SC Ljouwert. Dêrby moat oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne.
Op 20 novimber 2015 is op Tresoar it boekje In daalders petgat presintearre, ta gelegenheid fan tsien jier Skriuwersarke. De skriuwers dy’t yn ’e arke útfanhuze hawwe, dogge dêryn ferslach fan har wederwarichheden.