Beliedsplan

BELIED STIFTING FRYSK LETTERKUNDICH MUSEUM EN DOKUMINTAASJESINTRUM (FLMD)

Eftergrûn

De Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), oprjochte op 10 septimber 1959, stie oant 2002 noed foar in selsstannich museum. Yn 2002 binne de taken en de wurknimmers fan it eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum oergien (krekt as  de  taken en meiwurkers fan de Provinsjale en Bumabiblioteek fan Fryslân en dy fan it Ryksargyf yn Fryslân) nei Tresoar, in iepenbier lichem op basis fan de Wet Mienskiplike Regeling tusken stifting FLMD, provinsje Fryslân en it Ryk. De stifting FLMD is mei ien bestjoerslid fertsjintwurdige yn it bestjoer fan Tresoar.  

De fûnsen fan it FLMD binne ta stân kommen (1) troch partikulieren dy’t jild skonken hawwe oan de Stifting Ta Stipe fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn de tiid dat dat Museum in selsstannige fêstiging hie oan de Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert (1969-2003) en (2) troch  it Tamminga-Piebengafûns, dat bestiet út in legaat oan de Stifting FLMD fan de eardere earefoarsitter fan de stifting FLMD, Douwe Annes Tamminga (1909-2002), dy’t troud west hat mei Sjouk(je) Piebenga (1913-1988). Ut en troch krijt de hjoeddeistige stifting ek legaten fan partikulieren.

Bestjoer

It bestjoer fan de Stifting FLMD komt trije kears jiers by elkoar, yn ’e regel yn febrewaris, maaie/juny en oktober, of as de aktualiteit dat freget, faker. Taken: it jaan fan stipe oan Frysk-literêre útjeften en aktiviteiten, it jaan fan frege en net-frege advys oan it bestjoer fan Tresoar en it organisearjen fan de D. A. Tammingapriis, de Rink van der Veldepriis, de Diet Huberpriis en it beskikber stellen fan de skriuwersarke fan Rink van der Velde. Fierders bestiet der in ferbining tusken it bestjoer fan it FLMD en it bestjoer fan de Stifting Rely Jorritsmafûns, dat sûnt 2022 (wer) los makke is fan de gemeente Ljouwert en no in selsstannige stifting wurden is: twa leden fan it FLMD-bestjoer hawwe ek in sit yn it bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns.

It bestjoer fan de Stifting FLMD bestiet út op syn meast sân persoanen. De bestjoersleden krije gjin beleanning foar har wurk. Se hawwe wol rjocht op fergoeding fan de troch harren yn funksje makke kosten.

Fisy

De Fryske literatuer is in tige wichtich aspekt fan de Fryske kultuer en fertsjinnet it om stipe en befoardere te wurden. 

Missy

It FLMD beheart fûnsen en kin dêrmei projekten stypje dy’t fan wearde binne foar de Fryske literatuer (Fryske dialekten en streektalen ynbegrepen). Foarrang wurd jûn oan boekútjeften.

Belied

By it stypjen fan projekten jout it FLMD foarrang oan útjeften fan oarspronklik Frysk literêr wurk (proaza, poëzy, jeugdliteratuer, toaniel, kollums, biografyen en [literêre] oantinkens).

Foar in projekt is – ôfhinklik fan de útfiering en de bydragen fan oare stipers – maksimaal € 2000 beskikber. It finânsjele plafond is jierliks € 20.000.

Ofhinklik fan de beskikbere finansjele middels fan it FLMD komme ek foar stipe yn oanmerking:

  • Oersettingen: nei it Frysk, út it Frysk + omstaveringen fan âld wurk
  • Foarstellingen makke nei oanlieding fan Frysk literêr wurk
  • Karlêzingen fan Frysk literêr wurk
  • Dokumintêres oer Fryske literatuer
  • Podcasts oer Fryske literatuer
  • Digitale projekten oer Fryske literatuer
  • Edukative projekten oer Fryske literatuer
  • Projekten ta befoardering fan de Fryske literatuer
  • Priisfragen

Ofhinklik fan de útfiering en de bydragen fan oare stipers is foar dit ûnderdiel maksimaal € 1000,- beskikber.

