Skriuwers

Skriuwersarke 2024

De skriuwers fan 2024 yn de Skriuwersarke:
– Janna van der Meer (29 april oant 10 maaie);
– Gabrielle Terpstra (13 maaie oant 24 maaie);
– Welmoed Kuiper (27 maaie oant14  juny);
– Remco Kuiper (17 juny oant 28 juny);
– Tryntsje van der Steege (1 july oant 19 july);
– Tanja van Abbema (22 july oant 9 aug.);
– Arjan Hut (12 aug. oant 16 aug.);
– Gelbrigje Visser (19 aug. oant 30 aug.)

©  Welmoed Kuiper
©  Welmoed Kuiper

Skriuwersarke 2023

De skriuwers fan 2023 yn de Skriuwersarke:
– Edward Jorna (1 maaie oant 20 maaie);
– Eeltsje Hettinga (20 maaie oant17 juny);
– Jeannette Boskma (19 juny oant 1 july);
– Karen Bies (3 july oant 22 july);
– Sietze Bosman (24 july oant 30 july);
– Anne-Goaitske Breteler (14 aug. oant 26 aug.)


Skriuwersarke 2022

De skriuwers fan 2022 yn de Skriuwersarke:
– Simon Oosting (1 maaie oant 21 maaie);
– Reina Smeenk en yllustratrise Barbara de Ruiter (21 maaie oant 11 juny);
– Catharina Lautenbach (11 juny oant 25 juny);
– Anne-Goaitske Breteler (25 juny oant 9 july);
– Jan Minno Rozendal (9 july oant 30 july).

– Fan 30 july oant 6 augustus is de arke foar it dichterskollektyf RIXT.

– Fan 6 augustus oant 20 augustus slút Warner B. Banga de rige.

Simon Oosting
Barbara de Ruiter (yllustratrise) en Reina Smeenk
Catharina Lautenbach
Anne-Goaitske Breteler
Jan Minno Rozendal

Skriuwersarke 2021

Fanwege de koroana is it dit jier likemin as yn 2020 mooglik de Skriuwersarke op de wenstige manier te iepenjen mei in lytse seremoanje op De Feanhoop. De skriuwers fan dit seizoen stelle har hjirûnder yn it koart foar. NB: Yn de wike fan 24 oant 31 july is de arke it ‘skriuwplak’ fan it dichterskollektyf RIXT.

1 maaie – 15 maaie: Jan Minno Rozendal
‘Ik haw yn Grins skiednis studearre en doch op dit stuit ûndersyk nei Douwe Kalma (1896-1953). Ik hoopje op in biografy fan dizze skriuwer / foaroanman / Fryske beweger (en safolle mear) te promovearjen by it Biografie Instituut fan de Rijksuniversiteit Groningen. Dêrneist haw ik de lêste jierren in pear romans skreaun en in biografy fan A.M. Wybenga. Sûnt fjouwer jier bin ik de haadredakteur fan de Fleanende Krie (it ledeblêd fan de KFFB).

Yn it ôfrûne jier haw ik foar it earst yn ‘it arkje fan Rink’ sitten, dat wie doe ek begjin maaie. It hat my tige foldien, de rêst om te wurkjen is dêr folslein. Wylst ik my doe mear rjochte haw op it skriuwen fan in roman, sil diskear Kalma it wichtichste part fan myn tiid oan ’e Drachtster Heawei beslaan. Yn maart bin ik begûn as ‘fellow’ fan Tresoar om it earste jier fan de Jongfryske Mienskip, oprjochte troch Kalma yn 1915, neier te ûndersykjen.’

15 maaie – 12 juny: Wilma Miedema
‘Yn 2019 mocht ik ek yn pear wiken yn de arke fan Rink fan der Velde útfanhúzje en haw doe in grut stik oan myn earste boek skreaun: In oare wei mei oare eagen. In fijne tiid haw ik dêr hân en ik hoopje dat ik diskear wer safolle ynspiraasje opdwaan mei om te skriuwen, no oan in berneboek.

In hiele útdaging dy’t ik graach oangean wol. Dat boek sil gean oer aventoeren fan twa jonge bern, dêr’t de natoer ek in grut plak yn hawwe sil. Wat kin dan mear ynspirearje as tydlik ek midden yn de natoer te ferbliuwen! Ik sil myn bêst dwaan om de twa jonge bern dêr safolle mooglik moaie mominten belibje te litten.’

