Sjueryrapport Rink van der Veldepriis 2024
Wa’t in goed boek lêst, hoecht net op fakânsje, want de letters op de siden bringe jin nei de moaiste plakjes op de wrâld. Sûnder fertraging fan in fleantúch, sûnder yrritaasje oer in ferreinde dei, sûnder kloften toeristen dy’t yn it paad steane ast krekt in foto nimme wolst fan in moai tafriel.
Ek yn it boek fan de winner fan de Rink van der Veldepriis wurde wy meinommen op reis, sawol in reis nei in prachtich plakje yn Baskelân, mar ek op in reis fan persoanlike ûntwikkeling, in reis lâns oantinzen, eangsten, langstme en hope foar de takomst.
Gefoelens en ûntwikkeling wienen ûnderwerpen dy’t wy as sjuery ek yn de oare 12 boeken tsjinkamen dy’t ynstjoerd wienen foar de priis. Yn lange, koarte, spannende, grappige en emosjonele ferhalen joegen de skriuwers ús ynsjoch yn harren wrâld en de foarfallen dy’t harren de ôfrûne jierren dwaande hâlden ha. Koroana kaam foarby, fansels. De haadpersonaazjes brochten ús as lêzers wer even werom nei dy ûnwisse tiden fan noch mar in pear jier ferlyn, mar dy’t noch hieltyd sa’n útwurking hawwe op de hjoeddeiske maatskippij.
Ek de muoisume relaasje mei de meiminske, fan de buorlju foaroer, dy’t harren eigen buorman nei in pear moannen ôfwêzigens net iens werkenne, oant meiminsken út oare kultueren, mei eigen gewoanten dy’t meitsje dat se soms just mear lykje op ússels as wy tinke en ús in spegel foarhâlde, kaam ek in pear kear werom. We waarden traktearre op moaie omskriuwingen fan de problemen dêr’t minsken dan foar komme te stean, sa as diskriminaasje, ûnbegryp en sels djippe hate, mar ek de krêft fan de leafde – dy’t (hast) altyd dochs oerwint.
Dit tema, gewoane minsken dy’t te krijen hawwe mei tsjinslaggen, dy’t it roaie moatte yn in wrâld dy’t net altyd meiwurket, karakterisearret in soad romans – it is fansels in universeel tema – en is ek wat wy yn it wurk fan Rink van der Velde werom sjogge. Hy seach dus mei it lêzen oer it skouder mei. Us winner hawwe wy dan ek benammen basearre op it basiskritearium yn it sjueryreglemint: literêre kwaliteit kombinearre mei in tagonklike skriuwstyl, wêrtroch it boek oantreklik is foar in breed Frysk publyk.
Spitigernôch bliek, hoe graach de skriuwers it woenen, en hoe goed se ek harren bêst dienen, dat it skriuwen oer dit universele tema en it ôfleverjen fan in oantreklik boek dochs net sa maklik is. Net alle ferhalen oertsjûgen ús, wienen soms té klisjee, té opperflakkich of just te útwrydsk en rekken ús ûnderweis folslein kwyt. Faker as ien kear wie ek ús konklúzje: wêr wie de redakteur? Dit hie sa’n moai boek wêze kind as der ien de skriuwer wat mear op it rjochte paad hâlden hie. Net allinnich op it ynhâldlike flak fan it ferhaal sels, mar ek wat taalbehearsking oanbelange, foelen in pear boeken ús echt tsjin.
Oer taal sprutsen, wy wienen wól te sprekken oer de fariaasje. Foar elke Fries út elke hoeke fan de provinsje wie der wol in boek by: der wienen boeken yn maklik en flot skreaun folks-Frysk oant boeken mei prachtige âlde geef-Fryske wurden en siswizen (dy’t ek wy mei ús lêsûnderfining noch wolris opsykje moasten), en ek wie der in haadrol foar it Liwwadders, Biltsk, Dútsk en eksoatysker talen. We hienen somtiden, mei de eagen ticht, echt it gefoel dat wy op fakânsje wienen.
Mar werom nei ús winner. In boek dat foar it grutste part tichter by hûs bliuwt. Blau fan dagen, griis fan ônrust fan Gerard Marcel de Jong. Syn earste roman, yn de taal fan syn hert, it Biltsk, en wat in debút! Fan de earste side ôf hie it boek ús yn de besnijing en allegearre liezen wy it yn ien sit út.
