JP Bike - шаблон joomla Видео

Ferslach aktiviteiten

Yn 2017 hat de Stifting FLMD stipe tasein oan Utjouwerij De Ryp foar de bondel Spantou om ’e tiid fan Marije Roorda, oan de stifting STULLP foar it boek Rop my werom... oer de yn 2013 ferstoarne dichter Tsjêbbe Hettinga en syn bertedoarp Burchwert; oan de Afûk foar it boek De Weddenskip fan Lida Dijkstra en Nina Peckelsen; oan it Lân fan Taal-projekt Wat foarôf gie fan Linus Harms en Sjoukje Iedema mei teksten fan Elmar Kuiper; oan útjouwerij Het Nieuwe Kanaal foar it berneboek Heech Tymo, sjoch omheech, fan Koos Tiemersma en oan útjouwerij Bornmeer foar in werprintinge fan de mei de Gysbert Japicxpriis bekroande dichtbondel Fallend ljocht fan Eppie Dam.

De gemeente Ljouwert hat it Rely Jorritsma Fûns oernommen fan de mei yngong fan 01-01-2018 op te doeken gemeente Littenseradiel en de útfiering – it úskriuwen fan de priisfraach, it beneamen fan de sjuery en de útrikking – útbestege oan de Stifting FLMD. Fierder hat it FLMD-bestjoer besletten om tenei it prizebedrach foar de twajierlikse Rink van der Veldepriis beskikber te stellen, no’t de Friese Pers Boekerij as partner fan de gemeente Smellingerlân fallyt gongen is.

In 2017 heeft de Stichting FLMD financieel bijgedragen aan de uitgave van de bundel Spantou om ’e tiid van Marije Roorda door Utjouwerij De Ryp, aan het boek Rop my werom… over Tsjêbbe Hettinga en zijn geboortedorp Burgwerd, waarmee de stichting STULLP de in 2013 overleden dichter eert; aan de Afûk-uitgave De Weddenskip van Lida Dijkstra en Nina Peckelsen; aan het Lân fan Taal-project Wat foarôf gie fan Linus Harms en Sjoukje Iedema met teksten van Elmar Kuiper; aan het kinderboek Heech Tymo, sjoch omheech, van Koos Tiemersma, verschenen bij uitgeverij Het Nieuwe Kanaal en aan een door uitgeverij Bornmeer verzorgde herdruk van de met de Gysbert Japicxprijs bekroonde dichtbundel Fallend ljocht van Eppie Dam. De gemeente Leeuwarden heeft het Rely Jorritsma Fûns overgenomen van de per 01-01-2018 op te heffen gemeente Littenseradiel en de uitvoering – het uitschrijven van de prijsvraag, het benoemen van de jury en de uitreiking – uitbesteed aan de Stichting FLMD. Verder heeft het FLMD-bestuur besloten om voortaan het prijzengeld voor de tweejaarlijkse Rink van der Veldeprijs beschikbaar te stellen, nu de Friese Pers Boekerij als partner van de gemeente Smallingerland tengevolge van haar faillissement is weggevallen.


Op 29 febrewaris 2016 is Aukje Hoogland-Peenstra ferstoarn, bekend ûnder har skriuwersnamme Auck Peanstra. Se hat sûnt 2012 diel útmakke fan it bestjoer fan ús stichting en yn de ôfrûne fjouwer jier in wichtige ynbring levere, benammen op it mêd fan har spesjalisme, de berne- en jongereinliteratuer. Sytske Eringa is har yn it bestjoer opfolge.

Yn 2016 hat de Stichting FLMD finansjeel bydroegen oan it berneboek Wenje yn in skilderij troch Lida Dykstra, in útjefte fan Wijdemeer yn ’e mande mei it Fries Museum n.o.f. de Alma-Tadema-útstalling; fierder oan it printeboek Tsjilp, mei fûgelgedichten fan Eppie Dam en yllustraasjes fan Lienke Boot, in útjefte fan útjouwerij De Ryp; oan it cd-projekt mei tekstboek Tigers fan Greonterp fan de stichting Keu en oan de dichtbondel Reade tried leas fan Sigrid Kingma, útjûn troch Frysk en Frij en oan de troch de Afûk fersoarge útjefte Deiboek fan in Fryske Soldaat yn Yndië troch Freark J. Beuckens.  

Fierder hat de Stichting FLMD de werútjefte mooglik makke fan de fersesyklus In Memoriam fan D.A. Tamminga (mei Ned. oersetting fan Theun de Vries), dy’t brûkt is yn de teaterfoarstelling foar dy nei dy, spile troch Froukje Reitsema en Popke van der Zee ûnder rezjy fan Bouke Oldenhof en dêr’t de besikers fergees in eksimplaar fan krigen. 

In 2016 heeft de stichting FLMD de verschijning mee mogelijk gemaakt van het kinderboek Wenje yn in skilderij door Lida Dijkstra, een uitgave van Wijdemeer i.s.m.  het Fries Museum naar aanleiding van de Alma-Tadematentoostelling;  voorts van het prentenboek Tsjilp, met vogelgedichten van Eppie Dam en illustraties van Lienke Boot, een uitgave van uitgeverij De Ryp; van het cd-project met tekstboek Tigers fan Greonterp door de stichting Keu, aan de dichtbundel Reade tried leas van Sigrid Kingma, uitgegeven door Frysk en Frij en aan het de door de Afuk uitgegeven boek Deiboek fan in Fryske Soldaat yn Indië van Freark J. Beuckens.

