De Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), oprjochte op 10 septimber 1959, stie oant 2002 noed foar in selsstannich museum.
De stifting beheart fûnsen om projekten te stypjen dy’t bliuwende wearde hawwe foar de Fryske literatuer, lykas oarspronklik Frysktalich wurk, de Skriuwersarke en in tal prizen.
It iene fûns is ta stân kommen troch lju dy’t jild skonken hawwe oan de Stifting Ta Stipe fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn de tiid dat dat Museum in selsstannige festiging hie oan de Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert (1969-2003). It oare fûns, it Tamminga-Piebengafûns, bestiet út in legaat oan de Stifting FLMD fan de eardere earefoarsitter fan de stifting FLMD, Douwe Annes Tamminga (1909-2002), dy’t troud west hat mei Sjouk(je) Piebenga (1913-1988).
Yn 2002 binne de wurknimmers fan it eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, dy fan de Provinsjale en Bumabiblioteek fan Fryslân en dy fan it Ryksargyf yn Fryslân mei-inoar fierder gien yn Tresoar, in iepenbier lichem op basis fan de Wet Mienskiplike Regeling tusken stifting FLMD, provinsje Fryslân en it Ryk. De stifting FLMD is mei ien bestjoerslid fertsjintwurdige yn it Bestjoer fan Tresoar. In oar bestjoerslid fan de Stifting FLMD hat in sit yn it bestjoer fan de stipe-organisaasje fan Tresoar: de Freonen fan Tresoar.
Beliedsplan:
It belied is der op rjochte om stal te jaan oan de doelstelling.
Doelstelling:
It doel fan de stifting is om projekten te stypjen dy’t bliuwende wearde hawwe kinne foar de Fryske literatuer.
Beleanningsbelied:
Utsein fergoeding fan ûnkosten wurdt oan it bestjoer gjin lean yn hokker foarm dan ek jûn.
Jierrekken:
Alle jierren wurdt troch de skathâlder in jierrekken opmakke dy’t nei goedkarring fan it bestjoer by him opfrege wurde kin.
Ferslach fan de wurksumheden:
Fan de wurksumheden wurde oantekens byhâlden dy’t nei’t se troch it bestjoer fêststeld binne by de skriuwer opfrege wurde kinne.