De haadpersoan Sierd Lautenbag is in Biltske keunstner dy’t fêstrint troch en yn syn eigen sukses. We wurde meinommen yn skitterend beskreaune, kontrastrike sênes: fan it blasee publyk yn in Amsterdamske galery dat glês nei glês djoere sjampanje achteroer slacht nei de nofteren wrâld oan de Nye Dyk, dêr’t nei de spaghetti in “koemechy fla’’ op tafel komt. Dy nofterens komt bygelyks nei foaren yn hoe’t Sierd oer syn skilderijen praat: ‘’Myn skilderijen motte’t útainlik dos sels rooie in de wereld, der kin ik se niet bij helpe.” In nofterens dy’t hast trochkliemd wurdt troch defaitisme. It is al wól Sierd dit sukses hielendal net, mar wurdt it him troch de strôt treaun. ‘’Hoe faker hij ’t Bildtse lând skilderde, hoe minder horison d’r over leek te bliven.”
It ferhaal nimt je mei nei it net ferwurke ferline fan Sierd. Soe dit de oarsaak wêze kinne fan syn (midlife)krisis? Hat er it libben fan syn heit – en dus ek datselde needlot – urven? Of kin er in eigen, oare takomst foar himsels kreëarje? Sierd wol him losmeitsje fan syn bertegrûn, “der is niks dat ik niet al sien hew”, hy hat him eins al lang losmakke, “hy waar allang ’n grîns over… waar d’r niet meer bij”, mar hy is ek slop, en slagget der pas yn om echt de knoop troch te hakken om fuort te gean, op reis nei it Baskelân, as syn frou him in ultimatum stelt. Mar dêr just is de hoarizon te grut en leit “de wereld inenen mar al te open”.
Dizze ynterne wrakseling sjogge wy yn alle personaazjes werom, en De Jong set minsken raak en mei in protte humor del. Oer Henk, de kammeraat fan Sierd, dy’t ek besocht hat te ûntsnappen oan It Bildt, mar dy’t dochs wer mei de sturt tusken de skonken werom komt, om’t er nearne oars hinne kin, skriuwt er: “Henk foelde him desimeerd; groate parten fan wie’t hij waar of docht weest te hewwen waren inenen weg, ferdwenen. ’t Leven had him te hyt wossen.” We sjogge it gewoan foar ús.
Ek haadstik trije oer de kat Oblomov is in peareltsje fan observearjend skriuwen. De oanrinkat docht neat oars as sliepe en yn Sierd’s atelier omhingje, en elkenien mei in kat werkent it gefoel dat Sierd krijt as de kat him oan sit te sjen: “’t Loie oog fan Oblomov keek him faak langer an as dat Sierd fernere kon. ’t Fernúvverde him dat ’t besy him sels met syn loie oog nag soa strak en priemend ankike kon. As hoefde hij niet eens echt moeite te doen; ’n min oog folston om Sierd ’n tik út te delen.” – as wol er sizze: Wêrom wist no noch hieltyd net watsto wolst?
It Baskelân wurdt skitterend beskreaun. En yn dit oare lân, mei in oare hoarizon, tinkt Sierd of men hjir ea oan wenne kinne soe, oan dizze omjouwing, dit útsicht – “Kinne je dut foor lief nimme?” Wa hat dit net ris fersuchte op fakânsje? In wiere “feroaring fan lucht”… Mar tagelyk komt dan ek de langstme op nei “thús”.
Pas as dan de lêste fysike bân mei it ferline trochsnijd wurdt, mei de dea fan syn mem, fielt Sierd him frij, befrijd. En no leit de wrâld echt foar him iepen. Wat er dermei dwaan sil? Wa wit sil De Jong ús dat noch fertelle… Mar Blau fan dagen… is in boek dat je faker lêze sille. En dat seit genôch.
Ammerins Moss-de Boer, Ans Wallinga, Douwe Klaas de Bildt
——————————————————————————————————————–
Sjueryrapport Rink van de Veldepriis 2022
‘Krijst it net kado’
De twajierlikse Rink van der Veldepriis is foar de skriuwer fan it bêste boek dat yn it Frysk of yn ien fan de streektalen yn Fryslân skreaun is, yn ien fan de sjenres dy’t Rink van der Velde beoefene, nammentlik de roman, de novelle en it koarte ferhaal. Dit jier is in jubileum: de priis wurdt foar de tsiende kear útrikt.