12 juny – 3 july: Warner B. Banga
Warner B. Banga (1958) út Dokkum skryft meestal non-fiksy, suas over moalens (‘Jim mutte komme: ut waait!’) of bier (‘Bierbrouwen in Dokkum’), mar bijna altyd gaat ut over de geskiedenis fan ‘syn’ stad Dokkum, want hij is un echte Granaet.

In ut kulturele jaar 2018 wurdde hij fraagd om met te doën an ut oversetten fan de sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys. Seuven sprookjes het er toen in ut Dokkumers fertaald en dat war de opmaat naar de oprichting fan Ut Genoatskap foar ut gebrúk fan ut Dokkumers en ut maken fan de webside www.dokkumers.nl

In 2020 ferskynde syn bundeltsje ‘MYN STADSJE’ met ferhaaltsjes en gedichtsjes over Dokkum en su in ut Dokkumers. Hij skryft regelmatug kollumns in ut Stads en wil syn tyd in de Skriversarke bruke om te werken an un fertaling fan ut kynderboek ‘Siderius de Granaet’ fan Abe Brouwer in ut Dokkumers, ut Dokkumer Woardeboek en nije ferskes en ferhaaltsjes over de noardelukste en moaiste stad van Fryslân.

3 july – 24 july: Aukje Wijma
‘Ik wenje in Drachten en bin mem en beppe fan goed tweintich lytse en grutte minsken. Fierders bin ik belutsen by ferskate foarmen fan frijwilligerswurk.

Ferwûndering en ferbining binne wurden dy’t troch de tiid hinne mei my oprinne.

Wûnderlik hoe’t wurden ta my komme en yn gedichten har plak krigen hawwe. En ek wat wurden foar in oar betsjutte meie.

Ik bin lid fan de Damklup dêr‘t Eppie Dam fan oan ‘e widze stien hat. Ek haw ik kursus hân fan Tsjêbbe Hettinga, twa mannen fan wa’t ik in soad fan opstutsen haw. Der binne sân dichtbondels fan my oan it ljocht kaam: fjouwer Fryske en trije Nederlânske. En in boekje mei fotogedichten. Dêrnjonken haw ik meidien oan ferskate projekten, boeken en bondels.

No sit ik foar de twadde kear in pear wike nei it Arkje fan Rink om my dêr del te jaan en ta nij dichtwurk te kommen. Tsien jier lyn binne de wurden foar myn dichtbondel fan ‘e boaiem dêr te plak skood. No sil ik oan ‘e slach mei foto ‘s en wurden, foto’s út ‘e omkriten fan it Arkje. Dêrnjonken wol ik ek wurk oersette yn it Frysk.
It Fryske wurk op myn website wol ik neisjen en oanpasse. www.aukjewijmagedichten.nl

31 july – 14 augustus: Harmen Bloemhof
‘Ik útfanhúzje foar de twadde kear yn de Skriuwersarke, om’t it in moaie oantrún is om yn in rêstige natuerlike omjouwing te skriuwen en te dichtsjen. Ik haw der mear romte en tiid as thús yn Harns om kreatyf te wêzen. Myn ferbliuw yn 2019 hat resultearre yn de bondel petgatten en swarte gatten – ien mei de kosmos, dy’t ik yn 2020 yn it ljocht jûn haw. Diskear sil ik dwaande mei gedichten oer myn libbenspaad.’

14 augustus – 28 augustus: Youvan Bergsma
‘Ik bin fan berop terapeut en wenje yn Noardburgum. Fan jongs ôf oan haw ik in protte belangstelling foar de Fryske taal. Dat is my ek bybrocht trocht ús heit en mem. Ik haw tsien jier by de Afûk wurke en dêr haw ik ek in protte literatuerkennis opdien. Foar Douwe Tamminga haw ik in tal manuskripten printree makke en ik haw in soad fan him leard oer it Frysk idioom en taaleigen. Ek haw ik skriuwûnderfining opdien troch kontakten mei Tjitte Piebenga en Trinus Riemersma, mei wa’t ik yn in skriuwerskollektyf sitten haw foar kabaretteksten, en yn kontakten mei oare Fryske skriuwers.