Verder heeft de Stichting FLMD de heruitgave gesubsidieerd van de gedichtencylus In Memoriam van D.A. Tamminga (met de Ned. Vertaling van Theun de Vries), die gebruikt is in de theatervoorstelling foar dy nei dy, gespeeld door Froukje Reitsema en Popke van der Zee in de regie van Bouke Oldenhof, en waarvan elke bezoeker gratis een exemplaar ter hand gesteld is.

Yn 2015 hat de Stifting FLMD stipe jûn oan it nije ynternettydskrift Skanomodu te Grins, oan it boek Speurnoazen yn Park Fiversburch fan Astrid Kuiper, in útjefte fan Bornmeer, oan de novelle Swije fan Gryt Witbraad, útjûn troch Frysk en Frij en oan de útjefte Zonder liefde leeft nooit een lied, in karlêzing út it Fryske en Nederlânske dichtwurk fan Johannes Bernard Schepers, fersoarge troch de Afûk en Hispel. Fierder naam de Stichting FLMD it inisjatyf foar it gearstallen foar in sawol foar it fuortset ûnderwiis as foar de ynteressearre leafhawwers gaadlik oersjoch fan de Fryske literatuer.  Teake Oppewal fan Tresoar hat de superfisy. It boek sil yn de rin fan 2017 ferskine, is it doel.

In 2015 heeft de Stichting FLMD subsidie verleend aan het nieuwe Friese internettijdschrift Skanomodu te Groningen, aan het boek Speurnoazen yn Park Fiversburch, een uitgave van Bornmeer, aan de novelle Swije van Gryt Witbraad, uitgegeven door Frysk en Frij, en aan de uitgave Zonder liefde leeft nooit een lied, een bloemlezing uit het Friese en Nederlandse dichtwerk van Johannes Bernard Schepers, verzorgd door de Afûk en Hispel. Verder nam de stichting FLMD het initiatief voor een zowel voor het voortgezet onderwijs als de geïnteresseerde liefhebbers handzaam overzicht van de Friese literatuer. Teake Oppewal van Tresoar heeft de supervisie. De bedoeling is dat het boek  in de loop van 2017 zal verschijnen.

Yn 2014 hat de Stichting FLMD stipe jûn oan û.o. Tresoar foar de opera Keapmanskeunsten; útjouwerij Elikser foar it boek Yn it skaad fan de wolf fan Lois McMaster Bujold; de histoaryske feriening Aed Levwerd foar in ferhalepriisfraach, dy’t resultearre yn it ferhaleboek Het meisje met de rode paraplu; útjouwerij Bornmeer foar de dichtbondel It Faderpaard fan Tsjêbbe Hettinga, mei Nederlânske oersetting;  foar DAT/Audiofrysk en Elikser foar de s.n. Protterrige, dêr’t âldere mar noch net ferâldere berneboeken opnij yn ferskine; útjouwerij Wijdemeer foar de bondel Boeken en Bern, kinderliteratuur in soorten, in samling artikels fan Jant van der Weg-Laverman; útjouwerij Frysk en Frij foar it berneprinteboek Piter Pom en Pake Pleister fan Matty de Vries.

Yn 2013 is stipe jûn oan û.o. útjouwerij Perio foar de útjefte De Stêd nimt fan Eeltsje Hettinga, oan Tresoar foar de bondel fûgelpoëzy Oer de wjuk, gearstald troch Eppie Dam;  oan de Stichting tot behoud Amerikaanse windmolens foar it pleatsen fan in boerd mei it gedicht Wynmotor fan Saakje Huisman-Venema te Goutum; oan de Stichting Poppestien foar de toanieltekst Juster is fuort fan Bouke Oldenhof, skreaun foar aktrise Hilly Harms;  oan de Gerben Rypma Stifting foar it digitale projekt It fûnis/It font  fan Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp. Fierder is ek diskear wer stipe ferliend oan de Sirkwy-lêzingerige, dy’t diskear yn it teken stie fan Alde Meuk.

Yn 2012 hat de Stichting FLMD stipe jûn oan  û.o. de Catharina Stichting foar it projekt De Friese Staties; de Friese Pers Boekerij foar de dichtbondel Equinox fan Tsjêbbe Hettinga; de Stichting Frysk Berneboek/It Skriuwersboun foar in bondel Krystferhalen;  útjouwerij Wijdemeer foar Troch eigen lânskip, in blomlêzing út it wurk fan Willem Abma;  Stichting Hispel foar de Sirkwy-lêzingerige De see yn de Fryske literatuer; DAT/Audiofrysk foar in oersetting fan in boek fan Roald Dahl;  de Gerben Rypma Stifting foar de bondel Iskader fan Eeltsje Hettinga; de Afûk foar de Wibren Altena-biografy In swalker yn ’e geast fan Bennie Huisman;  útjouwerij Bornmeer foar de bondel Wurden en wyskes fan De Reade Raffels en foar de Mearkes fan Grimm; foar útjouwerij Frysk en Frij foar it samle wurk fan Jan Wybenga. Fierder hat it FLMD stipe jûn oan it projekt Ekspedysje Laaksum fan Tresoar.

Finansjeel ferslach 2017

Finansjeel ferslach 2016

Finansjeel ferslach 2015

Finansjeel ferslach 2012-2013-2014