De priis giet nei Leo Popma, skriuwer fan it boek It sket fan Toussaint, yn 2020 ferskynd by útjouwerij Frysk en Frij. Fan herte lokwinske!
Sa mear oer it winnende boek, earst wat sifers en wat wurden oer it sjuerywurk.
We krigen 16 boeken te lêzen, dy’t yn 2020 en 2021 útkamen. Om dat yn perspektyf te setten: by de priis fan twa jier lyn gie it om 21 boeken, yn 2018 wie dat 26 en yn 2016 wienen dat der 25.
Ferskynt der minder wurk? Oan de produksje fan Willem Tjerkstra kin it net lizze; syn Fryske Odyssee bestiet ûnderwilens al út 25 titels. Al sieten syn boeken net by de oanlevere titels.
Hat it mei corona te krijen? It djoerder wurdende papier? Doare útjouwers it minder oan om te publisearjen? Binne der miskien minder Fryske skriuwers? Of is it betingst dat eardere winners net wer yn de beneaming komme kinne in beheining foar it oantal titels? Fragen dêr’t we hjir no net de antwurden op fine.
Hoe dan ek: de sjuery hat mei niget de risping lêzen. In grut ferskaat, fan mar leafst sân Fryske útjouwerijen. Fan 98 oant 458 siden. Fan in boekewikegeskink oant in debút en fan in moderne fúljeton oant in detektive en meislepende ferhalen oer ûnder oare Jappy, Linte, Ate, Xenia en Doutsen. Fan ien skriuwer wienen mar leafst twa titels.
It gie oer sechtich pûn iel yn in fûke by Gjalt de Groot, oer de analoge damklok by Sipke de Schiffart, oer kabouters by Catharina Lautenbach en oer de duvel by Sjoerd Bottema. We hawwe lake om de hûnen fan Barry Hay by Freddie Scheltema en by Sipke de Schiffart wienen we rekke troch de hurdheid fan boer Heslinga dy’t syn soan útsegenet.
Wêr ha we as sjuery nei sjoen?
Fansels ha we sjoen oft it boek ús meinaam, op in oare wize sjen liet, oft we fan de taal genietsje koenen. We binne net ta nominaasjes kaam, sa’t binnen de regleminten wol mooglik is. We hienen geregeld wol wat oan te merken. Wie it de iene kear te klisjee, foarsisber en tefolle ynfolle, in oare kear wie it wer te wiidweidich, te tafallich en útlizzerich. En guon boeken ferlearen ús om’t trochlêzen te bot in ynspanning waard, in yspanning sûnder beleanning.
Wêr giet it priiswinnende boek oer?
Tilma Jager komt werom nei it doarp W., dêr’t se trettjin jier lyn wei flechte. Se hat yn de finzenis sitten foar drugssmokkel en útfanhuzet no by har heit. Yn it doarp hat se geregeld kontakt mei Aaf Leenes, in âldere frou mei fantoompine fanwegen in amputearde skonk. Se betinkt allerhanne projekten om de minsken yn it krimpdoarp, BlierCity neamd, dwaande te hâlden, lykas it OeDe-projekt, de ûnnoadige dyk, dêr’t it asfalt út giet. Beide froulju kinne it goed mei elkoar fine. En dan is der ek noch Tilma har heit, Rochus, dy’t syn bedriuw kywtrekke mei de tongblierkrisis. En it ferline fan Tilma dy’t har broer Wiger kwytrekke en seksueel misbrûkt waard. En ek de Surinamer dy’t Tilma yn de smokkelbusiness behelle, lit har net gewurde. En dan binne der noch de minsken fan ôfhelpunt Spar&Wâld, in pistoal, in Impala, de pleats Lyts Sion, fansels de keet en noch folle mear.
Wat makket Popma syn boek ta it winnende boek?
It ferhaal springt hinne en wer yn de tiid en ek de persektiven wikselje. Bytsje by bytsje krijt de lêzer yngong ta it ferhaal. En bliuwt soms ek mei fragen sitten. Is dat slim? Nee, want dêrfoaroer nimt it byldzjende taalgebrûk de lêzer mei, as dy de tiid nimt om it yn him of har op te nimmen.
In pear foarbylden:
-As er ris by har wie yn Amsterdam wie dat inkeld wol fallen, ‘myn wurk’. In wurd as in slachboom foar in terrein dêr’t hy gjin tagong hie, en dêr’t fragen, as er dy al stelde, oan hingjen bleaune as fodden yn ’e wyn. (s. 70.)