Ik skriuw faak en graach, sawol gedichten as ferhalen. Dêrneist meitsje ik muzyk. Sûnt in tal jierren haw ik dy twa kombinearre en skriuw ik lietsjes, mar ek saneamde ‘soundscapes’, wêrby’t ik muzyk meitsje by teksten: poëzij en proaza. Muzyk kin teksten op in bysûndere wize ferdjipje.

Yn de Skriuwersarke wol ik dwaande mei in noch bettere ferbining tusken tekst en muzyk. Ik sil wurkje oan poëzij en tige koarte ferhalen, dy’t ik ek op muzyk sette sil. It tema sil wêze de fuortgong yn in minskelibben. Wat lear ik yn de grutte reis fan myn libben? Wat binne myn talinten, wêr gong alles mis? Hoe sjoch ik de takomst en wat lear ik fan it ferline? It moat himsels noch wat útdjipje en foarm krije ûnder it skriuwproses. Dat alles wol ik ta ien gehiel meitsje mei de muzyk as ferbining. Ik haw der in soad sin oan om op it ynspirearjende plak fan de Skriuwersarke twa wike ferbliuwe te meien.

Op myn webside www.youvan.nl binne in tal fan myn lietsjes te beharkjen. Ek it ferhaal oer Grutte Pier dêr’t ik ferline jier in priis mei wûn is dêr te lêzen. Op youtube binne ek lietsjes fan my te finen, bygelyks it lietsje oer de koroanakrisis: https://youtu.be/MX-SsWRmbuw .’

Jan Minno Rozendaal
Wilma Miedema
Warner B. Bergsma
Aukje Wijma
Harmen Bloemhof
Youvan Bergsma

Skriuwersarke 2020

De Skriuwersarke op ’e Feanhoop moast it fanwege it koroanafirus sûnder in offisjeel iepeningsmomint stelle. Mar de earste skriuwers hawwe der al útfanhuze.

Jan Minno Rozendal fan Grins, dy’t promovearje sil op in biografy fan Douwe Kalma (1896-1953), hat der te set west mei de earste haadstikken oer Kalma’s jongesjierren, – sjoch hjirûnder syn ympresje fan syn ferbliuw. Hy waard opfolge troch Siebren van der Zwaag.
Van der Zwaag is dwaande mei in boek oer de skiednis fan de Fryske feehannel en feemerken, skreau in haadstik oer de famylje Pilat, ien fan de grutste feehannelfamyljes yn Fryslân. Syn mem wie in Pilat en is in efterneef fan de skriuwer en eardere eigner fan de arke Rink van der Velde (1932-2001), waans mem ek in Pilat wie.

Yn juny is de arke foar Geert Nauta fan Wergea, oant no ta bekend fan koarte ferhalen, dêr’t er in pear kear de Rely Jorritsmapriis foar krige. Hy skriuwt oan syn earste roman De Bretonske kust. Nei him komme Reina Smeink-Kroodsma, Nijbeets (skriuwt in berneboek), Carla van der Zwaag, Peins (poëzy), leden fan it dichterskollektyf Rixt, Harm Bloemhof, Harns (poëzy) en Elske Schotanus, It Hearrenfean (proaza).

Yn ‘e wike fan 1 oant en mei 7 augustus siet Dichterskollektyf RIXT yn de skriuwersarke. Alle dagen kaam der in twatal dichters del om oan in strofe te wurkjen, om sa mienskiplik in gedicht te skriuwen.  

 
Augustus 2020 – Dichterskollektyf RIXT  – Rigel fan Rink

Dichter fan ’e moanne Cornelis van der Wal hie de eare om de earste strofe te skriuwen dy’t er begjinne liet mei de rigel: ‘De bui nimt de mar net’, ôfkomstich út Rink van der Velde syn roman De nacht fan Belse madam (1991). Sa joech in Rigel fan Rink de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan. It fers sels joech er de titel ‘De bui’ mei.

Op saterdei 1 augustus kamen Janneke Spoelstra en Rein de Lange om healwei ienen hinne oan om as earste duo der in ferfolch oan te jaan. Yn ’t foar hienen hja der al oer neitocht, oer de ynterpretaasje fan de earste strofe en hokfoar rjochting oft it opgean moatte soe. De twadde strofe moast sa iepen mooglik bliuwe, sadat it twatal de oare deis der op trochbreidzje koe.

