Beliedsplan

Beliedsplan
It bestjoer fan de Stifting FLMD komt trije kears jiers by elkoar, yn ’e regel yn febrewaris, maaie/juny en oktober, of as de aktualiteit dat freget, faker. Taken: it jaan fan stipe oan Frysk-literêre útjeften en aktiviteiten en it jaan fan frege en net-frege advys oan it bestjoer fan Tresoar; de foarsitter makket ek diel út fan it bestjoer fan Tresoar. De Stifting FLMD kent periodyk de D.A. Tammingapriis ta foar debuten, om bar foar proaza en poëzy en beneamt dêrta in ûnôfhinklike sjuery fan trije (sjoch ûnder D.A. Tammingapriis). Om ’e twa jier wurket de Stifting FLMD gear mei de gemeente Smellingerlân, dy’t de Rink van der Veldepriis útskriuwt, ornearre foar Frysk proaza. De Stifting FLMD stelt it jild foar de priis beskikber (sjoch ûnder Rink van der Veldepriis). Sûnt 2018 hat de gemeente Ljouwert as bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns de Stifting FLMD opdroegen jierliks de Rely Jorritsmapriisfraach út te skriuwen en noed te stean foar de útrikking (sjoch ûnder Rely Jorritsmapriis).
It RJ-fûns is gjin ANBI-stifting. 

NB: It bestjoer fan de Stifting FLMD bestiet út sân persoanen. De bestjoersleden krije gjin beleanning foar har wurk. Se hawwe wol rjocht op fergoeding fan de troch harren yn funksje makke kosten.


Beleidsplan
Het bestuur van de Stichting FLMD vergadert drie keer per jaar, gewoonlijk in februari, mei/juni en oktober, of als de actualiteit dan vereist, vaker. Taken: het subsidiëren van Fries-literaire uitgaven en activiteiten en het gevraagd en ongevraagd adviseren van het bestuur van Tresoar; de voorzitter maakt deel uit van het bestuur van Tresoar. De Stichting FLMD kent periodiek de D.A. Tammingapriis voor debuten toe, afwisselend voor proza en poëzie en benoemt daartoe een onafhankelijke jury van drie personen (zie onder D.A. Tammingapriis). Eens in de twee jaar werkt de Stichting FLMD samen met de gemeente Smallingerland, die de Rink van der Veldepriis voor Fries proza uitschrijft. De Stichting FLMD stelt het geld voor de prijs beschikbaar (zie onder Rink van der Veldepriis). Sinds 2018 heeft de gemeente Leeuwarden als bestuur van het Rely Jorritsmafonds de Stichting FLMD opgedragen jaarlijks de Rely Jorritsmapriisfraach uit te schrijven en te zorgen voor de uitreiking (zie onder Rely Jorritsmapriis).
Het RJ-fonds is geen ANBI-stichting.

NB: Het bestuur van de Stichting FLMD bestaat uit zeven personen. De bestuursleden ontvangen geen beloning voor haar werk. Ze hebben wel recht op vergoeding van de door hen in functie gemaakte kosten.