-Dan hearde se de do op ’e naal, it krassen fan syn neilen op ’e pannen, syn mankelike rop oer de buorren. It iennichste skepsel dat alarm sloech. (s. 122)
-Frijheid is gjin eigenskip, it is de krappe romte tusken de regels fan it spul. Dêr meist dy tjirgje, dêr moast leare boppe dyn ferbylding en foaroardielen út te kommen. (s. 102)
-Minsken tinke dat âlderdom in simmerpark is mei leanen fan ynsicht en fivers fan ferdraachsumens. (s. 147)
It binne dizze teksten dy’t it boek ryk meitsje… en it lêzen ta in geniet. Noch in pear koartere foarbylden:
-It ferline is te fier om derby te kinnen, en te farsk om oer te begjinnen. (s. 19)
-De bleke kjeld fan in fiskwinkel slacht har temjitte. (s. 31)
-Yn in hagel fan gedachten panderet er troch it lân. (s. 44)
-Aloan leit it grom fan it ferline op ’e boaiem fan har gedachten. (s. 75)
En Popma kent syn klassikers:
– yn it boek ferwiist er bygelyks nei de Dútske skriuwer Brecht (nei safolle jier gong it algemien belang foar de moraal),
– in ferwizing nei in skilderij fan de Italiaanske keunstner De Chirico… it skilderij mei “it fûle ljocht, de blauwe loft, de lispeljende peppels en de stilte.”
It is in boek om meardere kearen te lêzen, om te genietsjen fan de styl en ek om fet op it ferhaal te krijen. As lêzer moatst de kop derby hâlde, dochs bliuwst trochlêzen. Oft it ek foar in breed publyk is, sa’t ien fan de betingsten is, witte we net rjocht. We sizze: nim de muoite. Lykas de titel fan dit rapport al oanjout: ‘Krijst it net kado.’ En dat is krekt ek it nijsgjirrige oan it boek fan Popma.
Nei al dizze priizgjende wurden wolle we noch wol in krityske opmerking meitsje. Dy giet oer de fersoarging. It foel ús op dat der geregeld letters misse yn wurden, dat de stavering net altyd yn oarder is en dat wurden oan de ein fan de regel geregeld ferkeard ôfbrutsen binne. Spitigernôch liedt soks wolris ôf fan de ynhâld. En dat ha we by meardere boeken sjoen.
Ale S. van Zandbergen, Gerrit Breteler, Marijke de Boer
List mei troch de útjouwers oanlevere boeken:
1. Jetske Bilker: Spegel en sonde
2. I.E. Bloem: Eudaimoania
3. Jehannes Boorsma: It sit sa
4. Sjoerd Bottema: De grize oer de grouwe
5. Meindert Bylsma: Moard yn tsjerke
6. Gjalt de Groot: We strûpe derûnder!
7. Hein Jaap Hilarides: Beppe Xenia
8. Ferdinand de Jong: De museummoard
9. Catharina Lautenbach: Fûgels yn ús
10. Jikke Olivier: Hertsear
11. Jikke Olivier: In soarte fan brekken
12. Leo Popma: It sket fan Toussaint
13. Klaas Rusticus: Linte Ruardi
14. Freddie Scheltema: It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen
15. Sipke de Schiffart: Sjappy
16. Elske Schotanus: De raven
17. Hilda Talsma: Lockdownleafde
18. Geart Tigchelaar: OM
PS: De boeken Eudaimoania (jeugdboek) en De museummoard (fan in eardere winner) foelen yn ‘t foar ôf en binne net meinommen yn de beoardieling.\
Sjueryrapport Rink van der Veldepriis 2020
Hjoed wurdt de Rink van der Veldepriis foar de njoggende kear útrikt. Dêrmei foarmet dizze priis in twa-jierliks beaken yn it Frysk-literêre lânskip. Kwa karakter nimt de Rink in eigen plak yn, sa’t it oeuvre fan de nammejouwer Rink van der Velde dat ek die en noch altyd docht: in breed publyk oansprekke mei in goed skreaun boek.
