JP Bike - шаблон joomla Видео

Sjueryrapport Rink van der Veldepriis

 Sjueryrapport Rink van der Veldepriis 2018

Yn de eardere Sutelaksjes fan It Fryske Boek wiene de boeken fan Rink van der Velde faak net oan te slepen. Hy skreau ferhalen, romans, novelles en kollums foar jong en âld, ryp en grien. Nei syn dea yn 2001 ha de gemeente Smellingerlân en útjouwerij Friese Pers Boekerij it inisjatyf naam om in priis yn te stellen dy’t syn namme drage soe. In priis foar de moaiste boeken yn deselde sjenres as dy’t Van der Velde beoefene, ornearre foar in breed publyk: skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen.
Yn 2018 hat de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum de taak fan de útjouwerij oernaam. Sadwaande is ek de datum fan de priisútrikking feroare en it plak. Flak foar syn jierdei op 18 juny steane wy no by de Skriuwersarke fan Rink van der Velde op De Feanhoop. It plak dêr’t de skriuwer altyd in soad ynspiraasje foar syn boeken opdie mar dêr’t er ek fiske op iel. Dy ieltsjes rikke er letter sels. As er meigong op in reis Om Utens yn de boekebus fan It Fryske Boek traktearre er altyd op toastjes mei rikke iel. Ik ha se op sokke dagen wol preaun, likegoed in priis wurdich!
De Rink van der Veldepriis wurdt om it jier útrikt. De earste kear wie dat yn 2004. Om’t eardere priiswinners net mear meidwaan meie, wurdt it tal boeken fan skriuwers dy’t de sjuery te lêzen kriget hieltyd lytser. Fansels smyt soks mear kânsen op foar nije/jonge skriuwers mar dat tal groeit sa hurd net oan.
De sjueryleden fan 2018, Alian Akkermans, Andries van Weperen en myn persoan, moasten konstatearje dat de kwaliteit fan ferskate ynstjoerings net botte heech wie. Mar gelokkich krigen we yn de rin fan de tiid genôch boeken ûnder eagen dêr’t we yn weidûke koene.
Om ta in beslút te kommen hat de sjuery it kritearium, dat it winnende boek in breed publyk oansprekke moast, tige serieus naam. Ut de top tsien rûgele sadwaande in list mei trije nominaasjes.

Oer de boekelist (taheakke)

Uteinlik stiene der tusken 1 jannewaris 2016 en 31 desimber 2017, 26 boeken op de list fan 21 skriuwers. Fan guon skriuwers binne meardere titels ynstjoerd.
Dêr wiene 22 romans by yn ferskate sjenres, ûnder oare misdiedromans, histoaryske- en psychologyske romans. Fierder twa ferhalebondels, ien mei folks- en ien mei fjildferhalen en twa samlingen mei kollums. We fûnen it spitich dat diskear boeken yn de streektalen op de list ûntbrutsen.

Oer de nominaasjes (op alfabetyske folchoarder fan skriuwersnamme)

De nacht fan Mare fan Willem Schoorstra
fertelt oer de ferslaving fan in jong stel oan de leafde, oan elkoar en oan de alkohol.
Mare wurdt troch skea en skande wiis. Net allinne troch har relaasje mei Thomas mar ek troch har eftergrûn yn it âlderlik miljeu. Alders dy’t harren ûngelikense ferhâlding – hy, konservator fan in museum en sy, húsfrou dy’t by har man opsjocht – neffens de boargerlike noarmen stilswijend trochsette. Mar hâldt sa’n houlik úteinlik wol stân? Thomas en Mare wolle de boargerlike moraal krekt oan kant sette mar slane de oare kant út troch. Schoorstra beskriuwt op yngeande wize de ûntwikkeling fan dizze relaasje en jout boppedat in moai byld fan ferskate Fryske miljeus en de Ljouwerter kreakersscene. Boppedat behearsket hy de Fryske taal oant yn syn fingerseinen. Dat is in geniet foar de lêzer.

Bêste jonge fan Geart Tigchelaar
Is in roman yn twa dielen.
Yn it earste part wurdt de lêzer meinaam yn de wrakseling fan haadpersoan Jarich. Sit er fêst yn syn wurk as learaar of leit it sear yn de relaasje? Dy relaasje biedt him in thús, in waarm nêst en âlders dy’t er sels mist. Mar hy is benammen op syk nei in libben dat ynhâld jaan moat. Hy wol yn in nij aventoer stappe. Dat ropt spanning op. Want freondinne Tine, de skoanâlden en ek syn freonen stjoere him in kant op dêr’t er sels eins net hinne wol.
De omkear komt yn diel twa. De haadpersoan moast earst yn de fout gean ear’t er ta ynsjoch kaam. De muoisume wei nei folwoeksenens en it ûnwisse gefoel dêr’t de haadpersoan sels earst net goed de finger op wist te lizzen, is oertsjûgjend beskreaun.