Kritearia foar stipe binne altyd:

  • De (ferwachte) literêre kwaliteit fan in projekt foar it Frysk
  • De (ferwachte) bliuwende wearde fan in projekt foar it Frysk
  • Betrouberens fan de útfierders
  • Kwaliteit en ûnderbouwing fan de oanfraach
  • Bydragen fan oare fûnsen binne ferplichte

Prizen

D. A. Tammingapriis

De Stifting FLMD hat yn 2013 it inisjatyf nommen ta in nije debútpriis foar Frysk literêr wurk, de D. A. Tammingapriis. De priis wurdt yn begjinsel alle jierren yn ’e maitiid takend, om bar foar proaza en poëzy. De debuten moatte ferskynd wêze yn de twa foarôfgeande jierren. It bestjoer hâldt him it rjocht foar om de priis yn in bepaald jier net út te rikken as it tal debuten te lyts is om útrikking te rjochtfeardigjen. Dy debuten ‘ferhúzje’ dan automatysk mei nei de folgjende perioade. It bestjoer fan de stifting FLMD beneamt in ûnôfhinklike sjuery fan trije leden. Oan de priis is in jildbedrach ferbûn fan €3000,-. It wurdt betelle út de opbringsten fan it Tamminga-Piebengafûns, dat yn behear is by it bestjoer fan de Stifting FLMD.

De Stifting FLMD hat de priis ynsteld om yn it ferlet te foarsjen dat ûntstien is troch it weifallen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis foar debuten.

Rink van der Veldepriis

De Rink van der Veldepriis is in twajierlikse priis foar oarspronklik Frysk proaza, dy’t yn 2004 ynsteld is troch de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân. Yn 2017 is de Friese Pers Boekerij, dy’t goed sei foar it prizejild (€2000), fallyt gien. De gemeente Smellingerlân – dy’t bydraacht mei in byld fan Anne Woudwijk – hat de Stifting FLMD reefûn en nim de ferantwurdlikheid fan de FPB oer. De útrikking dy’t oant en mei 2016 altyd op of om de stjerdei fan Rink van der Velde hâlden waard (17 febrewaris), wurdt tenei hâlden op of om syn bertedei hinne (18 juny), net langer yn it gemeentehûs te Drachten mar yn de Skriuwersarke op De Feanhoop. De arke, foarhinne eigendom fan Van der Velde, is no yn it besit fan it Fryske Gea en wurdt alle simmers foar trije perioaden fan seis wike ôfhierd troch de Stifting FLMD (sjoch by Skriuwersarke).

Fanwege de nije opset is it reglemint oanpast en nei goedkarring troch it bestjoer fan de Stifting FLMD fêststeld troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân.

Diet Huberpriis

Sûnt 2022 bestiet de Diet Huberpriis. De Stifting FLMD hat yn 2022 in anonime skinking krigen mei it doel dat jild te ornearjen foar in priis foar it bêst yllustrearre berne- of jongereinboek. De priis hat de namme krigen fan Diet Huber (1924-2008), in berneboekeskriuwster en yllustratrise, dy’t ûnder oare bekend wurden is fan it faak werprinte Tutte mei de linten. De priis, besteande út in bedrach fan

€ 2000 en in oarkonde, wurdt ienris yn de trije jier takend. Stifting FLMD beneamt dêrta in  ûnôfhinklike sjuery fan trije persoanen.

Skriuwersarke

Alle jierren wurdt yn de simmer troch de Stifting FLMD, It Fryske Gea en Tresoar de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) trije kear in perioade fan maksimaal seis wiken beskikber steld foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei letterkundich wurk yn it Frysk of in oare streektaal fan Fryslân. De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop. As minsken har ynskriuwe wolle foar in koarter tiidrek (minimaal twa wiken) kin dat ek, mar dan sil dat neier bepraat wurde moatte. It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om oan har oeuvre te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting FLMD, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.

(Fêststeld yn de bestjoersgearkomste fan 15 maaie 2024)