De measte spantsjes begûnen sawat drekst mei it bepraten fan de foargeande strofen en hoe’t de oar it seach en hoe’t de oar tocht dat it fierder moast. Der wienen ek guon by dy’t yn it foar al kontakt mei-inoar hân hienen. Omrop Fryslân skille middeis 15:40 oere (yn it wykein om 17:40 oere) nei it Arkje, om de dichters te freegjen nei it ferrin fan ’e dei en om it foarlêzen fan it trochjougedicht mei de nije strofe.

Allegearre fielden se sa in beskate tiidsdruk. Bywannear’t hja it der efkes oer hân hienen, liek dy earste druk wei-êbe te wêzen en kamen hja mear mei-inoar yn ’e kunde. Op in pear nei koenen de twatallen inoar nammentlik net.

Dêrnei stoarten hja har wer fol op de nije strofe. Hjir en dêr waarden saken oars útlein, der waard wolris prottele op in – yn har eagen – minder moai wurd yn in foargeande strofe, mar ta eintsjebeslút kaam elk duo der foar’t de Omrop skille skoan út en wienen se alle beide tige tefreden oer de skreaune strofe.

It is in topprestaasje dat it duo der hieltiten sa ienriedich en relatyf fluch útkommen is. En dan ek nochris mei in hiele moaie nije strofe, sadat der no in pronkje fan in fers leit, dat hjirûnder te lêzen is. Fierders is der in fideo makke mei de foardracht fan it gedicht ‘De bui’ troch Cornelis van der Wal en bylden fan de wike. De fideo is te finen op: https://www.youtube.com/watch?v=F6i1Cu_arF4

De hiele wike waard tapaslik ôfsletten op saterdei 8 augustus yn kafee Marktzicht yn Drachten, de âlde kroech fan Rink van der Velde. Wy wienen ek nochris tige oangenaam ferrast dat Mineke van der Velde, de widdo fan Rink, dêrby oanwêzich wie. Yn it kafee is it folsleine trochjougedicht foarlêzen troch Syds Wiersma.

De dichters dy’t oan it fers meiwurke hawwe binne (yn gronolyske folchoarder): Cornelis van der Wal / Janneke Spoelstra en Rein de Lange / Kate Schlingemann en Edwin de Groot / Anne Heegstra en Simen de Jong / Carla van der Zwaag en Tialda Hoogeveen / Ypie Bakker en Tsjisse Hettema / Dirk Geerdink en Syds Wiersma / Yva Hokwerda en Jan Kooistra.

Undertekene hat de hiele wike as gasthear en fotograaf útfanhûze op de Skriuwersarke en sa it hiele proses fan tichteby meimakke en fêstlein.

Fan it Dichterskollektyf RIXT út binne wy tige tankber foar de kâns om op de Skriuwersarke te wêzen. Ynearsten hienen wy oare plannen, mar troch omstannichheden is it oanpast om yn lytse oantallen oanwêzich te wêzen. Sadwaande hawwe wy de ferbining mei-inoar socht mei it mienskiplike trochjougedicht. Teffens foar in soad dichters in kennismakking mei de Arke en de mooglikheden dêrfan. Allegearre hawwe it plak as tige gaadlik foar kreativiteit ûnderfûn, dat mooglik is der by harren in siedsje plante om yn de Arke oan eigen wurk te skriuwen. As Dichterskollektyf RIXT soenen wy yn ’e takomst ek graach wer fan it Arkje gebrûk meitsje wolle as dat sa útkomt, want elk sei dat it projekt Rigel fan Rink foar werhelling fetber wie.

Geart Tigchelaar

Maaie 2020 – Deiboek fan in skriuwer  – Jan Minno Rozendal

Skriuwersarkje

2020 skriuwersarke – zwanen

Ein febrewaris hie ik it goede nijs krige: ik mocht de earste fjirtjin dagen fan maaie yn it skriuwersarkje fan Rink van der Velde. De sjoernalist en auteur fan ûnder oare De Fûke (1966) en Feroaring fan Lucht (1971) stoar yn 2001 en liet syn skriuwersarke, hiel moai en rustyk lizzend oan in petgat tusken De Feanhoop en De Wylgen, nei oan it Fryske Gea. Elts jier meie in pear Fryske skriuwers wat tiid trochbringe op dit rêstige plak, om har hielendal te rjochtsjen op har wurk. Ik soe mei de biografy fan Douwe Kalma dwaande, en dêrneist hie ik ek noch wol ien of twa ideeën foar in roman om út te wurkjen. In ferslach yn deiboekfoarm.