As earste stap hat de sjuery it reglemint trochnommen. It foel ús op dat de bepaling om eardere winners net wer yn oanmerking komme te litten, noch altyd oerein stiet. Wy freegje ús ôf oft de tiid der noch neffens is om skriuwers op grûn fan eardere prestaasjes út te sluten. It giet ommers om in wedstriid en dy heart iepen te wêzen. Hjirby spilet der ek noch wat oars. By elke nije útrikking liedt it hanthavenjen fan dizze bepaling derta dat de molke geandewei ôfrjemme wurdt, hielendal no’t it tal publikaasjes mear en mear ûnder druk stiet. Dêrmei nimt de kâns ta dat it winnende boek, dat eins it bêste boek wêze moatte soe, by einsluten net mear is as ‘best of the rest’. Mei it hanthavenjen fan niisneamde útsluting sjit de priis himsels dan ek hieltyd wer yn ’e foet. Fandêr de oprop fan de sjuery om hjir nochris mei ferdrach nei te sjen.
De twadde stap wie it fêststellen fan de kritearia dy’t wy oanlizze woene by it beoardieljen fan de boeken. Nei it bestudearjen fan it reglemint kamen wy út op boeken dy’t literêre kwaliteiten as in by it ferhaal passende skriuwstyl, in goede opbou en in oertsjûgjende ûntjouwing fan de karakters witte te kombinearjen mei tagonklikens, sadat in bredere groep fan lêzers berikt wurde kin.
De tredde stap naam twa jier yn beslach, nammentlik it lêzen fan it oanbod, dat, lykas hjirboppe al oanjûn is, net al te grut wie. It gie om 21 boeken dy’t beoardiele binne, santjin yn it Frysk, trije yn it Stellingwerfsk en ien yn it Biltsk. Binnen it oanbod foel op dat der frijwat debutanten op proaza-gebiet har opwachting makken. Blykber sprekt it net allinnich ta de ferbylding om in boek te skriuwen, de stap om dat yn de eigen taal te dwaan wurdt noch altyd set, al is dat spitigernôch wol faak op lettere leeftiid.
In oar punt dat de sjuery opfoel, is de soarch dy’t troch útjouwers oan publikaasjes bestege wurdt. In keapsjoch boek yn ’e merk sette docht net allinnich rjocht oan de skriuwer, mar ek oan de lêzer. Hjirby kin tocht wurde oan boeken mei in oansprekkend omkaft, in goed lêsber en net al te lyts lettertype op papier dat it nivo fan it kladblok te boppe giet. Dat it foargeande net by elke publikaasje fanselssprekkend is, foel ús ôf: in neatsizzend omkaft, of in útfiering dy’t gjin besjen lije kin (goedkeap papier, min lêsber lettertype, rommelige opmaak) nûget de lêzer earder út om it boek mar nét oan te skaffen, lit stean om it te lêzen.
De seleksjeproseduere dy’t wy mei-inoar ôfpraten, seach der sa út:
Fan it oanbod foel nei de earste lêzing in grut part ôf. Dat betsjut net dat it altyd om min wurk gie, yn guon gefallen paste it boek gewoan net by wat de sjuery foar eagen stie. Dat oare boeken net yn oanmerking kamen om fierder te kommen, hie gauris te krijen mei it ûntbrekken fan djipgong, in klisjeemjittige styl, in te trage opbou sûnder echte hichtepunten of in wat al te maklike kar foar it ynsetten fan humor, al of net yn kombinaasje mei it opfieren fan folksaardige typen, om sa it ferhaal oantreklik te meitsjen. Lykwols, wa’t in literêre priis winne wol, sil dochs in oar register iepenlûke moatte. Skerp oan ’e wyn sile en it útdjipjen fan personaazjes dy’t har geandewei ûntwikkelje binne no ienris wichtige eleminten dêr’t in winnend boek net sûnder kin.
Lang om let bleaune der nei de earste lêzing sân publikaasjes oer. Yn dizze faze foel op hoe ferskillend oft der nei in boek sjoen wurde kin, mar omdat unanimiteit (noch) net fereaske wie, kamen wy dochs ta in kar-út dêr’t wy fierder mei woene:
De boeken dy’t noch oerein stiene, waarden opnij trochnommen en yngeand bepraat, mei as doel in skifting dy’t liede soe ta in list mei nominaasjes, oftewol boeken dêr’t de sjuery lykas earder ôfpraat unanym achter stean koe, boeken dy’t ek werklik yn ’e beneaming kamen foar de Rink van der Veldepriis. Neidat de reek oplutsen wie, die bliken dat de sjuery it oer seis fan de sân boeken net iens waard. Omdat mei dizze útkomst it nominearjen fan meardere boeken sawol foar de lêzer as de skriuwer in foarm fan foar-de-gekhâlderij wurde soe, besleat de sjuery om de nominaasjefaze oer te slaan en fuortdaliks de priis ta te wizen oan Vroeger is veurgoed veurbi’j fan skriuwer Johan Veenstra.