Renger fan Nyk de Vries
is in ramtferhaal. De wat mistike persoan Renger wurdt brûkt as in kapstok dêr’t er it ferhaal oan ophinget. Renger foarmet de ferbining tusken it no en it ferline.
De skriuwer makket in reis troch de tiid wêryn’t syn famyljeskiednis en dy fan it boufakkersmilieu yn de Wâlden in wichtich plak ynnimt. De Vries lit it Fryslân fan syn jeugd sjen en toant de generaasjekleau tusken him en syn famylje. Hy giet benammen yn op de relaasje tusken de heit en de soan en lit sjen hokker ynfloed dy jeugd op syn fierdere libben hân hat, hoe’t hy it oars dwaan woe. De oarlochsjierren makken fan de heit in foarsichtich en sunich man. Hy bewarre alles. Nei syn dea die de soan jierren oer it opromjen fan in skuorre fol guod. Dat opromjen ynspirearre De Vries ta dizze iepenhertige roman dy’t fernimstich ynelkoar stekt en sadwaande in soad yndruk op ús makke.

Oer de priiswinner

Jim ha yn de krante of op de social media fansels al lêzen dat de sjuery de roman De nacht fan Mare, fan Willem Schoorstra, de Rink van der Veldepriis 2018 takend hat. In boek dat tagelyk spannend en dramatysk is. As je ienkear begûn binne te lêzen, lit it ferhaal je net mear los. De skriuwer wit in sfear op te roppen dy’t nijsgjirrich makket. Hy skriuwt rjocht foar de raap mar is tagelyk byldzjend en poëtysk. It ferhaal is prachtich opboud en stilistysk sterk.
Willem Schoorstra wynt der gjin doekjes om as hy it libben fan Mare en Thomas beskriuwt. Mare is santjin jier as se by by in konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún te Ljouwert , dêr’t se stikem hinne giet mei klasgenoaten, har grutte leafde moetet. Dat konsert en dy moeting soargje foar de omslach yn har libben. Se feroaret yn in pear jier tiid fan in nayf skoalfamke yn in jonge frou dy’t har eigen keuzes makket.
It ferhaal docht yn de fierte tinken oan de bekende ballade fan Boudewijn de Groot: Meisje van zestien. Mar Mare lit har net slachtofferje troch Thomas. Se nimt har takomst yn eigen hân. De lêzer kriget sympaty foar har. Libbet mei har mei. Wol graach dat se it rêdt. Dat de nacht wer dei wurdt.
As foarbyld fan syn skriuwstyl, ien passaazje dy’t wy jim net ûnthâlde wolle, as Mare nei in jier yn Ljouwert weromkomt yn har berteplak Dokkum.
‘Tiid is de grutste ôfstân tusken twa plakken. Sei Tennessee Williams. Dy útspraak wie, doe’t ik him lies, te abstrakt foar my. Ik begriep der neat fan. No’t ik yn Dokkum út de bus stap en it bewende panorama yn my opnim – de wettertoer as in ienlike wachter oan de rûnwei, de hearehuzen dy’t steatlik oprize achter de beamkes fan it busstasjon – wit ik wêr’t er op doelde. It is net liker as stap ik in âlde jeugdfoto yn. Wylst it noch gjin jier lyn is dat ik hjir ompandere. De ôfstân dy’t ik fiel, is folle grutter as dy tritich kilometer.’


Willem Schoorstra, ek út namme fan myn kollega’s sjueryleden, fan herte lokwinske mei de
Rink van der Veldepriis 2018.

Alian Akkermans
Andries van Weperen
Janny Bottema
15 juny 2018

 

 

 

Taheakke

Boekelist

  1. Moard út it ferline – Nelly Jongsma-de Jong
  2. Bêste jonge – Geart Tigchelaar
  3. De achttjin – Aggie van der Meer
  4. Allinne de klaproas bloeit – Ines Bergsma
  5. De foet by de kûle – Rommert Tjeerdsma
  6. Wyn fan de wierheid – Hilda Talsma
  7. Kabel en tou – Jan Schokker
  8. Reade snie en swarte hagelstiennen – Josse de Haan
  9. Rachel, dochter fan Timna – Anders Rozendal
  10. Oarloch yn en om Grou – Ulke Brolsma
  11. Dêr marsjearje ik hinne – Meindert Bylsma
  12. Renger – Nyk de Vries
  13. Achterlik Fryslân – Douwe Kootstra
  14. Drift – Jan Minno Rozendal
  15. Ho Wu en Misty Mac – Aggie van der Meer
  16. No komt it noch – Gjalt de Groot
  17. Oare tiden – Marten G. Wieringa
  18. De trekker fan Troje – Hein Jaap Hilarides
  19. Molwrot – Piter Boersma
  20. Wyn fan de winners – Hilda Talsma
  21. Stosân – Anders Rozendal
  22. Anna – Aggie van der Meer
  23. De wiete poes – Douwe Kootstra
  24. Reinke – Neeltje Bonnema
  25. It sinfol bestean – Willem Verf
  26. De nacht fan Mare – Willem Schoorstra