2/5. Hjoed is it dan safier, sels Corona kin wat dit oanbelanget de boel net yn ՚e bulten jeie. Fan Grins út reizgje ik nei it arkje. Op ՚e hinnereis noch efkes by heit en mem oan: wol op oardel meter ôfstân fansels. Heit bringt my fierder teplak, hy wit it arkje wol te finen, en wol der sels ek wol wer ris sjen. Fuortdaliks efkes boadskipje dan mar, handich sa mei de auto. Dan troch nei myn tiidlik wenplak. De earste yndrukken binne fenomenaal: in lyts sliepkeammerke, fierder bêst noch wat rûmte yn de wenkeamer en keuken, en sels in studearkeammerke mei dêryn it âlde bureau fan Douwe Kalma. Ik gean der oan sitten, en pak myn tas út. Ferskate boeken en pamfletten fan Kalma haw ik by my: tige bysûnder om dy hjir op dit plak lêze te kinnen. Heit fynt ûnderwilens in swannenêst, amper tsien meter fan it arkje. Dan stekt er wer ôf, werom nei moeders.

3/5. Hearlik sliept, sân oere al wekker. It earste wat ik doch is by de swan sjen: se sit noch hieltyd op har aaien. Dan mar oan it wurk. Neist Kalma bin ik dus mei in roman dwaande, wat wol goed útkomt, want in argyf kin ik yn dizze tiden net yn. It wurkskema foar de kommende twa wiken leit hielendal klear. Ik kom de dagen wol troch, tink ik as it ris oereagje, en ferjit letter ek net in moaie kuier te meitsjen yn ’e omkriten. It Fryske Gea hat sa freonlik west om wat folders mei kuiertochten mei te stjoeren, al falt de helte dêrfan foar my ôf om՚t se oan ’e oare kant fan ’e Ie lizze, en de pontjes farre dizze wiken net. Wis, fanwegen Corona.

4/5. Noch wer earder wekker. It is as sliep ik hjir folle better as thús. Ik begjin my ôf te freegjen hoe’t dat no kin… is it om myn katten dy’t yn Grins nachts altyd wat omdangelje? Hjir haw ik allinne te krijen mei de fûgels, dy’t my wekker fluitsje as de sinne opkomt. Earst mar ris op it fytske nei de supermerk fan Boarnbergum, de middeis wurkje ik benammen oan de nije roman. Oan ’e ein fan ՚e dei haw ik in hiel haadstik skreaun. Yn earste ferzje, mar dochs: net ûntefreden. Dan rint it nei achten en sjoch ik de betinking op de lege Dam. It binne nuvere tiden.

5/5. Befrijingsdei. Gewoanwei mei ik dan graach nei it Stêdspark yn Grins gean, muzykgroepkes sjen en ach, in pilske derby. Hjoed sit ik hielendal allinne yn ’e middle of nowhere, mar tja, it befrijingsfestival is der dit jier dochs net. Om in oere of acht moarns sjoch ik foar it earst by de swan, mar noch neat. Ik lês wat yn Kalma, doch myn taalleskes en sjoch om tolve oere nochris. Ferhip, dêr binne se! Acht lytskes tel ik, gau foto’s meitsje sûnder dat mem swan my oanfljocht. Heit is trouwens nearne te bekennen… In pear oeren letter al meitsje de lytskes harren earste swimmerke. In hûshâlding dy՚t skynber tinkt dat it paad by de skriuwersarke trochgeand is (der binne aardich wat lju dy’t dat tinke, oan oanrin gjin brek) komt ek te sjen: de bern fine dy lytse swantsjes fansels ek prachtich.

6/5. Oant no ta hat it kâld west, mar stadichoan wurdt it waar wat better. Hjoed in rûntsje te hurdrinnen, by de Ie lâns en dan wer werom, in kilometerke of 5, 6, mear hoecht dat net te wêzen. Jûns spikerje ik myn Fryske klassiekers by: kar genôch op ’e boekeplanken fan it arkje. It wurdt Fabryk fan Trinus Riemersma. Yn dizze dagen nammers ek treast-tillefyzje fan Tresoar, dêr’t Bert Looper ferskate Fryske skriuwers en dichters yn behannelet. Ek Riemersma komt foarby. Fabryk is in ynteressant boek, al wreekt it him dat ik earder De Reade Bwarre lêzen haw, en dêr komt ien net samar oer hinne. Ferkearde folchoarder dus.