It winnende boek
Vroeger is veurgoed veurbi’j set útein mei in sêne dy’t it ferhaal fuort op skerp set. Arjen Hogeling stapt yn syn auto. Hy is wapene en hat mar ien doel: immen deasjitte. As er oankomt op it plak dêr’t syn beëage slachtoffer wennet, lit er, wachtsjend yn syn auto, de hiele foarskiednis oan syn geasteseach foarbylûke, te begjinnen mei syn eigen ferhaal. Arjen blykt fuort te kommen út de relaasje dy’t syn mem Alie, sels fan ‘leech’ komôf, hie mei boeresoan Arjen de Ruter. Dat stânsferskil (it ferhaal spilet yn it interbellum) wurdt op pynlike wize dúdlik as Arjen by it reedriden yn in wek rydt en ferdrinkt. Yn in oangripende sêne tekenet de skriuwer de begraffenis út, hoe’t Alie by de tsjerkedoarren opkeard wurdt en it ôfskied bûten yn ’e kjeld folgje moat. Ek letter, wannear’t se har by Arjen syn âlden meldt om te fertellen dat se swier fan harren soan is, wurdt se op har nûmer set en ôfskipe mei in pear ryksdaalders.
In nije faze folget nei de berte fan har bern, dat se ferneamt nei har grutte leafde, dy’t sa lang as se libbet by har bliuwt, al leit se, lykas gebrûklik yn dy tiid, op in minne namme. Om de kost te fertsjinjen, komt se yn it wurk by boer Albert Hogeling en syn soan Sander, in húshâlden dêr’t Alie de rol fan de boerinne oernimme moat, al wurdt se behannele as in hússloof. Nei ferrin fan tiid stelt Sander har foar om mei him te trouwen. Oft der sprake is fan leafde, is mar de fraach. Fan beide kanten is it mear in ferstânshoulik, dêr’t Arjen syn healbroer Albert út fuortkomt. Albert blykt in misliksma fan it boppeste buordsje te wêzen en dêrby ek folslein ûngeskikt as opfolger fan syn heit. Mei’t dy dochs foar syn ‘eigen’ soan kiest, komt Arjen yn deselde posysje telâne as syn mem: de skiednis werhellet him. Uteinlik kin er net oars as de pleats achter him litte. Hy meldt him nei de oarloch oan as frijwilliger om nei Indië te gean en dêr mei te dwaan oan de aksjes fan it regear om dat lân as koloanje te behâlden. Ek yn dit diel wit Johan Veenstra de lêzer mei te nimmen yn syn beskriuwing fan in prachtich lânskip, mei dêrfoaroer de wredens fan de minske. Arjen komt dan ek geastlik skansearre werom mei wat wy no PTSS neame soene, mei omdat syn 25 brieven oan Anja, it famke dêr’t er ferkearing mei hie en dy’t, sa’t letter bliken docht, mei syn healbroer trouwe sil, net beäntwurde binne. Al wurdt er opfongen troch de heit fan ien fan syn tsjinstmaten en set er him nei wenjen yn Twinte, alles wat him oerkaam bliuwt oan him fretten, hielendal wannear’t er der troch in eardere ûnderdûker achter komt hoe’t it kin dat er noait in reaksje op syn brieven krigen hat, de reden om it fizier op syn healbroer te rjochtsjen.
Dat Vroeger is veurgoed veurbi’j yn it Stellingwerfsk skreaun is, sil foar de measte Fryske lêzers gjin beswier wêze. Earder foeget it wat ta, sa wie de sjuery fan betinken. Ek fierder kipet dit boek der om meardere redenen út, al setten guon sjueryleden wol in fraachteken by it slot, dat krekt wat te forsearre út ’e loft falt. Dochs wie dat mar in lyts beswier by in ynfielend skreaun boek, en dat sûnder melodramatysk te wurden. De skerpte fan de dialogen dy’t op gjin inkeld momint keunstmjittich oerkomme, de prachtige en faak ek pynlik oerkommende sfeartekening yn relaasje ta it lot fan de personaazjes, de beskriuwing fan de karakters, de ûntjouwing fan benammen Arjen en de opset fan it hiele ferhaal lutsen de sjuery oer de streek en rop Vroeger is veurgoed veurbi’j út ta winner fan de Rink van der Veldepriis 2020.
