JP Bike - шаблон joomla Видео

Nijs

It lêzen fan Fryske romans en it Fryske romanskriuwen is Fantastysk

Altyd wol wat nijs om te lêzen, te lústerjen en te skriuwen

Kom yn de kunde mei it nijste lekkere lêzen op 19 juny yn de byb

Fryske Literatuer en Muzyk yn de Drachtster Biblioteek

Tiisdeitejûn 19 juny binne de trije skriuwers, dy’t nominearre binne foar de Rink van der Velde Priis 2018, te gast yn de Drachtster byb oan it Museumplein. Op dat stuit is bekend wa ’t de winner is: Geart Tigchelaar, Nyk de Vries of Willem Schoorstra. Se binne alle trije yn de biblioteek op 19 juny.

Ek sille dêr sjonge en spylje: Else en Albert, mei nij Frysk repertoire. Else van der Greft is de eardere leadsjongeres fan ‘Briquebec’; sy slacht no oare wegen yn en wûn okkerdeis de Tsjêbbe Hettinga Priis foar de bêste tekst op it ‘Liet’-festival.

Rink van der Velde wie yn de twadde helte fan de foarige iuw de meast suksesfolle Fryske skriuwer, en hy wenne yn Drachten. Hy wie fan grutte betsjutting foar de Fryske literatuer, en dêrom hat de gemeente Smellingerlân har twajierlikse literatuerpriis nei him neamd. De priis is bedoeld foar in roman of in ferhalebondel - dat wienen ek de sjenres dêr ‘t Van der Velde aktyf yn wie.

De Rink van der Velde Priis 2018 wurdt útrikt op freed 15 juny, mei in spesjaal programma by van der Velde syn eardere arke op de Feanhoop, no as Skriuwersarke yn gebrûk.

Op tiisdei 19 juny nimme we de tiid om wat better yn ’e kunde te kommen mei de skriuwers en har boeken. Geart Tigchelaar skreau de roman ‘Bêste Jonge’, Nyk de Vries skreau ‘Renger’ en Willem Schoorstra syn lêste roman wie ‘De nacht fan Mare’.

De trije skriuwers sille pakkende sênes foarlêze út har boeken. Mei petearlieder Willem Verf en mei elkoar sille se prate oer har wurk en de betsjutting fan Rink van der Velde foar de Fryske skriuwerij.

En net allinne Else en Albert sjonge tuskentroch; Nyk de Vries, earder aktyf yn Meindert Talma & The Negroes, sil in liet sjonge dat er spesjaal makke hat nei oanlieding fan in moeting dy’t er yn 1997 mei Rink hie.

Wy begjinne om 19.30 oere, en de seal is om 19.15 oere iepen.

Om tsien oere hinne tinke wy de jûn ôf te sluten.

De tagong is fergees.

Tiisdeitejûn 19 juny 2018.

Biblioteek Drachten, Museumplein 1, 9203 DD Drachten, 0512-512680.

De Rink van der Velde Priis wurdt yn goede gearwurking mooglik makke troch de Stifting FLMD en de gemeente Smellingerlân.

Mear ynfo: Willeke Zeilstra, gemeente Smellingerlân, 0512-581234.