7/5. Winlik kin ik bûten wurkje, it sintsje lit him hieltyd mear sjen. Neist de biografy fan Kalma en de earder neamde roman, mien ik Perzyske lessen folgje te moatten en fansels moat der ek oan ’e Fleanende Krie wurke wurde: ik ferfeel my yn elts gefal net. Lêze, gearfetsje, oantekeningen meitsje en skriuwe, altyd mar skriuwe. As de eagen rêst nedich hawwe, gean ik in moai slach om, mar dat falt ôf: mei de sinne binne ek de miggen tefoarskyn kaam, en se lykje allegear om my hinne fleane te moatten. It wurdt spitigernôch in koartere kuier as ik earst fan doel west hie…

8/5. Hjoed komme ús heit en mem del. Ik helje op it fytske taart út ’e supermerk yn Boarnburgum, in kilometer of seis fan it arkje. We hâlde ús fansels sa goed en kwea as it kin oan ’e Corona-foarskriften. It is lekker waarm hjoed, we kinne bûten sitte foar de tee. Se hawwe hjir in pear kear earder west, ek wolris by it iepeningsfeest, sa begryp ik. Oft en wannear’t dat dit jier hâlden wurdt, is noch ûnwis. Jo begripe: wer Corona. Hieltyd wer Corona, it is wolris om wat simpel fan te wurden.

9/5. Foar myn Kalma-ûndersyk haw ik in protte pamfletten fan him meinaam, skriften fan sawat in ieu lyn. Fermeitsje doch ik my wol mei de, doe noch, jongeman. ‘Geniaal skellen,’ neamde dûmny Wumkes fan it Kristlik Frysk Selskip it yndertiid, en dat kin ik wol mei him iens wêze. Yn maart, noch krekt foar’t alle maatregels jilden, mocht ik 20 minuten oer Kalma komme te praten yn Tresoar. It wurdt in projekt fan ’e lange azem… Jûns bliuw ik dêrneist stûf oan ’e roman wurkjen. Al is it mar in oerke, ik merk dat ik oars tefolle út it ferhaal reitsje. Tuskentroch ek wer fuort te hurdrinnen, it kin no noch: it sil foar no de lêste moaie dei wêze. En in bytsje in moaiwaarrinner bin ik wol…

10/5. De sinne is fier fuort en de wyn hat it oernaam. De arke kreaket oan alle kanten, mar ik doch krekt as oft dat sjarmant is. Ik wurkje de aginda fan de dei troch, en slút jûns ôf mei myn fêste guilty pleasure foar de snein: Boer zoekt Vrouw. De wifi haperet soms wêrtroch՚t ik pas om tsien oere of sa de hiele ôflevering sjoen haw, mar eins is it al in wûnder dat it hjir noch sa aardich draait. Hielendal ôfsluten fan de wrâld binne jo sels yn it arkje net…

11/5. Wer in kâlde dei, dy’t boppedat begjint mei in teloarstelling: yn Spanje wachtet de freondinne al tiden op in hiel spesifyk papierke dat by de nasjonale polysje weikomme moat. Mar wylst alles wer iepengien is: terrassen, kroegen, neam mar op, fynt de polysje dat noch net nedich. ‘Kom oer twa wiken mar werom,’ wurdt tsjin har sein. Ek al wer om simpel fan te wurden. De mânlju fan it Gea komme te gersmeanen. ‘Ik wol it sels ek wol dwaan,’ sis ik noch, mar de man laket it fuort: ‘Dêr binne wy foar.’ De spullen foar de Krie binne hielendal ôf, bûten dit stikje dan fansels. Ik baal ûnderwilens wat fan it nijs út Spanje, oant ik dochs mar beslút om in lange kuier te meitsjen om de holle leech te krijen. It slagget wûnderskoan. Ofwachtsje mar, it is net oars.

12/5. Hjoed foar it lêst nei de supermerk, diskear op ’e fyts nei Nij Beets. Weromreis yn ՚e wyn, sis mar stoarm. Jûns in moaie film; ik haw se it leafst út de jierren ‘30 / ‘40 / ‘50. Samar in oanrieder út dy tiid: Girl Missing út 1933. Fergees te finen op Youtube. Ek foar amusement moat der fansels rûmte wêze op it arkje.