Johan Veenstra, fan herte lokwinske mei it beheljen fan dizze priis troch de sjuery dy’t bestie út Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma.
Taheakke
De list mei troch de útjouwers oanlevere en lêzen boeken:
Ek troch útjouwers oanlevere boeken, mar net meinommen yn de beoardieling:
*De oarspronklike tekst is útbrocht yn 1960 en dit boek komt om dy reden net yn ’e beneaming.
Sjueryrapport Rink van der Veldepriis 2018
Yn de eardere Sutelaksjes fan It Fryske Boek wiene de boeken fan Rink van der Velde faak net oan te slepen. Hy skreau ferhalen, romans, novelles en kollums foar jong en âld, ryp en grien. Nei syn dea yn 2001 ha de gemeente Smellingerlân en útjouwerij Friese Pers Boekerij it inisjatyf naam om in priis yn te stellen dy’t syn namme drage soe. In priis foar de moaiste boeken yn deselde sjenres as dy’t Van der Velde beoefene, ornearre foar in breed publyk: skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen.
Yn 2018 hat de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum de taak fan de útjouwerij oernaam. Sadwaande is ek de datum fan de priisútrikking feroare en it plak. Flak foar syn jierdei op 18 juny steane wy no by de Skriuwersarke fan Rink van der Velde op De Feanhoop. It plak dêr’t de skriuwer altyd in soad ynspiraasje foar syn boeken opdie mar dêr’t er ek fiske op iel. Dy ieltsjes rikke er letter sels. As er meigong op in reis Om Utens yn de boekebus fan It Fryske Boek traktearre er altyd op toastjes mei rikke iel. Ik ha se op sokke dagen wol preaun, likegoed in priis wurdich!
De Rink van der Veldepriis wurdt om it jier útrikt. De earste kear wie dat yn 2004. Om’t eardere priiswinners net mear meidwaan meie, wurdt it tal boeken fan skriuwers dy’t de sjuery te lêzen kriget hieltyd lytser. Fansels smyt soks mear kânsen op foar nije/jonge skriuwers mar dat tal groeit sa hurd net oan.
De sjueryleden fan 2018, Alian Akkermans, Andries van Weperen en myn persoan, moasten konstatearje dat de kwaliteit fan ferskate ynstjoerings net botte heech wie. Mar gelokkich krigen we yn de rin fan de tiid genôch boeken ûnder eagen dêr’t we yn weidûke koene.
Om ta in beslút te kommen hat de sjuery it kritearium, dat it winnende boek in breed publyk oansprekke moast, tige serieus naam. Ut de top tsien rûgele sadwaande in list mei trije nominaasjes.
Oer de boekelist (taheakke)
Uteinlik stiene der tusken 1 jannewaris 2016 en 31 desimber 2017, 26 boeken op de list fan 21 skriuwers. Fan guon skriuwers binne meardere titels ynstjoerd.
Dêr wiene 22 romans by yn ferskate sjenres, ûnder oare misdiedromans, histoaryske- en psychologyske romans. Fierder twa ferhalebondels, ien mei folks- en ien mei fjildferhalen en twa samlingen mei kollums. We fûnen it spitich dat diskear boeken yn de streektalen op de list ûntbrutsen.
Oer de nominaasjes (op alfabetyske folchoarder fan skriuwersnamme)
De nacht fan Mare fan Willem Schoorstra
fertelt oer de ferslaving fan in jong stel oan de leafde, oan elkoar en oan de alkohol.
Mare wurdt troch skea en skande wiis. Net allinne troch har relaasje mei Thomas mar ek troch har eftergrûn yn it âlderlik miljeu. Alders dy’t harren ûngelikense ferhâlding – hy, konservator fan in museum en sy, húsfrou dy’t by har man opsjocht – neffens de boargerlike noarmen stilswijend trochsette. Mar hâldt sa’n houlik úteinlik wol stân? Thomas en Mare wolle de boargerlike moraal krekt oan kant sette mar slane de oare kant út troch. Schoorstra beskriuwt op yngeande wize de ûntwikkeling fan dizze relaasje en jout boppedat in moai byld fan ferskate Fryske miljeus en de Ljouwerter kreakersscene. Boppedat behearsket hy de Fryske taal oant yn syn fingerseinen. Dat is in geniet foar de lêzer.
Bêste jonge fan Geart Tigchelaar
Is in roman yn twa dielen.
Yn it earste part wurdt de lêzer meinaam yn de wrakseling fan haadpersoan Jarich. Sit er fêst yn syn wurk as learaar of leit it sear yn de relaasje? Dy relaasje biedt him in thús, in waarm nêst en âlders dy’t er sels mist. Mar hy is benammen op syk nei in libben dat ynhâld jaan moat. Hy wol yn in nij aventoer stappe. Dat ropt spanning op. Want freondinne Tine, de skoanâlden en ek syn freonen stjoere him in kant op dêr’t er sels eins net hinne wol.
De omkear komt yn diel twa. De haadpersoan moast earst yn de fout gean ear’t er ta ynsjoch kaam. De muoisume wei nei folwoeksenens en it ûnwisse gefoel dêr’t de haadpersoan sels earst net goed de finger op wist te lizzen, is oertsjûgjend beskreaun.
Renger fan Nyk de Vries
is in ramtferhaal. De wat mistike persoan Renger wurdt brûkt as in kapstok dêr’t er it ferhaal oan ophinget. Renger foarmet de ferbining tusken it no en it ferline.
De skriuwer makket in reis troch de tiid wêryn’t syn famyljeskiednis en dy fan it boufakkersmilieu yn de Wâlden in wichtich plak ynnimt. De Vries lit it Fryslân fan syn jeugd sjen en toant de generaasjekleau tusken him en syn famylje. Hy giet benammen yn op de relaasje tusken de heit en de soan en lit sjen hokker ynfloed dy jeugd op syn fierdere libben hân hat, hoe’t hy it oars dwaan woe. De oarlochsjierren makken fan de heit in foarsichtich en sunich man. Hy bewarre alles. Nei syn dea die de soan jierren oer it opromjen fan in skuorre fol guod. Dat opromjen ynspirearre De Vries ta dizze iepenhertige roman dy’t fernimstich ynelkoar stekt en sadwaande in soad yndruk op ús makke.
Oer de priiswinner
Jim ha yn de krante of op de social media fansels al lêzen dat de sjuery de roman De nacht fan Mare, fan Willem Schoorstra, de Rink van der Veldepriis 2018 takend hat. In boek dat tagelyk spannend en dramatysk is. As je ienkear begûn binne te lêzen, lit it ferhaal je net mear los. De skriuwer wit in sfear op te roppen dy’t nijsgjirrich makket. Hy skriuwt rjocht foar de raap mar is tagelyk byldzjend en poëtysk. It ferhaal is prachtich opboud en stilistysk sterk.
Willem Schoorstra wynt der gjin doekjes om as hy it libben fan Mare en Thomas beskriuwt. Mare is santjin jier as se by by in konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún te Ljouwert , dêr’t se stikem hinne giet mei klasgenoaten, har grutte leafde moetet. Dat konsert en dy moeting soargje foar de omslach yn har libben. Se feroaret yn in pear jier tiid fan in nayf skoalfamke yn in jonge frou dy’t har eigen keuzes makket.
It ferhaal docht yn de fierte tinken oan de bekende ballade fan Boudewijn de Groot: Meisje van zestien. Mar Mare lit har net slachtofferje troch Thomas. Se nimt har takomst yn eigen hân. De lêzer kriget sympaty foar har. Libbet mei har mei. Wol graach dat se it rêdt. Dat de nacht wer dei wurdt.
As foarbyld fan syn skriuwstyl, ien passaazje dy’t wy jim net ûnthâlde wolle, as Mare nei in jier yn Ljouwert weromkomt yn har berteplak Dokkum.
‘Tiid is de grutste ôfstân tusken twa plakken. Sei Tennessee Williams. Dy útspraak wie, doe’t ik him lies, te abstrakt foar my. Ik begriep der neat fan. No’t ik yn Dokkum út de bus stap en it bewende panorama yn my opnim – de wettertoer as in ienlike wachter oan de rûnwei, de hearehuzen dy’t steatlik oprize achter de beamkes fan it busstasjon – wit ik wêr’t er op doelde. It is net liker as stap ik in âlde jeugdfoto yn. Wylst it noch gjin jier lyn is dat ik hjir ompandere. De ôfstân dy’t ik fiel, is folle grutter as dy tritich kilometer.’
Willem Schoorstra, ek út namme fan myn kollega’s sjueryleden, fan herte lokwinske mei de
Rink van der Veldepriis 2018.
Alian Akkermans
Andries van Weperen
Janny Bottema
15 juny 2018
Taheakke
Boekelist