13/5. It ôfskie komt neier. Hjoed rin ik as piipskoft tusken projekt Kalma en projekt roman de reade route troch it natuergebiet. As ekstra luske nochris troch De Feanhoop, by de jachthaven lâns en wer werom nei de Heawei. Ik kin my de wetterwille foarstelle yn de simmer, as ek it Polderhús wer iepengean kin. Boatsjes yn ’e Ie, in fol terras oan it kanaal… No is it stil. Ik bin as iennige yn it natuergebiet mar dat hat ek wol wat. Werom by de arke wol wer nije oanrin: in jongeman dy’t in plak as frijwilliger siket. Syn mem komt der efteroan, leit út dat it tige dreech is om in gaadlik plak foar de soan te finen. Ik moat har útlizze dat ik net fan it Fryske Gea bin, mar gast. Dan sjocht se út oer it petgat. ‘It is hjir wol echt prachtich,’ fynt se. Ik moat it mei har iens wêze.

14/5. Ik einigje myn ferbliuw yn it skriuwersarkje sa’t ik begûn: al foar sânen bin ik fan ՚t bêd. De lêste saken fan it wurkskema kinne yn ’e rin fan ’e dei ôfskrast wurde: hast alles wat ik woe, haw ik ek dien. Dat hie minder kinnen. Yn ’e middei moat ik wat formulieren ynfolje foar de universiteit, och sok dreech wurk… As dat ek einlings klear is noch 1 kear in lange kuier, in kilometer of tsien diskear. Kâld, ja, mar och sa moai.

15/5. Foar tolven moat ik út myn tydlike wenplak. Ik himmelje de boel wat, meitsje de kuolkast leech, pak de tas en wachtsje op de auto. De lêste foto’s meitsje, en dan is it dien… Hooplik in oare kear wer! 

De folgjende skriuwers hawwe ien of mear wiken gebrûk makke fan de arke
2023:Edward Jorna, Eeltsje Hettinga, Jeannette Boskma, Karen Bies, Sietze Bosman, Anne-Goaitske Breteler
2022:Simon Oosting, Reina Smeenk en yllustratrise Barbara de Ruiter, Catharina Lautenbach, Anne-Goaitske Breteler, Jan Minno Rozendal, dichterskollektyf RIXT, Warner B. Banga
2021:Jan Minno Rozendal, Wilma Miedema, Warner B. Banga, Aukje Wijma, Harmen Bloemhof, Youvan Bergsma
2020:Jan Minno Rozendal, Siebren van der Zwaag, Geert Nauta, Reina Smeink-Kroodsma, Carla van der Zwaag, leden fan it dichterskollektyf Rixt, Harm Bloemhof, Elske Schotanus
2019:Harm Bloemhof, Simon Oosting, Jetske Bilker, André Looijenga, Remco Kuiper
2018:Wilma Miedema, Willem Winters, Lieuwe Durksz, Allart van der Woude, Tialda Hoogeveen.
2017:Sjoukje Veenstra, Remco Kuiper, Ypie Haitsma-Bakker, Ismael Lotz (filmer), Janneke Abma-Horjus
2016:Jetske Bilker, Syl Bajema, Wim Beckers, Jelle Krol, André Looijenga, Remco Kuiper
2015:Friduwih Riemersma, Jelle Krol, Rixt Weiland, Remco Kuiper
2014:Piter van der Woude, André Looijenga, Meindert Reitsma, Eeltsje Hettinga
2013:Sipke de Schiffart, Ruurdtsje de Haan, Simon Oosting, Siem Jonker
2012:Cornelis van der Wal, Elske Schotanus, Hiltsje Jongsma, Lieuwe Durksz
2011:Aukje Wijma, Sietse de Vries, Hinne Wagenaar, Julia Foekema, Hein Jaap Hilarides
2010:Eeltsje Hettinga, Bert Bakker, Simon Oosting, Willem Wilstra
2009:Elske Schotanus, Grytsje Schaaf, Ytsje Hoekstra, Siem Jonker, Bouke van der Hem
2008:Ulke Brolsma, Harmen Wind, Rommert Tjeerdsma, Sipke de Schiffart
2007:Harmen Wind (1945-2010), Wieke de Haan, Ytsje Hoekstra, Jelle Krol
2006:Sikke Doting (1938-2011), Hylke Tromp, Gjalt de Groot